Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

12 03 14

 

Nije wike bin de gemeenteriedsferkiezings. It skynt, dat bin de foarsizzings teminsten, dat de lokale partijen winne sille. Dan soe it dus hiel logysk wêze dat se dat dan wer net dogge, want wannear doge de foarsizzingen yn dit lân no. No ja optheden mei it waar mar dat skynt ek net sa muoilik te wêzen begryp ik. Mar it wurdt no wol tiid dat we efkes nei dy lokale partijen sjogge, hjir en dêr ris. Fannewike fertelde ik jim al dat de FNP fynt dat se ek tige lokaal binne, mar dat kin se wol hoopje, mar it is fansels net sa. Je ha lannelike partijen, je ha lokale partijen en dan ha je noch ien provinsiale partij, en dat is de FNP. Dy ha dus gjin konkurrinsje, mar ek gjin wedstriid. Op de eilannen bin allinnich mar lokale partijen. Ja soms neame se har wol VVD of sa, mar se witte dêr echt net wat dy partij lannelik wol, mar dat ynteresseart harren ek net. Gewoan  op minsken stimme en dy regelje it dan wol. Hat mei de grutte en de aard fan de gemeente te krijen. Foar it oare is dat op minsken stimmen fansels earne oars ek wol it gefal. Fryslân hat ommers fan âldsher altyd wol pleatselike politisi yn in doarp, dy’t dan eins mear foar dat doarp yn de ried sitte as foar in partij. En dan makket it de doarpslju ek net út wêr’t hy of sy yn sit. En je sjogge ek dat lju dy’t in lokale partij folhâlde dus net nei ien swimbad of sa wat der dan kaam is wer ophâlde. Sokken as Reitze Ketellapper en Willem Roersma fan Gemeentebelangen Ljouwerteradiel en Menameradiel binne al tweintich jier net brutsen, wurde se no ek net. Opsterlâns Belang bliuwt echt de grutste partij dêrre, ek al komt der dan wat nijs lokaal. Ja der is OpsterLanders, dat bin sosiale lju mar dochs krekt wer oars, mar se ha wol in listferbining mei de PvdA. En je ha dêr list 9, Betrokken, Anders en Samen. En dêr stiet âld wethâlder Klaas de Boer earste op  de list, want sju, elk dy’t der by syn partij útdondere wurdt begjint foar himsels. Klaas de Boer wurdt nea anders. Súdwest Fryslân hat trije lokale partijen. Gewoan Gemeentebelangen (o wat in moai affiche, sa’n fûst earne trochhinne, wurk fan de tritiger jierren)   al bin ik bang dat Peter Walinga harren nije listoanfierder wol wat minsken yn’e betizing bringt. Totaal Lokaal is der noch, mar dy Semplonius kin oeren lulle sûnder wat te sizzen. Mar der sitte ek dy oare linkse jonges noch wer  yn dy’t nearne plak krije kinne, lykas Ad van der Kolk, dy hat al yn trije partijen sitten. En de Partij va de Bijstand, ien iensume Spruit, mei in hoed op de holle en der stiet mei grutte letters 350 euro op. Dat moat de bijstâns lju ha. Mear hat hy ek net yn  hûs. Sa bin der dus oeral fan dy frjemde gasten. Dongeradiel. Artikel 50. In saneamd eurosceptische partij. Yn artikel 50 fan it ferdrach fan Lissabon stiet dat in lân de frijheid hat om him wer werom te lûken út Europa. Dus at je yn Dongeradiel wenje en jo stimme op dy partij dan gean wy út Europa, it ienige foar it oare wat Wilders noch wol. In echtpear stiet op plak 4 en 5, soks makket my altyd tige erchtinkend. Se ha dêr trouwens fole mear wille. Dongeradeel Sociaal. Jan Douwe de Vries en Klaas van der Galien, earst CDA-er, sitte no yn de ried as De Vries/van der Galien fraksje. In kristlik duorsum en sosiaal lûd sizze se. It is fansels gewoan Grien Links, mar omt je der dan kristlik bysette, dogge miskien wat fan de CDA minsken oan mei. Algemeen Belang is der dan ek, frij konsistent. Twa sitten ha se no al. Mar Harns Wad’n partij, dat wie Frisse Wind, dy bin noch mar inkel tsjin de ôffaloune. Harlinger Belang is der dan noch, Jappie Saakstra. Ek Johan Erents hat dêr wer in partij, syn safolste. OPA. Ouderen Politiek Aktief. Ach at je dan sjogge dat sels de âlderen de partijen ferlitte en foar harsels geane, dan wit je dat de hiele gemeentepolitiek in ûntrochsichtich te breed gedoch is. Mar dat mei’k net lûdop sizze, dan gean jim hielendal net mear te stimmen.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s