Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

28 04 14

 

Ticht by St.Nyk leit oan de Tsjûkemar in strântsje. Ulesprong. Stelt net folle foar, mar it foarsjocht yn in behoefte. Deis stiet it stek iepen. At it tsjuster wurdt moat it ticht, oars wurdt der tefolle fernield. It is ek noch al in moetingsplak foar frjemde gasten, der is ek wolris immen fermoarde. Dus it stek moat ticht. Docht de gemeente. Dat wol sizze in amtner. Doe hat Pleatselik Belang St. Nyk ris oanbean: sil wy dat oars dwaan, fergees? Dan hoege jim hjir net elke jûn hinne te riden. Wy kin dat slotsje der wol oanhingje. De amtner seach ferheard op en frege doe driigjend hoe’t hy der dan wis fan wêze koe dat soks elke jûn om eksakt tsien oere barre soe. De man fan St Nyk hat him omdraeit, is fuortrûn en sjocht no elke jûn der in amtner hinne riden, echt net altyd om eksakt tsien oere. Ik ha net neisjoen wat soks kostet, mar at ik alle soksoarte ferhalen optel dan jouwe wy nogal wat jild fergees út. Amtlik tinken. Trije fan de fiif besoademiterje de bazen, kollega’s en benammen ús hearden we ferline wike. Amtlik tinken. Aanst om njoggen oere wurde in pear ploppealtsjes foar de Harmonie yn Ljouwert weihelle. Ja ik sis ploppealtsjes, yn amtlike taal binne it bollards. Dat ha’k opsocht mar dat stie der allegear yn it ingelsk op. Liet ik it google fertale, wie it gewoan in bolder. In bolder. Wit jim wol, dy sitte op skippen, en dêr meitsje se har lânfêsten oan fêst. Op boatsjes sitte se ek wol, mar dan bin’t lytskes en dan hjitte se dus ek bolderkes. Mar foar de Harmonie yn Ljouwert stean plopbollards, plopbolders. Wat dat net koste hat. Dy dingen koenen alles. At de bus der oankaam zoemden se del. Ferdwûnen se yn de grûn. Dus rieden der auto’s efteroan, de dyk wie wer frij no. Mar nee, dan plopte de bolder wer werom, en  kaam meastentiids midden yn de der oer ridende auto wer omheech. Wat it net koste hat om al dy auto’s wer út de plopbolders te krijen, mei kraanweinen en sok guod, jo wolle it net leauwe. En it gie mar troch. It is no ienris sa dat in hiel soad lju har hiele libben foar de Harmonie lâns koenen sûnder dat der plopbolders wienen. It wie it bewende paad en dat plopboldere no ynienen, ferfelend. Dy dingen wiene ek wolris stikken, ik tink dat der wolris guon ’s nachts oan omprutst ha. Dan koenen de bussen der ek net mear lâns, want se plopten net mear del. Koartsein, der waard omraak oer âldehoerd, en ek dat hat in soad jild koste. Stikjes yn de Ljouwerter, bylden op de Omrop. Elk hat him dealake, net in mins hat frege wat it koste hat. Hjoed wurde de plopbolders der weihelle. De wize wêrop jout al oan hoe djoer at sokke rotsoai is. Se begjinne aanst om njoggen oere en bin oant freed ta dêrmei dwaande. Fiif dagen. Fiif dagen komt de bus der ek net lâns. Fiif dagen prutse om in pear plopbolderkes der wei te skuorren. Jim tinke at ien dat miskien allinne docht, mar dat is net sa want plopbolderkes bin  net troch ien man te huffen. Watte, datselde kraantsje komt der wer by. Mar no tinke jim dat jim nei 2 maaie wer foar de Harmonie lâns ride kinne. Ja dat kin. Net ien dy’t jim tsjin hâlde sil. Inkel dat der in kamera hinget dy’t op jo kentekenplaat ynzoemt. Dan giet der in automatysk trillinkje nei it justitieel ynkassoburo, en dan krije jo twa dagen letter de boete tússtjoerd. Ik skat yn 100 euro. At jo net tafallich de kentekenplaten fan jo buorman op jo auto set ha, want dan krijt buorman de boete. It is net bekind oft der ek hieltyd in trillinkje giet at der in bus oer hinne riidt en dat Anne Hettinga dan al dy boetes krijt. Mar ik soe wolris witte wolle wat it allegear kostet en koste hat omdat de bus wol en oaren der net lâns moatte. Hie no tsien jier lyn de hiele saak gewoan foar alles ôfsluten. Wol de Ljouwerter rekkenkeamer ris neigean wat dat besparre hie?      

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s