Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

01 04 14

 

Fryslân hat fiif deputearen. Hans Konst hear je eins nea wat fan. Hy skynt wol goed wurk te dwaan. Ik sjoch him noch wolris troch in bedriuw rinnen, Mar it publyk wit net wat hy dêr moat of docht. Inkel dat stadige gedoch mei Thialf witte se wol. En dus komt hy inkel noch yn de krante of foar de radio om te sizzen dat it allegear wol goed komt, sûnder oan te jaan wat goed is. Hjoed is wer sa’n momint. Want wat de KNSB ek sizze sil oer Almere, Hans Konst komt yn byld, omt alle oaren sa ferstandich binne om earst ris te sjen wat der allegear bard. Dat wol Konst ek wol, mar dan sleurt de parse him foar de doar want se moat toch noch wol ien ha. No ja. Jannewietske de Vries is optheden ek frij ûnsichtber. It is ek ferrekte swier om deputearre fan finansiën te wêzen yn in rike provinsje as Fryslân. Hoe reitsje je dat jild kwyt, mar hoe soargje je der tagelyk foar dat je ek genôch oerhâlde. En se ferklaaid har sa no en dan stiekem ek efkes, want sûnt Isabel Diks net mear yn de Ljouwerter kultuur sit is sy de ienige  queen yn de kulturele haadstêd aanst. Jehannes Kramer is ek net yn byld. Hy sit te fergaderjen. Mei boeren, gewoane boeren, lytsskalige boeren, megaboeren, mei natuerminsken, mei natuerorganisaasjes, mei it ryk, mei jannewietske, mei de guozzekriten, mei skriezekriten, mei Steatsbos, mei LTO, mei Fryske Gea, mei fûgeltsjelju en mei grize sokke jonges. Hy wol sa graach in lânbou/natoerbelid opskriuwe, mar hy krijt al dy lju net op syn kant. Mar it is wol hiel gerêststellend, hy seit elke dei op twitter earst efkes moarn, en ferdwynt dan pas, dan wit we alle dagen dat hy der noch is. Fan Tineke Schokker is dertsjinoer net bekind at sa noch wol libbet. Eins soe se no dwaande wêze moatte om alle dagen gloedfolle redes te hâlden yn guon gemeenten. Watte, eins soe se de knyften slypje moatte om gemeentes te twingen te fusearen. En se moat yn Harns de needklok liede. Mar it skynt dat Tineke Schokker sa no en dan wol earne is, mar hielendal efteroan stiet, de fotojonges fan de Ljouwerter Krante ha har noch nea ûntdutsen.  Se skynt dan ek wolris immen oan de jas te lûken, mar dy docht dan de jas út, en dan nimt Tineke dat mei nei hûs om te himmeljen. Al dy deputearren ha in amtner ta har beskikking dy’t de publisiteit regelt, dy fan Tineke docht al trije jier neat, inkel dat falt op in provinsjehûs net op. Fryslân hat fiif deputearren. Mar eins fjouwer deputearren en Sietske Poepjes. Earlik sein, it wie ynearsten wol fris, wol rjochtút. Jo ha gelyk sei se tsjin elke sjoernalist, we sil der wat oan dwaan, febetterje. Mar nei in per jier bin’k dêr wol op útheard. Dat frisse lûd wurdt nammentlik ientoanich. Eins ha’k der wo sinne oan dat se de sjoernalisten ris ûngelyk jout. Want dy bejeuzelje guon goed rinnende saken sadanich dat it krekt liket of at it allegear neat is. En dan wurde se deryn ek noch stipe troch Sietske Poepjes, jo ha gelyk. Parse hoecht nammentlik gjin gelyk. Parse wol ek leaver diskusieare want dan binne sokke lju as deputearen folle dudliker. Sietske Poepjes makke publisiteit ta har wapen. It is wat in frjemd wapen foar in CDA-ster, CDA lju bin oer it algemien net sa iepen. Sietske wol. Op alle idioate opmerkings dy’t ik makke ha is se earnstich yngien. En op twitter kin we hieltyd lêze wat foar frjemde ytgewoanten at se hat, it guod wat se klearmakket hat noch nea yn Makkum te sjen west. Ach, it sil allegear wol. Inkel no is se te fier gien, fierstentefier yn it harsels presentearjen oan it publyk. Se hinget efter op bussen. Prizget wat oan ik wit net iens wat, dat lês je niet iens want se sit je oan te gnobjen. Deputearren as reklamediva’s op de efterkant fan bussen. Krekt as Piet Paulusma op de auto fan de omrop. Soks doch je net as deputearre. Jou dan dy oare fjouwer ûnsichtberen mar.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s