Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

16 04 14

 

Aanst om  tsien oere wurdt der in rapport oer it Frysk oerlange op it provinsjehûs. Deputearre Jannewietske de Vries en wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert krije dit rapport. Deryn stiet beskreaun dat 2000 middelbere skoalbern fan 20 ferskillende skoallen yn Fryslân wat frege is. Dus is it logysk dat deputearre Jannewietske it rapport oerlange krijt. Ik bedoel, it is fan de Fryske Akademy, mar dan spesiaal fan de ôfdieling Mercator Research en dat betsjut dat de KNAW der neat mei te krijen ha wol en dat betsjut dan wer dat de provinsje it betelle hat. Mar wêrom at dan de Ljouwerter wethâlder Sjoed Feitsma it rapport ek krijt en oare wethâlders fan oare gemeenten net, dat is my in riedsel. Ik moat sa wêze dat se it no sa dien ha dat yn alles Ljouwert lykop rinne sil mei de provinsje, om de taak as kulturele haadstêd goed útfiere te kinnen. At je earne haadstêd fan binne, moat je ek wittte wat dêr libbet yn it lân, ek al ynteresseard de ynhâld fan dit rapport jo gjin soademieter. At je no de kommende trije en in heal jier gewoan mar   alles meidogge mei de provinsje. Dat moat yn Europa genôch wêze. Ek al is it sa idioat dat it net iens yn it kulturele haadstêdpatroan past. Want je wurde hartstikkene gek at je gewaar wurde hoe’t se dat rapport aanst presinteare sille. Tsien oere sil it heve. Ik woe mar fersykje om healwe tsienen alfêst alle tillefoans en oar soksoarte guod as laptops en tablets yn Fryslân ôf te sluten. Want oars wurd je om tsien oere konfronteare mei in lawine fan selfies op twitter en facebook en alle oare sosiale media dy’t der noch binne. En kom dêrnei ek net oan de hashtag Frysk, want jo bin de lul. Jo sjogge allegear ûnwerkenbere lju rapporten oan elkoar jaan, dy lju ha ek noch tilefoans yn de hân en dy meitsje foto’s fan harsels en fan dy rapporteboel en der sitte allegear minsken te haffeljen mei dat spul, en dy stjoere it troch en hoe kin je no in foto fan jo sels meitsje wylst je in rapport krije,  tagelyk mei tillefoantsje yn de hân, al knipperjen fia foto’s fan harsels, en allegear griemels yn tekst en allegear  …..ik wurd net goed……  Wat in berneftich gedoch sil elk sizze dy’t sa idioat wêze sil om dêr aanst te wêzen. Wa is de earme ferslachjouwer dy’t aanst de lul is. Wêr ha wy as Friezen dit oan fertsjinne. Want at je freegje sille werom at se dat allegear dogge, en se ha efkes tiid tusken dat gegriem troch dan sille se sizze, it is moarn Fryske twitterdei. Ja presies moarn. Hie dan dy rapporteboel moarn ek dien, en dêrmei de start fan twitterdei of sa, dan hienen we der noch wat fan begrepen, mar no. Gaos. 98 persint fan de Fryske jeugd brûkt sosiale media. 96 persint What’s app, 86 persint Faceboek en 76 persint Twitter. It sil’t wol. Ik bin it meast nijsgjirrich nei dy twa persint dy’t hielendal neat brûkt, hoe kommuniseare dy yn dizze hjoeddeiske wrâld. In fyfde fan de 2000 skoalbern tusken de 14 en 18 jier brûkt noait Frysk op sosiale media. Da’s in bytsje. At je my no freegje soenen wiene dat der folle mear. Neffens my ha al dy bern tocht, dy Liesbeth Jongbloed fan de Akademy moat we mar net teloarstelle, we sizze gewoan  dat we inkel wolris it Fryske wurdsje hoi der op sette. Dan kin se mei in positief rapport komme by de deputearre dy’t dan fan blidens in foto fan harsels makket at se dat rapport krijt. It rapport is yntusken ek al útlekt. De jongerein, ja de Akademy brûkt dat wurd ek , de jeugd begjint der wat fan te rydboskjen at se dat hearre, de jongerein út de Fryske wâlden brûkt it measte frysk op sosiale media. Wat moat we mei sa’n opmerking. Is de jongerein út de Fryske wâlden dermei better as minder as in oar. Moat we har de tillefoan ôfnimme, of moat we de oaren ta roppe, brûk sosiale media, en brûk Frysk. En wat helpt it de Fryske taal at je allegear twitterje en appe mei wat Fryske kreten der trochhinne.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s