Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

14 03 14

Woansdei gemeenteriedsferkiezings. Dus sette allerhande, watte sette alle partijen dit wykein noch efkes sok. Je moat je no sjen litte, je moat by de minsken op skoat sitte, je moatte yn kleurige reade, griene, blaue of griene jaskes it folk kontslikje troch harren hieltyd gelyk te jaan. De minsken ha gelyk, hoe dwers at se ek binne. Dan stimme se op de politisi, en dêrnei ha de politisi wer fjouwer jier gelyk. En kin se dy domme jaskes wer fjouwer jier yn de kast hingje. Net inkel it wykein, jo wurde hjoed ek al oansprutsen. Ik nim der ien klub efkes út. Weststellingwerf Natuurlijk. Weststellingwerf Natuurlijk is net samar wat, is net in oprisping of sa. De partij is al ûntstien doe’t der in kolleezje komme moast yn 2010. Sippe Bron wie fraksjefoarsitter fan it CDA, siet al trije perioades yn de ried fan Weststellingwerf. Mar it CDA lei wakker dwers yn de ûnderhannelingen en ynienen sei Bron, jonges ik hâld der mei op. Of nee dat sei er net, hy sei ik hâld op mei it CDA. Hy bleau yn de ried sitten. Partij Bron. Dan soene je sizze, dat hat er noch fjouwer jier folhâlden, hulde, se hienen him ek keazen. Mar no hâldt er wol op. Nee, Bron giet foar noch fjouwer jier troch yn Weststellingwerf Natuurlijk. Want yn 2013 krige in oar riedslid, Jacob de Wolff spul mei Mulder, de oare man fan Weststellingwerfs Belang. At je spul krije, dan gean je út elkoar. De Wolff, dy’t sûnt 2005 yn de ried siet, bleau sitten. No soenen je sizze, 2005, spul, fersplintere ried, jo hâlde op. Nee, Jacob de Wolff giet tegearre mei Sippe Bron fierder yn Weststellingwerf Natuurlijk. En hjoed kin jo yngreven kennis meitsje mei dizze mannen dy’t har hele libben eins al yn de ried sitte en wêr’t je dus eins net mear kennis mei hoege te meitsjen, wie it net dat se no oan in nij kerwei begjinne: Weststellingwerf Natuurlijk. At jim kennis meitsje wolle dan moat jim fytse. Twa oere fannemiddei by de Oldetrynsterbrêge wei. No is it moaiste wat fan it waar ôf, mar dochs mar efkes hinne want it is dêr o sa moai, de Lindevallei, de Rottige Meente. Earst nei mûne de Rietvink, dan fan de vink nei de nimf, it edukaasjesintrum Rietnimf by Muntsjebuorren. No en dan, want sa bin dy mannen dan wol wer, nei de kroech yn Spangea, foar it saneamde parsemomint. Ik bin beel bang dat de Stellingwerver der as ienige sit. At dy der al sit, want it is wat âlde kost wêr’t it allegear om giet. De Rottige Meente moat by nasjonaal park de Weerribben, mar ja da’s in oare provinsje. Fierder wat oer de toeristyske sektor. En hoe komt it mei de fytspaden yn de Lindevallei, want de gemeente  hat gjin sinten mear om dêrfoar te soargjen. Eins moat we wer ruilferkavelings ha, mar ja ruilferkavelings yn de Lindevallei. No ja, se wolle ek noch efkes seure oer de ynklinkende feanweideproblematyk, mar ik ha yn alle oare gemeenten begrepen dat wetterskip en provinsje derfoar mar soargje moatte, dus dêr komme we ek net oan.  En Natura 2000 is in lannelik ferhaal, dan stean alle gemeentlike lju ek mei de earms breed yn de natoer te oreren. Bliuwt ien ding oer wer’t de gemeente as gemeente wol wat oan dwaan kin, it ûnderhâld fan bermen en sleatten. Dus at je op Weststellingwerf Natuurlijk stimme, dan wurde de sleaten en bermen better ûnderhâlden as no. Moai. En dochs sit ik wat mei harren konvokaasje yn de mage. Aardich sa’n fytserijke en efkes yn de kroech sitte, mar se ha trije lju útnoege. Boargemaster Gerard van Klaveren. No ja dy hat it wol oan tiid en fyts efkes mei, mar it is in VVD-er dus dy hat gjin each foar de Lindevallei, en de boargemaster kin him dochs net ôfjaan mei ien lyts partijke yn syn gemeente. Hy moat dochs objektyf wêze. En fierder komme deputearre Jehannes Kramer. En ek wurdt oankundige Ultsje Hosper. Ja dy wie eartiids fan it Fryske Gea, mar is no foarsitter fan de FNP. Wat moatte dy dêrre. O mar Kram er is ek fan de FNP. Oooh ja, Weststellingwerf Natuurlijk is fansels de FNP yn Weststellingwerf. Oooh.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s