Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

09 04 14

 

Sa linkendewei wurdt it tiid dat de ynformateurs en formateurs yn de gemeenten wêr’t yn maart ferkiezings wiene, no hast klear binne mei harren wurksemheden. Eartiids rôp de man of frou dy’t it wûn hie se allegear by elkoar en sei sa en sa dogge we it. No tsjintwurdich moat der, fanwege dat it regear it ek docht, no ek yn de gemeenten immen fan bûten wêze dy’t se by elkoar ropt en dan úteinlik sizze mei dy en dy gean mei elkoar troch, tink ik. Ha dy lju ek echt wat te sizzen, nee. Jim tinke dochs net dat Hajo Apotheker dy’t no yn Grins de ynformateur is, útmakket wa’t it tenei mei wa docht. Oan de oare kant de beide grutste Fryske gemeenten dy’t noch moasten, hienen wol in swieren hear. Poeh. Smellingerlân sis mar Drachten hie ien, dy’t se dêr maklik wol trije kear de baas kin. Marco Florijn. Sju dy wie yn Rotterdam wethâlder, en no’t se dêr ek oan de stuolledûns begûnen, hie hy it wol oan tiid en pruts efkes yn Drachten om. En hy hat ‘m dêr stikken gniist. At je syn rapport lêze, safolle wurden brûke foar neat, sa fleurich skreaun, dy man hat’m ta de teannen út fermakke. En en passent dien wer’t de sosiale demokraten fan Drachten nei eineleas besykjen nea yn slagge wiene, dat is it CDA op in sydspoar sette. En it wie sa maklik. Florijn sei gewoan no jonges de SP hat wûn, D’66 hat wûn, de ChristenUnie hat wûn, dy moatte mar fierder mei de PvdA. It CDA docht net mei, want dy ha ien ferlern. En dy ûnnoazele CDAers ha net iens reageard. Want Florijn sei der net by dat de PvdA ek ien sakke wie. Dy Groen fan it CDA is sa goed yn sifers, mar dit krige hy net klear. Wylst at je it CDA der yn dogge en je donderje óf de SP óf D66 derút ha je folle breder kolleezje. Mar ne, it CDA moat no yn Smellingerlân opposysje fiere, en der kinne se hielendal gjin soademieter fan. Se ha altyd wend west dêr te bepalen wat der barde en stean no mei   lege hannen. Freegje my trouwens al ôf at SP-er Van der Horst sels wethâlder wurde sil. Dat is der eins net, mar wa dan. Moai fraachtekentsje. Of soe Florijn wol wolle. Sander de Rouwe, CDA Twadde Keamerlid wie  de ynformateur yn Súdwest-Fryslân. Dat wie feilich, want it CDA wie der de grutte winner. De jûns fan de 19de leine de Rouwe en listlûker Maarten Offinga elkoar noch yn de earms. Foar Sander de Rouwe hie’t eins hiel simpel wêze kinnen. CDA, PvdA ientsje minder, no at dat yn Drachten neat hindert dan ek hjir  net, en de VVD ynruilje foar de FNP. CDA 2 PvdA 2 en FNP ien. 21 fan de 37 sitten. Ja, mar dat is de Rouwe te simpel. Hy sei tsjin de PvdA net mear twa wethâlders, en Wigle Sinnema gie gûlende nei hûs. FNP oanskoue, ek al hienen se ferlern. Mar Durk Stoker hie him sa rêstich hâlden, dat koe. De Rouwe socht der noch in partijtsje by. En dan net de VVD dy’t der ynsiet, want dêr kin syn baas Buma net oer. Dan ek net de SP, dêr kin er sels net oer. Nee, D66, maatsje yn de lannelike opposysje. Dan krij je dus twa wethâlders werfan je mar ôfwachtsje moatte wat dy kinne sille. We bin benijd. Dat bin de oare partijen dêr net. Dy bin lulk. Want dy sizze, no is it kolleezje sa breed gearstald, no krij we gjin inkele gelegenheid om ris wat te berikken fanút de oppositionele gedachte. Ja wat wol jim dan, in ûndermaatsk kolleezje en der hieltiid tsjin oanskoppe kinne, kom no. Alle kolleezjes dy’t gearstald wurde ha yn prinsipe in mearderheid en at dat no ien of 16 man is, der is foar de opposysje gjin mooglikheid dat te kearen. Of binne kolleezjes mei ien sit mear as de oaren kwetsberder as de bredere. Noch noait fan heard.  Nuveraardich geseur. Jim moat ferkiezings winne en dan mei jim sels sa’n  ynformateur oanstelle. En dy docht dan wol presies wat jim sizze.    

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s