Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

07 03 14

 

Yn de Buorren yn Himmelum waard yn 1889 in stikje tún fan Arent Gosses Visser kocht troch de gerefermearde tsjerke. It wie wol wat singelier, want Arent Gosse Visser wie diaken fan dy tsjerke. Watte de eerste diaken, de wichtigste. En  likegoed krige hy 150 gûne foar dat stikje grûn, yn dy tiid in mânsk bedrach. No wie’t ek net in lyts stikje, der kaam in tsjerkje op te stean. Sterker, in nij tsjerkje, want it folge de doleânsje dy’t yn 1886 ûnder dûmny Abraham Kuyper ûntstien wie.   It wie kaam ta in skuorring yn de herfoarme tsjerke, en de Kuyperianen en dus ek de Arend Gosses Visser giene tenei nei de Nederduits Gereformeerde Kerk. Yn Himmelum stie dus sa’n  doleânsje tsjerkje. Mar krekt as mei sa folle tsjerken, en ek omt der eins safolle, te folle tsjerken binne en wiene, kamen se ek wer leech te stean. It tsjerkje yn Himmelum waard  yn 1999 ferkocht oan Onufry en Jewsewy. No ja, dy giene en gean noch as vader Onufry en vader Jewsewy troch it libben. Ik wit net at de Himmelumers ek heit fan dat vader makke ha, mar dat ha Onufry en Jewsewy earst net ferstien. Se makken der nammentlik in Russysk orthodokse tsjerke fan. Fan bûten, mei in koepeltsje op it eardere doleânsjetsjerkje. En binnen in ûntfangstromte foar pelgrims, yn’e midden it tsjerke part en oant de efterkant yn de eardere konsistooarje der kin de mûntsen no sliepe. De beide vaders bin nammentlik priestermonnik fan dizze noardelike Russysk orthodokse tsjerke. En se makken fan it eardere doleânsje tsjerkje in kleaster. In  kleasterke eins. It is wijd oan Nicolaas fan Myra. Dy’t blykber ek yn de Russysk otterdokse religie in rol hie. Mar wol moai, want dêrmei hâlden de Russysk otterdoksen de skiednis fan Himmelum yn eare. Want earder yn de tiid, yn de midsieuen, krige Himmelum fan de Benediktijners út Starum in kleaster en dat wie ek tagedien oan Nicolaas. Der is letter op dat plak dan ek de Nicolaastsjerke boud. No ja, en Nicoaas fan Myhra dat wie Sinterklaas. No dan is it ferhaal wer rûn. Mar in Russysk otterdoks kleaster en in Russysk otterdoks tsjerkje yn Fryslân, yn Himmelum. It wol je fuort net oan en ik wedzje dat de measte lju dat ek net witte. Mar it skynt dat in soad Russykse froulju mei Fryske manlju troud binne. En letter bin der ek noch ferskate lju oerkaam nei Fryslân fanút de lannen om Ruslân hinne wei. Of út Ruslân sels. Der is no sels ek yn Ljouwert en Kollumerpomp de mooglikheid om de Russyske otterdokse tsjinsten by te wenjen. Wisten we net. In stil leauwe. Ik ha ris yn Moskou west en bin doe ek noch yn de Christus Verlosserkerk yn Moskou west, de haadtsjerke fan it Russysk otterdokse leauwe. In geweldich ryk gebou, suver wol sa moai as de St Pieter yn Rome. Sizze se, want dêr ha’k noch nea west. Mar wy moat dus yn Himmelum wêze. Eins moarnier om tsien oere. De tsjinst sil yn it teken stean fan de sitewaasje yn Oekraïne. Dêrby sille in soad Russyske en Oekraïnse gesinnen wêze. Wol moai, der stiet by dat se nei sa’n tsjinst meast efkes kofjedrinke en dat soks no ek wol barre sil. Ja, want der moat no net allinne bidden mar ek efkes praat wurde. Eins bin ik wol hiel benijd hoe’t soks giet. Hoe’t Oerkraïnse gesinnen hjirre ynsitte oar har famylje leden. Want wy roppe wol dat it need giet, mar sy ha der ek noch gefoelens by. En hoe praat je dan mei Russyske gesinnen. Dy’t dan op har bar ek wer ynsitte oer harren famylje, dy’t miskien wol wer yn in Oekraïns gebied wenje. En praat je dan yn it bûtenlân as gewoane minsken mei elkoar.  Mar it slimste is, dat der nimmen yn de wrâld wit hoe’t it dêr no moatte soe. Unmacht, pure ûnmacht. Der ûntstiet in skiedslijn, nimmen is dêroer bliid of tefreden mei. Mar sjoch moarn mar yn it kleasterke yn Himmelum, de skiedslijn bestiet dêr net. Elk wol dat it oplost wurdt. 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s