Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

 

25 04 14

 

Ik woe sa graach elkenien noch wer efkes it skelle lûd fan de badjuffer hearre litte, dy’t, at wy dan as bêrn yn it dat iiskâlde wetter leine te sparteljen, rôp fan intrekken-spreid-sluit, intrekken-spreid-sluit. En dat soks no blykber nostalgy wurden is. No ja der wurdt noch in oarloch oer fierd, mar ik woe graach útlizze dat je net altyd samar wat yn it wetter omslaan kinne, je moatte intrekke-spreide-en sluite. Ik woe it ha oer media dy´t foarop de krante sette dat de treinkaartsjes yn de spits djoerder wurde, mar ferjitte yn dyselde rigel te setten dat it op de oare oeren, bûten de spits, dan wer folle minder kostje sil. En ik soe dan de bedriuwen oproppe om de rinnende bân yn`e fabrieken wat earder oan te setten en wat letter út, dan soe dat treinesysteem miskien ek noch wat opsmite kinne. Mar ik ha´t allegear net oan tiid, want ik moat fannemoarn in tal minsken gerêst stelle. Want dy besykje har op dit stuit hieltyd yn it sin te bringen at se tafallich hjoed ek foar it ien en oar ûnnoazels op it gemeentehûs roppen binne. At dat sa is, dan bin je de lul, want je krij in lintsje. Of jo baas krijt in lintsje en dan moat jo klappe. Dan soe’k mar in djoere trein nimme, dan bin je wis te let. Mar al dy lju dy’t net noege binne en ek net wat oars frjemds oan hjoed merkbite, net seure. De krante moarn ynsjen, loofjende wurden sprekke oer de lju dy’t wol in lintsje krigen ha. Want takom jier krij jo wol ien. Of noch in jier letter at je dan noch libje. Want oan de ein fan alles hat elkenien dy’t dat ek wol, sa’n lintsje krigen. Ik wit wol, as Bakhuster stekke jo de finger omheech at se jo op it gemeentehûs fan Marrelân yn de Jouwer noegje, jo ha wol wat betters te dwaan as in jaske oanlûke en oardel oere te reizgjen foar sa’n lintsje, mar at je wolle krij je dochs in kear ien. Want yn de takomst is de mantelsoarch wichtiger is as bygelyks it ûndernimmersklimaat. En oare jier sjogge de gemeenten dat sels. Dat komt dus allegear wol goed. Yngewikkeld he. We hienen altyd kenninginnedei, en dat fierden we op samar in dei, no ja de dei dat de prinses eartiids jierdei wie. No is it ynienen keningsdei, en dat is dan wer trije dagen earder. Wêrom no? Al dy oranje buorden koninginnedag 30 april moat wer oermakke wurde, inne wol wol fuort, mar 30 yn 27 feroarje, nee geknoei. Dogge we net. Nij boerd. Mar at keningsdei op in snein falt dan wurdt er wer ferskood nei de sneons. Ja ik wit ek net wêrom dat is, want keningsdei is dochs in gjin kristlike feestdei. Hoewol, Van Buren  moat sneins al nei tsjerke fansels. No ja, dan  dogge we krekt as is de dei kristlik, en dus ferskoue we fuort de earste kear, nei de sneon, moarn. De fakbeweging dy’t him ynset foar noch mear fakânsje foar de wurknimmers, hat al frege dat wer nei de moandei te dwaan, mar dat siet wer te ticht by de 30ste. Mar sneons ha in soad minsken al frij, dus dat bliuwt ûngelokkich. It is bliuwt yngewikkeld, want net elk hat op keningingedei of no keningsdei frij. Dat komt omt it net echt in kristlike feestdei is, dan ha de cao’s dus ek noch macht. Ik kin jonges dy’t yn de tsjinsten sitte en dus moarn trije kear útbetelle krije, en ik kin minsken dy’t gewoan wurkje moatte. Mar it grutste part fan it folk klaget, hienen je frij en dan is it ynienen keningsdei en moat je yn de optocht rinne, of koekehappe. En de bern eamelje je de hiele dei oan de holle at je ek wat keapje wolle op harren frijmerk efter hûs.  En at je wer gjin lintsje krigen ha, ha je de hiele dei ek noch it smoar yn en kin je it wurd kening net mear oan de holle ferneare. Ik soe mar mei de goedkeapere trein earne oars hinne gean. Nee, nee, net nei Amsterdam, of sa. Fierstente drok, de hiele dei spitstarief. Gesselich nei it swimbad of sa. Dan boartsje ik wol efkes badjuffer. Keningsdei: intrekken-spreid-en benammen sluit. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s