Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

17 04 14

 

Twitter fan deputearre Jehannes Kramer alle dagen. Moarn.

Der komme hjoed daliks noch trettjin twitters efteroan : @johkramer. Ek moarn #frysk. Mei trije útroptekens. Dy trettjin wurde tweintich kear retweeten.

Dan komt der ien fan Praat mar Frysk. Hallo, moai dat jim allegear meidogge oan ús Fryske twitterdei #frysk.

Dan komt jelte jittikmieger. @praatmarfrysk. Hallo is net geef frysk

Praatmarfrysk: @jittikjelte no elkenien seit doch wolris in kear hallo #frysk

Jelte Jittikmieger: @praatmarfrysk. Ik net,  want it is gjin geef frysk. En ik twitterje yn it Frysk

Praatmarfrysk: @jittikjelte mar do dochst net #frysk

Jellte Jittikmieger: @praatmarfrysk, nee ik doch gjin #frysk want ik doch net mei oan Fryske twitterdei

Dichtsje mar frysk: @jittikjelte @praatmarfrysk ooh , dat rymt ek noch #frysk

Praatmarfrysk: @jittikjelte, mar elk dy’t frysk twittert docht dochs mei oan  de Fryske  twitterdei #frysk

Dichtsje mar Frysk: @praatmarfrysk @jittikjelte  dat rymt alwer!!! Moat je Frysk rymje op Fryske twitterdei? #frysk

Praat mar Frysk: @dichtsjemarfrysk nee dat hoecht net, mar it is wol moai #frysk

Jelte Jittikmieger: @dichtsjemarfrysk @praatmarfrysk hâld op mei dat geslym oer al of net rym

Dichtsje mar Frysk: @jittikjelte @praatmarfrysk der rymt jelte al wer, hy is foar my in stjêr #frysk

Jelte Jittikmieger: @praatmarfrysk at je frysk twitterje hoech je noch net mei te dwaan oan twitterdei

Praatmarfrysk @jittikjelte ja mar omtst frysk twitterst dogst dus mei oan fryske twitterdei #frysk

CDA Fryslân : @jittikjelte @praatmarfrysk foar de ien is it sa’n dei, foar de oar net #frysk

Jelte Jittikmieger: @praatmarfrysk dy g yn dochst doocht net

Praat mar Frysk; @cdafryslan  mar we ha dochs ôfpraten dat it hjoed Fryske twitterdei is #frysk

CDA Fryslân @jittikjelte @praatmarfrysk flaterkes meitsje we allegear #frysk

Jelte Jittikmieger @cdafryslan bemoeit de polityk der him ek wer tsjinoan. Krekt as bepale jim it taalbelied

Praat mar Frysk @cdafryslan @jittikjelte mar it is hjoed Fryskje twitterdei en Jehannes Kramer die ek al mei #frysk

Dichtsje mar Frysk : @praatmarfrysk @cdafryslan @jittikjelte dat rymt al wer #frysk

CDA Fryslân @jittikjelte nee we helje hjir inkel polityke winst #frysk

Praat mar Frysk : @cdafryslan @jittikjelte  mar it is o sa wichtich foar de hollanders #frysk

Jelte Jittikmieger @praatmarfrysk @cda en alle oare polityke partijen en gewoane minsken yn Fryslân. No dy hollanders gean wol nei ynternet. Wol ik wol leauwe dat dy haadredakteur fan Omrop Fryslân yn de war rekke en ynienen twa talen op syn ynternetside ha wol. Dy tinkt trochdat jim allegear sa meidogge yn sok miezerich gedoch dat we hjir twa partijen ha, krekt as mei dat gedoch yn Fryske Meren yn Marrelân.

 

Mar dat berjocht wie te lang om troch te kommen. En hie boppedat net #frysk

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s