Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

04 04 14

 

Kommend wykein is museumwykein. We moat eins allegear safolle mooglik musea besjen hjir yn Fryslân. Want it ienige wat der yn de media oerbliuwt, hoefolle minsken ha der west. En sis no net dat it djoer is, de measte musea kin je dit wykein foar in euro yn, no dat smyt noch wol wer wat wachtrigen op hjir en dêr. It wurdt al mei al wol in hiele put, want efkes telle, tsien, tweintich, fyftich, we ha hjir sa’n lytse hûndert folweardige musea yn Fryslân. En it wie fannewike ek moai waar, dus je ha allegear saken bûten pland. Mar dan gean jim nei de besite oan in museum mar efkes op in terras sitten, dêr komt dat bûtenlibben úteinlik dochs op del. Bin alle musea iepen, no, ik ha se net alle hûndert frege. Mar we ha berjocht krigen, der is sowieso ien noch net iepen, Mar en Klif yn Aldemarrum. En dochs moat we it efkes oer dat Mar in Klif ha. It tentoanstellingspart moat noch efkes oan wurke wurde. Spitich, want oars hienen je dêr foar in euro moai sjen kinnen hoe’t it unyke Gasterlânske lânskip yn elkoar stekt. It wie altyd al moai, mar aanst dan is der fan alles te belibjen. Yn de mail prate se oer in reis troch it iis, kroadzjend iis nim ik oan. Oer klimme yn de observaasjehutte. En je kin ûnder de grûn sjen, mollen en murden. No ja, soksoarte termen wurde der al brûkt. Ferrassend sil it wis wêze. Mar dat giet 25 april pas iepen, blykber bin se it hiele lânskip noch oan it fertimmerjen. En likegoed ha se dêr moarn feest. Want yn itselde gebou siet ek altyd in normaal ynformaasjesintrumke yn wêr’t je folderkers krije kinne en in kaartsje hoe’t je fan Mirns nei Bakhuzen fytse moatte. Of sa. It VVV. Mar it wurdt no de fernijde VVV Gaasterland Promotion. Dat iepent moarn syn doaren. Dat kin want de entree en de ûntfangstromte binne alhiel fernijd en foarsjoen fan de werkenbere VVV styl. Ik wit net wat dat ynhâld, mar dat moat jim sels mar sjen at jim tinke dat it dêr moarn aardiger is as yn de musea dêr yn de buert. Frjemd genoch is dêr net iens safolle yn’e buert. Ja noch it kijmuseum yn Nijemarrum, (nee gjin stiennen mar koeien) mar fierder moat je nei it schaatsmuseum yn Hylpen of it Jopie Husman mei de Mooi Zooi yn Warkum. Ik tink dat Gasterlân ek folle mear de buert fan de iepen loft is. Je krije der by it nije VVV, de Promotion, alles fan te sjen. Se ferwize jo nei bosken, nei theetun, nei fytsroutes en terrassen, ensafuorthinne. Dat wurdt dien troch gewoane minsken, dy’t lykwols at se dêr steane wer wat mear binne, dan bin it ambassadeurs. No ja, wat foar buordsje se ek om de hals ha, alles is prima. Mar se meitsje yn de oankundigingen foar moarn ien flaterke. En dat docht ferhipte sear. Se sizze dat der yn it oare part fan it gebou fan Mar en Klif je in geweldige ynsjoch krije op de histoarje en hjoeddeiske libben fan ons Nationaal Landschap Zuidwest Friesland. Mis. Hielendal mis. Sju se krije sinten fan de stifting Woudsend 1816, no de fersekering bestiet net mear. Fan de stifting jonkfrou Bas-Backer, se is der net mear.  En fan de gemeente Gaasterlân-Sleat. Dy bestiet ek al in pear moannen net mear. No Sleat dat kin my ek neat skele, dat bliuwt as Sleat bestean. Mar lit asjeblieft op de ien of de oare wize de namme Gaasterlân bestean bliuwe. De streek, it lânskip, sa moai op en del, oan de igge fan de Iselmar oan, dat moat we bestendigje yn de namme Gaasterlân. Dat Lemsterlân en Skarsterlân ferdwine, seit ús neat. Mar de namme Gaasterlân mei net fuortsmiten wurd, seker net troch Gaasterlân Promotion sels. Súdwestfryslân leit fan Starum oan Snits. Mar dêrûnder leit wat spesifieks, wat oars. Ik wol dat immen in lijntsje lûkt fan Bakhuzen boppe Riis lâns nei Balk en dan ûnder troch nei Sondel en oer de Alde en nije marrums en dan nei Mirns. Dat stik moat offisieel  Gaasterlân hjitte, want dat bliuw we sa neamen.   

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s