Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

15 04 14

 

Hjoed stekt Ljouwert de flagge út, mar mear merkbite we der ek net fan. Ja, yn doarpkes lykas Feanwâlden lizze de bern hjoed krânsen op de grêven fan de minsken dy’t yn de striid tsjin de Dútsers stoarn binne yn de wrâldoarloch 1940-1945. Want sju, de doarpkes waarden lykas Ljouwert hjoed befrijd yn dy oarloch, 15 april 1945 in snein ek noch wol. Ljouwert hearde doe noch net hiel bot by Fryslân. En Fryslân ûnderstreke dat gefoel, troch hjoed hielendal neat te dwaan mei dy Fryske of sa’t jim wolle Ljouwerter bifrijingsdei. Wy sjouwe dus no mei syn allen aanst op 5 maaie efter alle oaren oan. Ach, miskien is soks optheden ek wol genôch, it betinken fan dy oarloch is hast ek wol oer,  ús jeugd sjocht suver fernuvere op at we it dêr oer ha. Mar it bliuwt altyd wat ûnbegryplik dat we hjir yn Fryslân neat oerhâlden ha fan ús befrijingsdei, wylst we oars altyd oars as oaren wolle en wylst we foar it oare sa histoarysk ûnderlein binne. Ik bedoel we witte noch presies s dat yn 1729 op 15 april de earste útfiering wie fan de Mathäus Passion. Yn Leipzig wie dy. Dy Matthäus Passion is noch hieltyd populêr. Sa populêr, der bin gjin musikanten mear oer yn Fryslân, se dogge allegear op de ien of oare wize mei oan it Passiongedoch dizze wike. Op 15 april 1729 wie’t Goed Freed. Eksakt de dei dat je een Passie ferkundigje moatte oer it lijen en stjêrren fan Jezus. Wêrom at dat no fia it evangealje fan Matthäus moast, wit ik eins net, sa’t ik safolle der net fan ôf wit. De Matthäus Passion is in oratorium. Net dat it dêrmei foar my dúdliker wurdt, klassyke musyk hat my nea boeie kinnen.  Ik gie wol nei skoalkonserten, mar fûn de Dutch Swing College band moaier as klassyk. Dus ik ha’t opsocht. In oratorium is een omvangrijk werk met een meestal geestelijke inhoud voor orkest, zangsolisten en koor. At je it echt kompleet dogge ha je twa orkesten en twa koaren, alles dûbel, dan kin it elkoar andert jaan.  Soms ha je ek in ferteller by in oratorium, mar it is gjin opera. Se ferklaaie har net, se spylje, akteare, net. Gewoan spylje en sjonge. En at in oratorium oer Jezus giet dan is it een passie. In Passion yn it ingelsk, mar wy sizze dan wer Matthäus Passion. Breklik ingelsk. Johan Sebastian Bach, sneon yn Warkum noch betocht troch op allerhande plakken hiel koarte stikjes hearre te litten, hat fan de Matthäus Passion in stuk fan twa en in heal oere makke, sûnder skoft. Yn 1729 , dêr yn Leipzig, hienen se it net sein en der bin in pear lju hast omkaam fanwege brek oan iten. Tsjintwurdich nimme we earst in krintebaltsje at we nei de Matthäus geane.We siz ik, mar dat is fansels jim, ik gean net nei de Matthäus Passion. Nim my net kwea of, wer net goed, ik gie nea nei de Matthäus Passion. Dat wurdt oars, ik kin der freed net mear omhinne komme. Oeral yn Fryslân dûke de Passions op. Sels de ferhalen wurde hjir en dêr oanpast, it wurdt sels yn sikenhûzen spile, wylst je der eins net oer lijen en stjerren prate meie,  lit stean sjonge en spylje. En sa mei ik dus einelik in kear mei nei in Matthäus Passion. Nei Wâldsein op Goed Freed. Der sjouwe se mei wite krusen troch de steechjes en hjir en dêr stean de minsken fan it doarp te sjongen en te spyljen. It ferhaal fan 33 jier nei Kristus wurdt ferpleatst nei Wâldsein, wêr’t de feriene tsjerken en frijwilligers it allegear organiseare, spylje en sjonge sille. Want elkenien fynt dat it ferhaal om Peaske hinne net foldwaande bekind is. En dat begryp ik no wer net. Tenearsten wie de Bibel der al fier foar 1729. En doe kaam Johan Sebastiaan der noch in kear oerhinne. It ferhaal wurdt oeral neispile, want Wâldsein is net it ienige plak yn Fryslân, der bin oeral, werklik oeral, útfierings op hokker wize dan ek fan de Matthäus Passion. 1729. Mar dan kin we dochs ek wol 1945 ûnthâlde?    

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s