Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

08 04 14

 

Fansels is de Anti Faksistische Aktie, de AFA Fryslân in ûnnedige organisaasje. Of, soe ûnnedich wêze moatte, lit ik it sa sizze. Eins hoege se ek inkel nei alven op in ryk alkoholysk besprenkele jierdei te wêzen, mar meastal lizze se dan al netsjes op bêd. Wurch fan de aksjes dy’t se fiere. Tsjin fansels optheden benammen de PVV. En omt no in grut part fan Nederlân iepenlik oer dy PVV hinne falt, krij se ek wat mear moed. En dus sille se de kommende tiid de PVV oanplakbiljetten foar de Europeeske ferkiezings oerplakke. Sa’t se yn eardere ferkiezings de PVV oanplakbiljetten wol fernield ha. Eins ha se dêr gelyk oan, at je sjogge dat de PVV meidocht oan ferkiezings fan in orgaan wat se sa gau mooglik opheffe wolle. No at je in orgaan ha dat je opheffe wolle, moat je der yn elke gefal net yn sitten gean. Nee, jo besykje aksje te krijen, troch bygelyks de Tillegraaf te beljen. Dan moat je yn de mande mei dy Tillegraaf de minsken massaal  tsjin it orgaan krije. Op den duer ferdwynt dat orgaan wol, miskien net iens diedwurklik, mar wol yn de eagen fan in soad minsken want dy lêze de Tillegraaf. Ja en at je dan weromdraaie soe de AFA de oanplakbiljetten fan de PVV dus net ferprutse of oerplakke moatte, want dan gean se lekker op de foar harren ferkearde wei troch. Boppedat jongens, wy hâlde yn dit lan no ienris ek net fan dwerse linkse lju dy’t dy biljetten oerplakke of ferniele. Ek net de biljetten fan de PVV, troch it oerplakken en fernielen fan de biljetten krijt de PVV wer mear omtinken. Fergese reklame. En dan stimme der wer mear minsken op de PVV. Dy’t dan tinkt dat de minsken wol fan Europa ôfwolle, mar eins wolle se inkel ôf fan oerplakkers, en dat de PVV wol yn Europa komt, en dat dy dan alle ferkearde saken yn Europa oplosse sille, lykas Hongarije en sokken. Eins soe de AFA hiel wat oars dwaan moatte. En dêr is wol romte foar. Seker no’t yn it hiele lân de diskusje oan’e gong is hoe gean we mei de PVV om. Foarearst krijt Pechtold gelyk, omt syn partij safolle stimmen krige by de gemeentlike ferkiezings, en dat gelyk is: je moat yn diskusje bliuwe. Mar der bin ek lju dy’t sizze we moatte se isoleare. En der bin dus AFA’s dy’t se bestride wolle, al is it wapen noch gjin knuppel mar inkel in filtstift. Mar soene je as AFA no net ris in goed Frysk sympoasium hâlde oer hoe’t we soks te nei dwaan moatte soene. Wat hat risseltaat? Sju, foarbyldsje. Otto van der Galiën waard fraksjefoarsitter fan de PVV yn de steaten.  Trije jier lyn. En pas no hat er sein dat er him steurde oan it minder minder gerop. Al it oare fan Wilders hat er oer him hinne gean litten, al dy jierren. En dan kin hy no sizze dat it de lêste druppel wie, de amer siet al moai fol mei rotsooi hear. Mar moat we dy vd Galiën foarearst foarsitter fan in ûnôfhinklike steatefraksje freegje hoe ûnôfhinklik at je binne, at je earst dy amer folstreame litten ha. En at syn strapatsen fan no der net foar soargje dat Wilders in fêste foet ûnder it gat krijt. En  at je dan al út de de PVV stappe, dan moat al dy oare partijen wer sizze dat soks o sa moedich fan jo is, en dat seit sels de kommissaris ek noch, wylst se dêrmei inkel mar it byld fan Wilders befêstigje, sûnder dat Wilders mar wat hoecht te dwaan. En dy oare partijen besmodzkje it byld fan Van der Galiën, dy’t dy amer ommers hast folle rinne liet, net troch dy amer te neamene, want miskien kin se no wol wat mei van der Galiën en syn maat Buisman, want ja polityk bliuwt in saakje fan mearderheden. Dus AFA, eins soe’k sizze, lit dy posterkes hjir yn Fryslân mar hingje, dêr steure we ús net oan, der hinget ek wolris ien fan Swarte Piet of sa, organisear in sympoasium oer en foaral mei Otto van der Galiën en oer syn en ús hâlden en dragen. Dat set mear seadden oan de dyk.    

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s