Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

07 04 14

 

Stel je foar, se meitsje jo midden yn de nacht wekker en freegje jo, hoe krij we mear toeristen en rekreanten nei Frentsjer. Ja, earst bin je wat lulk dat se jo midden yn de nacht wekker meitsje mei sok ûnnoazel praat, en jo sizze lêbbich no lis earst mar út wat it ferskil is tusken in toerist en in rekreant. En dan draai je wer om, en besykje wer te sliepen. Dat slagget net want de man of frou dy’t jo wekker skodde hat ferdwynt net út jo gedachten. Dy hat in wêzentlik probleem op tafel lein. Dus jo lizze te tinken, hoe soe ik no toeristen én rekreanten nei Frentsjer lûke kinne. Earst sit je te tinken wat is in rekreant. Derôf, wurdboek der by. Dat is iemand die ergens verblijft voor ontspanning, vakantieganger, toerist. Aah, de rekreant is dus toerist. En de toerist. Dat is iemand dy reist met recreatieve doeleinden. Dus it ferskil is dat de rekreant hingjen bliuwt yn syn hûske of tintsje en dat toerist reizget yn in boatsje of camper. Dan wer op bêd, en je bin hast tefreden yn sliep sukkele en dan tink je de man of frou dy´t my wekker makke hat gelyk, dit bin twa groepen en dy moat allebeide nei Frentsjer. Moat? Ja, der komme no inkel keatsers, en se huppelje der wat om mei agraryske dagen, at dy der al noch binne. Fierder is Frentsjer wol moai, mar dêr sjonge inkel de Frentsjeters oer. En foardat jo it witte sit je oan it buro en skriuwe in plan. Dat leit no op tafel en dat wurdt jûn presinteard. Sterker, dêr wurdt in bestjoersoerienkomst tekene, de lju ferbine har al oan jo nachtelik tinken. Dat nachtelik tinken hat ek noch al wat opsmiten, It programma wêroer jûn de bestjoersoerienkomst tekene wurdt hat acht projekten, dy’t aanst fan Frentsjer in oantreklike wettersportstêd foar toerist, ynwenner en ûndernimmer meitsje sille. Hee, no is dy rekreant dus wer ferdwûn. Frjemd. No ja, dy leit op Blomketerp, moai waar, dy docht no efkes net mei. Acht projekten. Moai. Mar ik stroffelje oer dat wurdsje wettersportstêd. Wêrom komt elkenien wêr dan ek yn Fryslan dy’t ‘s nachts wekker makke wurdt om te betinken oer hoe’t je better de toerist en de rekreant wat biede kinne, op de wettersport telânne. Oke, oke we ha hjir in hiel soad fan dy marren en sleatsjes en feartsjes en it is o sa moai. Mar de noardkant fan Fryslân fersint him yn de massa’s wat soks opsmite sil. Foar in wykeintsje far jo net fan de echte wettersportstêdden nei Frentser, je bin te lang ûnderweis, der bin te folle hobbels en brêgen. En yn de fakânsjetiid ha we no ienris geweldige wettersportsintra yn Fryslân en dêr wol de minsken hinne. Lês ek mar ien fan de omskriuwings fan it wurd rekreant yn it wurdboek: dy is op plakken wêr’t folle mear minsken ûntspanne. Wurdboektaal dy’t wurklikheid is. Frentsjer is, en dat hat dy man dy’t midden yn de nacht wekker makke waard ek wol opskreaun, Frentsjer is de eartiidske universiteitsstêd. Prima. Frentsjer hat in fantastyske binnenstêd. Is sa. Prima. Frentsjer hat in planetarium, wrâldferneamd en fiersten te ûnbekind. Mar neam it dan dat de toerist en rekreant in besite bringe moatte oan de Planeet Frentsjer. Of soksoarte kreten. Want wit jim hoe’t dit plan, weroer jûn  de betsjoeroerienkomst tekene wurdt  troch gemeente Frentsjeteradiel, de provinsje, en it Friese Merenprojekt, hoe’t dat hjit: Franeker Waddenpoort. Ja Doanjum leit op in terp omt it eartiids wat seeich wie om Frentsjer hinne. O sa moai. Goed besjen. Mar Waddenpoort. Fryslân hat fjouwer Waddenpoorten: Lauwerseach, Holwerd, Harns en  Koarnwertersân. En fan de oare kant ôf de eilannen. Dat bin Waddenpoorten. Je tinke dochs net dat al dy boatsjes dy´t nei Skylge wolle, earst in pear dagen yn Frentsjer lizzen  gean. Nee dy sjogge nei it waar, nei heech of leech wetter, nei de wynrjochting en stekke sa gau mooglik oer. Da’s harren doel. En dat dogge se fanút Harns. Want dat is de echte Waddenpoort. Mar ja, dy man dy’t se midden yn de nacht wekker skodde ha, is noch altyd lulk dat Harns net weryndiele wol en skreau Franeker Waddenpoort. Ja dan is Achlum it keatssintrum.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s