Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

27 02 14

 

De minsken fine….. Ja, soks sizze wy faak. Ja jong, mar do tinkst miskien oars mar de minsken fine no ienris…………… Mar wit we wol wat de minsken fine. Nee, dêr ha we gjin idé fan. Safolle minsken sjogge dat tillefyzjeprogramma. En fan dy minsken fynt 13 persint it ek noch moai. Hoe wit jim dat? Safolle minsken bin no fan doel net mear op de PvdA te stimmen. Hoe witte jim dat?  We ha 16 miljoen ynwenners, hoe soenen jim dan no witte hoefolle fan dy lju justerjûn nei it fuotbaljen sjoen ha en hoefolle minsken earder wol en no net op Samsom stimd ha. Of neam mar in dwerstrjitte. Dêrom ha we hjir yn Fryslân sûnt ferline jier in burgerpanel. In tsjokke tûzend lju, 1204 stiene der juster op harren list. Dy krije in kear as seis per jier in enkêteformulier tastjoerd, dat ful je yn en dan komme se mei in fantastysk enkêterisseltaat. Ik moat efkes wat útlizze. Dy 1204 sitte dik boppe de saneamde N. It N getal is folle leger, dat is it getal fan hoefolle minsken at je freegje moatte yn in enkête om in ferantwurde miening del te lizzen. Dus doe’t juster de earste risseltaten fan de earste burgerpanelenkête der wiene, wie elk nijsgjirrich. En it wie o sa moai. Want de 1204 minsken joegen in 8 oan it feiligheidsbelied yn de provinsje Fryslân. Want jim begripe it, elk hat syn burgerpanel, wy ha us eigen Fryske. In 8. De bestjoerders, boargemasters, plysjes en oaren se krigen der hast wip fan yn de angel. In 8. Sjonge jonge, wat ha wy in yngreven feiligheidsbelied. No ja, dát is miskien ek net sa, mar wy erfare dus de feiligens dy’t der yn Fryslân is as bêst goed. Mar lokkich bin der yn dat ramt folle mear fragen steld en dan blykt dat we hjir nettsjinsteande dy 8 dochs noch mear blau op strjitte ha wolle. En o, it burgerpanel hat ek wol lêzen dat it yn Ljouwert o sa ûnfeilich is. Benammen de Weaze ha se lêzen, dêr is it sels útsonderlik ûnfeilich. Dêr kin je sa mar oanpakt wurde troch wit wat foar tsjustere en  ûnsuvere figuren. Mar dy 1204 minsken komme fansels noait op de Weaze. Net allegear alteast.  Dus dat ha se lêzen yn de Ljouwerter Krante. Dus de Ljouwerter Krante jout de minsken in ûnfeilich gefoel. En at je alles neigeane, is dat miskien ek wol sa. Sju at der eartiids yn sis mar Bakhuzen en de Westerein, yn Haulerwyk en yn Tsjom houwerij yn de kroech wie, dan wisten we dat net, at we dêr net wennen. De plysje regele en bedobbe soks. Tsjintwurdich stiet it al wiidweidich yn de krante at in fuotballer per ûngelok in tillefyzjelampe omskopt. Ik bedoel mar, alle net wichtige nijs, der meitsje we ús wichtigste nijs fan. En dat wurdt fansels noch slimmer mei dy twitter en facebookboel: ooh ik ha in ûngelok sjen, of ús Jelle hat in slach foar de harsus krigen, en efkes letter witte mear minsken as dy’t de Ljouwerter Krante lêze it allegear al. It is itselde as juster barde mei in oar ûndersyk, wêr’t dan úteinlik útkaam dat in ekonomyske krisis feroarsaket dat je njoggen moanne earder dea geane. Dus Rutte en Samsom losse de boel net gau genôch op en soargje derfoar dat myn  libben njoggen  moanne koarter wurdt. Pas folle letter yn it ûndersyk lês je dat it miskien wol net foar elkenien jild. Mar dat minsken safolle lêst ha kinne fan de ekonomyske krisis dat se sels moard plege en dan meitsje je der sa moai in gemiddelde fan. Mar lûk je dan dy selsmoarden dy’t der oars ek west hiene der dan wer ôf, ja dat no wer net. En dêrom krije wy inkel it ienrigelige rigeltsje yn byld fan dat wy 9 moanne minder lang te libjen ha tanksij Rutte en Samsom. No ja, it hâldt in soad minsken fan de strjitte en at je fragen beanderje moatte sit je teminsten net foar de tillefyzje dy’t foarlêst wat de minsken fine yn enkêtes. Ik bin no al benijd nei it folgjende projekt fan it Fryske burgerpanel. Dy giet oer it lânskip. Fêst wer in 8, mar…..      

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s