Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

02 04 14

 

At je wat âlder wurde dat sit je somtiden wat frjemd tusken de jonge lju, dy’t dwaande binne haren dikke búken te beneamen. We witte al wat it wurdt at in famke wurdt, mar foar in jongen ha we noch in pear mooglikheden. No, wy witte ek noch net at it in famke wurdt, wat we dan dwaan sille. Dubele ligerij. Je witte tsjintwurdich al betiid wat  je yn it liif ha, en at der in jonge sit hoech je gjin famkesnamme. Mar dat jonge of famke wol je stilhâlde. Krekt as de namme. It wêrom fan dat stilhâlden is my net dúdlik. Fertel it no mar gewoan. Je witte sels wol hoe’t allegear komt en je litte in oar yn it ûngewisse, da’s suver gemeen. Wylst it eartiids sa wie, dat je net wisten wat der útrûgelje soe, mar dat it wol wis wie dat de pakes en beppes ferneamd waarden. No ja it koe wêze dat guon rike net in frou hawwende omkes ferneamd wurde woene en jild delleinen. Soks barde dan gewoan. Yn 1880 siet Fryslân fol mei Jan, Pieter, Hindrik, Jehannes en Jabik. Dêr kamen ek Klaas, Gerrit, Willem, Anne en Douwe gau efteroan. Jim kin se noch wol, se ha oant de fyftiger jierren stân hâlden. No en by de froulju  wiene de nammen fan de kij fan de boer hiem, Tryntsje, Antsje, Grytsje, Aaltsje, Jantsje, gean sa  mar troch mei de tsjes. Al dat folk sil útstjêrre, hjoeddeiske âlders neame de bêrn net mear nei pake of beppe, ek net nei heit of mem, miskien dat der nochris in rike omke trochhinne rikket, mar dan krijt it jonkje as twadde namme dy fan omke en at omke dea giet en it jild is binnen, dan wurdt de earste gau wer brûkt. Mar wêr’t ik no sa lokkich mei bin, Fryske âlders bin lokkich sa dwers as in stuitlizzende baby. We ha allegear oare foarnammen as yn oare regio, de hiele list wurdt hjoed bekind. Nim no mar de namme dy’t lannelik as earste stiet, Tess, dy namme komt net op de earste tsien fan Fryslan, mar wurdt yn alle oare regio’s wol brûkt. Wy, Friezen, ha by de famkes Fenna boppe-oan stean, Fenna. Folge troch Femke. Want wy bin no dochs wol in  bytsje fan de kes, Femke, Lieke en Nynke. We bliuwe oan de kij tinken. Fenna is in Fryske namme, mar de wittenskipslju fechte elkoar dea om te fertellen wêr’t dy wei komt. It meast wierskynlik is hert. Hertsje eins. Ofkomstich fan it Keltyske fia. Mar as je in oare side opslane, dan soe’t Keltysk wêze, rein, wit, blank. Der is ek noch in Germaanske mooglikheid, frede, feiligens. Mar Friezen neame harren dochter net frede, want dat hat in dochter noch noait brocht, de measte froulju krije oarloch om har hinne. Keltysk dus. Yn it jier 453 nei Kristus wie der al in Fenea van Keulen. Se slute har oan by Ursula, en by de 11.000 froulju dy’t der efteroan rûnen. 11.000 froulju, moai feestje mar dat wie net sa,  se wienen allegear maagd, faam. 11.000 famen dy’t efter de moaie Ursula oanrûnen. Mar der wie sa’n brute man, dy woe mei Ursula troue, en dy woe leaver faam bliuwe, en doe skeat dy man dy 11.000 famen del. Doe woe se noch net, se sei dus 11.000 kear nee, en doe waard se ek delsketten. Mei in pylk hear. By de jongensnammen fan Fryslân is opfallend dat Sven fjirde stiet. Dat fynt er sels fierstente leech, hy kin min oer ferlies, mar opfallend want fierder komt er net foar. De baas yn Fryslân is Jesse. Gods Genadig Geschenk. Ja yndied dy komt fierder inkel op de Veluwe foar, dêr is hy noch tsiende. Hjir earste. Ik bin bang dat de measte lju net witte wat de namme betsjut. Mar by de twadde namme falt soks wer ta. Dy twdde name is Jurre. Echt Frysk. Sjoch je fierder nearne. Wit jim wêr’t de namme weikomt, Jurre, sterk als een everzwijn. Aaah dan tink je al oan Obelix fansels. Hoewol, dy fret dy dingen op. Mar goed Jurre, it everzwijn, de kracht, moed en vruchtbaarheid. Vruchtbaarheid? Dan moat er mar net mei faam Fenna yn it span.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s