Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

28 02 14

 

Aanst riidt ik efkes troch it Fyfkesryk. Ja, nee Blauhus bestiet efkes net. Fyfkesryk. Letter ha’k ek noch wat te dwaan yn Drabbelterp. Drabbelterp, wit jim dochs wol. Snits. Der bin de Oeletoeters it kommend wykein baas. Oeletoeters. Ja, allegear fan dy frjemd oanklaaide lju, swarte sjaketten, idioate petten. We ha hjir yntusken de wereld fan dy lju yn Fryslân, want o wat is it besmettelik. Wy ha de Bûterbieten, de Olde Bereleut, Turftrapers, de Kleiduikers, Droogpieren, Leut d’elven, de Oostvaarders en  Schuimsmarcheerders. No ja, brek my de bek net iepen. Karnaval. Yn Fryslân. Sil ik jim ris wat oer karnaval fertelle, der stean de measte Oeletoeters noch wol raar fan te sjen. Dêr begjinne se hjoed al, mar karnaval moat fierd wurde fan snein oant en mei tiisdei. Nee, dat doch we gesellich yn it wykein, want dan kin elkenien. Mar jongens it is in kristlik, roomsk feest. En it is inkel de bedoeling om alles op te fretten wat je yn hûs ha. Want tiisdei is it Vastenavond. En woansdei Aswoensdag. Dan moat je 40 dagen op de hongerpôlle, oant de Peaske. At je dat dwaan soene, kin je karnaval fiere, want dat fretten is sa linkendewei wat fleuriger wurden, en de pastoars fûnen dat ek wol bêst, dy frieten en sopen mei.  Mar dat dogge we net. O heden nee, we seure op de mohammedaanske fuotballers at dy wer sa nedich oerdei gjin iten ha meie, dat idioate leauwe, dy jonge moat op krêften bliuwe want dy moat snein dy bal der wol noch ramadamme  kinne. Mar dy jonge ramadamt wol, en wy, wy kin sa roomsk as de pest wêze, vastenavond wie der inkel yn de tiid dat der net safolle Albert Heijns op de wrâld wiene. It frjemde is ek dat je heare tidens karnaval it lêste guod op te kôgjen, mar dat dogge we net. Sterker we ite amper, nee we sûpe. Ek gjin oare rommel, bier. Fan hjoed oant en mei snein, guon folhâlders rêdde al sûpend moandei op. En ja fansels, we dogge goede dingen yn sa’n wykein, we gean by de bejaarden lâns, dy’t fol ûntsetting troch sa’n dweilorkest efter de rollator weispile wurde. En we nimme de jeugd mei yn it feestfieren. Dan krijt de karnavalsklub ek wer nij guod der by op den duer. En we organiseare allegear feestlik  gedoch, en dêr kin elk komme. We bin hjir yn Fryslân net sa graach ferklaaid. Dus dat wurdt net safolle dien, mar foar de rest, hale. Dêr bin we wol goed yn. Bier. It hiele wykein trillet de radio yn de doarpen dy’t net sa roomsk of ynitiatyfryk binne mei lûde karnavalsmusyk, mar dat moat de kalvinisten mar oer har hinne gean litte. Ja, wannear moat je krystferskes sjonge, no mei de kryst. Karnafalsferskes sjonge, moat mei karnaval, oare tiden hoech je dat net te draaien. Karnaval betsjut afscheid van het vlees. Letterlik, mar it is eins ek de bedoeling dat je dy fjirtich dagen net oan it kopulearjen, veilen slagje. Dat is foarbehâlden yn dy tiid oan de ljippen en de skriezen. Feesten ûntstean altyd op de meast frjemde wizen, want der wurdt ek wol sein dat karnaval in heidsensk feest is. It saneamde omkearingsfeest, dan mei der ynienen wat mear, dêrnei is it wer oer. No dat kloppet wol, want de ministers ha de kroechhâlders dizze trije dagen net ferplichte om elk bern te freegjen hoe âld at se wol binne en at se bûten de sûpkeet wol bier ha meie. Mei karnaval is elkenien senior. Sûpe. Omkearing. Mar de heidenske en ek geastlike rituelen bin al lang ferdwûn. Optocht, flachjes, feest, sûpe. Krekt, jim ha’t. It bin gewoan doarpsfeesten. En dat makket Fryslân dan wer ûngewoan yn dizze tiid, en jim sykje sels mar út of dat goed of min is. Yn it suden sparje se yn kastjes yn de kroech foar dit karnavalsfeest. En dan is it ek foar in hiel jier wer dien. Wy yn Fryslân fiere doarpsfeest én karnaval, alles dûbeld. En omt de roomske en  heidenske tradysjonele wearden al lang ôfsward binne, fiere we dus inkel twa kear yn it jier in doarspfeest. Der bin kroechen dy’t oan dy twa feesten genôch ha om bestean te bliuwen. Tsjoch.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s