Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

26 03 14

 

Stel jo ha in kroech. Of in hotel. Of dêr wat tuskenyn. En der komt op in gegeven stuit in hantsjefol mannen yn en dy sizze, we wolle hjir eins wat organiseare. Jo bin in gastheer, dus jo freegje wat der organiseard wurde moat. Dan sizze dy mannen, dat bepale wy wol, dêr ha jo neat mei te krijen. Da’s geheim. Mar jo krije der wol in kwak jild foar. Mar we moat no earst de boel efkes trochsjen want we moatte wis wêze dat it hjir kin. En dan komme jo yn soarte fan wat se tsjintwurdich in flow neame te lânne. Hûnderten fan dy ynteressante mannen komme del, dopke yn it ear, in V tekentsje op it revêr, griis pak, swarte skuon, keale holle, stevich postuur, se bin allegear berne yn de sportskoalle. Dan komme der úteinlik in hiele swik oare manlju en froulju, dy’t jo net goed kinne, mar it blykt wol dat se alle dagen yn de krante stean, dat se in lân liede, werby guon  dwaande binne de eigen befolking hiel drastysk wat te ferminderjen. Op alle winsken fan dat soarte lju moat jo opdrave. Jo fleane de hiele dei de treppen  op en del mei ammerkes cola, wêr t stiekem in hiele bulte beerenburg trochhinne griemd is. En jo kin it net oan in oar oerlilte, want je hienen allinne mar tsjinstige marrokanen yn tsjinst, mar dy V-mannen hearre by Wilders, want dy moat se sa no en dan ek werhâlde om nei it Flaamsk Blok ta. Boppedat moat jo hieltiid fertelle hoe moai at je it fine oan de parse dy’t op sjitôfstân bliuwe moat fan al dy hillige lju dy’t op besite binne. Dy ha in soad wille, net allegear ha se har eigen frou mei, en der is in aparte ûndertochgong nei it Ryksmuseum, en dêr ha se in kroech yn makke.  Dy lju gean sa no en dan ek fuort nei in soarte  fan petear, mar dat is gewoan dat goeroe Obama dêr wat ropt en dat se dan allegear knikke, en dan set Obama syn lûd op Queen sterkte en ropt less bombs en dan roppe se allegear minder minder, útsein Serge Lavrov, dy’t stjoert in selfie nei Poetin, dy’t dan tefreden op syn reade knop drukt. 

Stel jo ha in kroech. Of in soarte fan doarpshûs. Of der wat tuskenyn. En der komt ien by jo en dy seit soenen we hjir wat organiseare kinne. Dan sis je miskien wol, dat je tongersdeis de frouljusgroep foar swangerskipsûnderwiis ha, en moandeis sit se hjir te damjen. No ja seit dy oare, dan moat we mar op woansdeijûns, want freeds wurdt ek neat, dan sit elk yn in echte kroech. De man fan de kroech hoecht net mear te dwaan as de datum yn syn aginda te setten. Dat is de datum fan hjoed, 26 maart. Kofje stiet derby.  It is in heit en mem kafee yn Menaam. Der bin wol mear kafees yn Fryslân wêr’t sawol heiten as memmen komme kinne, mar noch nea hat der in heit en mem kafee bestien. En soks dan ek noch yn Menaam. Wat doch je yn in heit en mem kafee. No dêr gean je sitten. En je drinke kofje. Ik wit it wol, sa’n kroech moat him efkes feroarje. De  measte heiten dy ’t dêr soms komme nimme dan altyd in pilske, mar no dus inkel kofje. Fandêr  dat der kofje yn de aginda stie. Letterlik is heit en mem kafee de plek voor ouders om kennis te delen, vragen te stellen, maar gewoon om gezellig koffie te drinken en elkaar beter te leren kennen en gewoon te praten over dagelijkse dingen waar je als ouder tegenaan loopt, je leert van elkaars ervaringen als het gaat om de opvoeding van de kinderen. Ik stean perplex. It is noch nea bart dat minsken dêroer mei elkoar prate. Wat in geweldich idee, oer je eigen ûnfermogen as opfierder frijút yn de kroech reutelje. Dat is dochs geweldich, dat ha je noch nea oan de keukentafel dien mei jo man of mei in oare buorfrou. Hoe ist mooglik. Mei elkoar prate oer opfieding fan bern. Dat is folle gefaarliker as dat je meidogge oan in atoombom konferinsje.  

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s