Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

31 03 14

 

Jûn is in ekstra riedsgearkomste op Skylge oer de feartsjinsten. Eins hie dat al tsien jier lyn werom sa wêze moatten, mar goed, se bin no dochs safier. Europa hat neat klear krigen, Den Haach hat neat klearkrigen, de provinsje is noait iens begûn, it wetterskip bârnde him der ek net oan, rykswettersteat soe net wite hoe’t se begjinne moatte soenen, dus no leit de bal wer op de mage fan de gemeenteried fan Skylge. En it moaie is, sy kinne dy bal net oan immen werom jaan. Dat ha se nammentlik de ôfrûne tsien jier hieltyd dien. En elke kear kaam der wer in bryfke of in mailtsje: jonges we zien het niet meer zitten, jullie moeten het zelf maar regelen. De feartsjinsten. Want hoe’t je it ek wende en keare, se ha beide gelyk. Doeksen regelt al sûnt ieuwen sa liket it wol, al is it  mar sûnt 1923,  it ferfier fan rommel en minsken fan en nei it eilân. Eartiids mei wat âlde boaten, letter sels mei hypermoderne snelfarrende Koegelwieken. Eins wie der net safolle mis mei. No ja, Koegelwiek betsjutte gjin kofje, en de prizen wiene nochal hastich fêststeld. Mar Doeksen fear en de oerheid, ryk, provinsje en gemeente ha mar ien doel, minsken en guod moat fan hot nei her komme kinne. En at je dat útbesteegje kinne oan immen is dat moai. Je krije hjir op de wâl ek net krekt as yn Ingelân trije, fjouwer busbedriuwen dy’t elkoar deakonkurreare, ien mei it dwaan. No wit ik wol, dêr feroaret it wolris dat nei in pear jier wer in oaren it docht, foar krekt wat mear sinten en mei wat bettere bussen, of it bêste praatsje, mar der bliuwt altyd ien oer. Sa dat ek mei de feartsjinsten. Doeksen nei Skylge en Flylân, Wagenborgen nei Skier en Amelân. En de oerheid sliepte fleurich yn. De amtners moasten sa no en dan wer wat byskriuwe en krekt dat duorre somtiden wolris wat te lang. Krekt as de kear dat de EVT yn it gat dûkte. Doeksen hie net it allinnerjocht mear, soe dat wol wer krije, mar se wienen te let. En dus hat ek de EVT gelyk. By de bussen giet it fan de iene op de oare dei oer, de minsken merke der eins neat fan, faak bliuwt ek noch deselde sjauffeur op dy nije bus sitten. Mar hjir siet in gat. In EVT, nochal wat goedkeaper, mar se dienen net alles, lieten Flylân Flylân bygelyks. Wat de oerheid wettelik woe dat barde, dienen se net allegear. Eigen ferfier nei Skylge. Se moasten it publyk al efkes yngreven paaie, se dienen it earst mei kofje, mar dat wie net genôch, doe dienen se de priis sa foars del, dat elk massaal meifearfarre woe. Oarloch. De oerheden swalken fan it iene yn it oare, lisplakken ferbiede, rjochters hakten dat wer rjocht, tiiden op elkoar ôfstimme, mar Doeksen mocht earst kieze en soksoarte saken. It moaie is dat it de lêste moannen stil bleau. Hiel stil. Steatsiktaris Mansveld wie dwaande, in politika dy’t mar in hekel oan publisiteit hat. Hiel stil. Mar der waard luld om it leven, je wolle it net leauwe. En  op it lêst sei Doeksen tsjin de EVT, no dan keapje ik jim soai wol op at jim dan ophâlde mei fearfarren. Ja no dat wie de oplossing. Doe bleau der noch ien ding oer. Foar hoefolle. En doe neamde de EVT in bedrach, wêr’t se by Doeksen noch fan lizze te kokhalzjen. Ik ha gjin idé wêr’t se it oer ha, mar ik tink dat Doeksen wol 3 miljoen betelje woe, en dat EVT fyftich frege. Sa’n ferhâlding moat it west ha. In jankende Mansveld, en dus krige Skylge in bryfke, jim moat der sels mar mei rêdde. En no: Doeksen wol eins net mear nei Flylân en sa faak ek net mear nei Skylge. De EVT wol hielendal net nei Flylân en sels witte wannear at se nei Skylge gean. It publyk wat yn juny nei Oerol moat wachtet op de leechtse prizen. Bemanningen wurde ûntslein. Mar de ried fan Skylge hat de wettelike plicht goed ferfier te regeljen. Mar Skylge, toeristen en Schadd blaze harren yn de nekke. We krije jûn in hiel frjemd beslút. No ja net frjemd: gjin beslút.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s