Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

24 03 14

 

Jûn presinteart de noardelike rekkenkeamer it rapport Decentralisatie natuurgebieden, Noordelijke provincies aan zet. At je efkes net goed opletten ha dan sit je ferbjustere oan de tafel. Desintralisaasje natuergebieten. Dat soe betsjutte dat we sels wat te sizzen krije. Wy!! Hoewol, oer natuergebieten ha we al in soad te sizzen, want it Fryske Gea is fan dochs fan ús. Ja, mar se bin foaral fan harsels. En Staatsbosbehear is wol fan it Nederlânske ryk, mar dat wurdt net desintraliseart, dus dêr krij we net safolle oer te sizzen. Ek net oer Natuermonuminten. Wat is dan desintralisaasje natuergebieten. Dat giet om nije natuergebieten, dy’t je noch oankeapje moatte. Dat je dêrfoar tenei sels betelje. No, da’s toch moai. Dêrom moat krekt dy rekkenkeamer der ek oer teset. It giet om de sinten. Krekt as mei de desintralisaasje fan de soarch. Jim tinke dochs echt net dat Samsom en Rutte fine dat de gemeenten dat better kinne as it regear. Inkel, se ha der yn Den Haach wer minder jild foar oer. Desintralisaasje is dus in wurd foar Haagske besunigingen. No en dat is fansels by it natoerbelied ek sa. Al is it al krekt wer wat oars. Want eins is it wol te begripen dat it regear it natuerbelied desintraliseart. Se nammentlik in steatsiktaris yn de ploech hân, Henk Bleeker. En dy formulearde krekt as alle CDA-ers it natuerbelied fan Nederlân. Taktykje, tiid winne, elke nije man/frou makke nij belied. Dêr stie yn dat syn eigen pony’s sparre wurde moasten, mar dat it foar de rest mar op in sacht sin setten wurde moast. Dêr hat er safolle krityk op hân, dat hy smiet de rommel yn de prullebak. In iverich siktareske hat it dêr wer útfondele en doe hat se de fuortgoaide rommel wer nei de provinsjes stjoerd en derby set:”jim rêdde der fierder wol mei”. En doe blykte dat de provinsjebestjoeren har der net daliks as hongerige wolven op stoarten ha. Want it giet sa. It natuerbelied soe it lân sis mar 120.000 euro kostje. It is folle mear, mar oars snappe jim myn rekkensomke net. 120.000 euro, tolve provinsjes, dan soe no elk 10.000 krije. Nee, fanwege de kosten, de oerhead en it mar wy moat wol witte wat jim doggeen dat siktareske moat betelle wurde, krij jim no 8.000. Dêr moat jim jim dan mar mei rêdde, we sitte ommers ek noch yn de ekonomyske nederklits. Fryslân krijt no 4500 bunder minder ehs. EHS. O jim witte net mear wat ehs is. Ja no moat ik dat útlizze. Het plan voor de EHS komt uit de jaren negentig van de vorige eeuw. Ja ik kin der ek neat oan dwaan.  Door kerngebieden en natuurontwikkelingsggebieden aan te wijzen en die dan door verbindingszones aaneen te schakelen moet de teruggang van de biodiversiteit tot stilstand komen. Wy fleurige sjoernalisten, neamden it yn dy tiid paadsjes weroer de otters, en de strontmiggen fan de iene hoeke nei de oare komme koenen. Ecologische hoofdstructuur. Sa moai opset. De VVD  wie al lulk at se de letters foar har seagen, it CDA skreau yn alle partijprogramma’s skip de ehs, en de PvdA rûn mei spandoeken. EHS EHS. Se wiene der entosjaster oer as oer de sosiale demokrasy. Ik ha it CDA en VVD yn Fryslân noch net heard oer dat de EHS fan 19.000 nei 15.000 bunder sakke is. Dat soks o sa moai is. En ik ha de PvdA ek noch net heard dat dit in skop yn de ribbekast is. Temear der’t Sharon Dijksma de plannen no wer delsette moat, en it allegear Nationaal Netwerk Natuur neamt. Mar se desintraliseart it dus, dus Fryslân seit op eigen manneboet no ek de dingen.   Deputearre Jehannes Kramer hat ynienen in kwak jild klearlein en wriuwt himsels al yn de hannen. Terjochte, der kin hy mei skoare, de FNP-ers hâlde sa fan de natuer en no noch folle mear fan  desintralisaasje. It CDA lit him net hearre, der bin safolle boeren minder, dus lit mar wat fertuteazje  en de VVD hat ûntdutsen dat de E yn EHS net ekonomy betsjutte. De PvdA hâldt net fan desintralisaasje want der wurde al dy PvdA wethâlders gek fan as it om soarch giet. It wurdt in stille jûn.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s