Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

03 04 14

 

De slûs yn Starum is 500 kear sa grut wurden, net elk hoecht no mear sneins tsien oere moarns nei hûs, om foar fjouweren troch dy slûs te wêzen. De slûs yn Warkum is fergrutte, ferdjippe eins. No kin ek sylskippen mei grutte kielen moai yn it stêdsje in plakje fine, makket Warkum noch libbener. Dy wurken moat se allegear noch ôfmeitsje, mar  hjoed komt der al wer sa’n nij wurk op’e proppen. De Koarnwertersânsterslûs. Yn de Ofslutdyk. Dy moat baas útwreide wurde. Dêr moat grutte sylskippen trochkomme kinne. En wit jim wol, fan dy superjachten, dy’t altyd yn Monaco mei de kont nei de wâl lizze fol moaie froulju, krekt as at se yn Makkum wol meitsje. En ek kustfarders, dy wurde ek wat aloan grutter en kinne no net mear troch dy slûs. En eins soe sok spul der net troch hoege, want we ha havens en plak genôch foar soksoarte spul, mar it giet fansels om de hellings en bedriuwen wit wer. Dy bin ek aloan grutter wurden en dy dogge in soad wurk yn dat gedoch en omt we dat yn de Gouden Ieu ek al goed koene, kin we it noch wol, we ha yn de wrâld in goede namme om dat ark te meitsjen, te fermeitsjen en te ûnderhâlden. Dus de provinsjes efter de Ofslutdyk wolle wol meibetelje oan it folle grutter meitsjen fan de slûs.  Oerisel, Flevolân, Drinte, Kampen, Lelystêd, FrieseMeren en Sudwest-Fryslân, Meppel, Zwolle, ja sels Harns docht mei.  Grins ûtbrekt werris. Ja, dy ha it âlde farpaad  noch fan Delfsyl nei de hellings oant de Tille ta, dus miskien net helendal nedich, mar je hiene wol ris in kear solidêr mei it hiele noarden wêze kinnen. Ik bedoel yn it kader fan de planútwurking sil der hjoed op Koarnwertersân in sympoasium wêze oer de krêft fan regionale gearwurking. Mar de ûndertitel is dus wer: mar Grins giet syn eigen paadsje. It Frysk, Drintse, Oersiselse Flevopaadsje mûnet likegoed út yn in moai plantsje. Of nee plan, want it wurdt fansels in hiel geheister. Eins moat we gewoan twa jier net oer de Ofslutdyk gean, want de hiele dyk wurdt gâns op omprutst. Hy moat heger en better, it wie ek al 1932 dat er klear wie. En der moat fan alles komme, sadat je der wat fleurich fytse en ride kinne. Dat je der ek wat mear kinne as oankomme by it benzinestasjon op Balgsân en der in mars keapje. No ja der is ek noch in monumint, om sjen te litten dat de Friezen eartiids hurder boue koenen as de Hollanders. Oja, en it museum fan Koarnwertersân, mar dat hâldt ek al op by 1945. Nee, mar ik bedoel, dat ha we no wol sjoen, de Ofslútdyk moat fol komme mei projekten en oare saken, sadat de dyk mear ta libben komt. It is no plankgas en der 32 kilometer oerhinne jeije. De lêste fisker fan de Iselmar sjocht dochs net at je wiuwe. En dy wynmûnen stean der ek noch net, dus it is inkel see. Eehh…. Der komt my yniens wat yn it sin. Plankgas en de slûs fan Koarnwertersân. Gruttere skippen. Mear skippen. Grutte skippen farre net al te hurd yn slûskes. Dy brêge oer dy slûs stiet aanst folle langer iepen as at we wend wienen. It is aanst plankgas, mar daliks wer op de ho, de brêge stiet iepen. En sju dy Urker fiskers op freed hast net safolle lêst fan, efkes fan de dyk der hinne at dy mannen troch de slûs komme, se ferkeapje alle ûndermaatske fisk op de slûs yn sân hasten. Mar in rike Amerikaanske stjonkert op fiif oere middeis, at al dy timmerlju werom kommen nei it heitelân. Dat brant deryn. Hoe moat it dan. In akwadukt? Nee jong in akwadukt yn in dyk, neuh. In hele hege brêge? Ja dy mei dan hast wol by Koarnwerd begjinne en dy giet dan wer del by it monumint en moat dan wer omheech , want we ha noch in slûs by Den Oever, al wit ik net oft dy ek Amerikaansk breed wurdt.  In berchlânskip op de Ofslutdyk. Of dochs gewoan bomen en stopljochten by Koarnwertersân? Ik bin suver wol benijd.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s