Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

29 04 14

 

Fantastyske primeur sneon yn de Ljouwerter krante. Ik tink dat de kommunikaasje-, en public relations en marketinglju dy’t omrinne by Omrin sa handich west ha om it gefal sadanich te lekken dat it op sneon yn de Ljouwerter kaam, sadat net elk it oan tiid hie der daliks oer hinne te fallen. We moasten ommers earst noch in kening besûpe, Ajax tajuiche, en dêrnei massaal treinen ôfbrekke en  mei de plysjes knokke. Mar no komt it wol los, sa’n kantsje sit der al oan fansels. It  hat yntusken al bliken dien. Want yn de Louwerter Krante primeur stie: Brits afval naar Harlingen. No bin koppen yn  kranten altyd folle heftiger as wat der yn it berjocht dêrûnder stiet. Hè, der stie juster ek oeral: 683 moslimbroeders yn Eygypte ha de deastraf krigen. Mar fan de foarige 529 bin ek mar 37 ombrocht en de rest hat libbenslang krige, dus dit sil ek wol wat tafalle. We kin der noch wol mei fakânsje hinne. Yn dat ljocht besjoen gedrage de media harsels wol wer wat yn it Oekraïne ferhaal. Want eins soe der sa linkendewei stean moatte: tredde wrâldoarloch begûn yn Donjetsk.

Brits afval naar Harlingen. Neffens de direkteur fan Omrin krijt er tusken de fiif en tsien kiloton guod, ôffal dat sadanich barne wol dat it Fryske húsôffal dan wer wat wat better opfikje wol. Peteroalje of sa? Fansels, Fryslân hat in grut probleem. Koaren, korpsen, fuotbalklubs en datsoarte guod helje al ús âld papier op. En dat moat wy dus earst út ús ôffal klauwe, en dat helje se apart op. Dat wol barne as de soademieter, mar ja dat sit der dus net mear tusken. No sok guod moat we dus no út Ingelân helje, want oars wolle ús plastiken pûdsjes net sa goed freonlik pruttelje yn it Harnser ôffalountsje. En yn Ingelân moat je hege prizen betelje om dat guod fuort te krijen, nei Harns farre is goedkeaper. Mar it is dus net nedich om de oune fol te krijen te krijen. Seit dy direkteur. Mar dus wol om better te barnen. Is dat net it selde? Net foar neat hat de provinsje Fryslân de tastimming foar hoefolle ôffal der ferbarnd wurde mei fergrutte mei sa’n 50 kiloton. Dat ha se echt net dien omt soks better stiet. En sa ha ek noch de fargeul nei Harns ta ferdjippe en ferbrede. Dat is allegear om de wrâld oan te jaan, kom mar mei jim rotsoai, dan ferbarne wy it dêr wol. Dat is ek in soarte fan logyske realistyske gong fan saken. Offaloune. Frysk guod. Samar op. Mear. Oune fol. Oune te fol. Gruttere oune. Mear smoargens. Der komt ek al plastieken rommel út Dútslân. En aanst resten fan fuotbalstadions út Brazilië of sa. Mar dat makket allegear neat út, da’s in proses da’s net te kearen. Wit je fantefoaren. Elk bedriuw moat, sizze de lju dy’t it witte kinne, útwreidzje, fernije en eksporteare. Oars kom je der net. Jild ek foar Omrin. Hindert neat, wie de konsekwinsje dat we dat ding yn Harns delset ha, mar je hiene it net ûntkinne hoegen fan te foaren. It folk komt no fansels wer yn opstân. Myn aaien, begjinne no de lju te roppen, dêr komt noch mear dioksine yn. No ja, miskien wol, mar dat ha se trije jier lyn net besjoen at it der doe ek al ynsiet, miskien ha Harnser piken wol losrûn op de dyk, doe’t se dy asfalteart ha. Of sa. Mar goed, nettsjinsteande de lansearing op sneon, it folk komt yn it gewear. Al dy lju dy’t har ferset ha tsjin de ôffaloune sille har wer manifesteare. Jelle Hiemstra de Friese Koers fan de PVV wie de earste, de oaren komme fannewike wol. En dat is ek wer goed. Sokke diskusjes bringe libben en de partijen kinne elkoar noait goed oertsjûgje, dus dy oarlogen bin nea oer. Der is mar ien beswier. We bin der op útheard. We hoege net mear fan itselde as at we al hân ha. De lânbou natoer diskusje is noch like yngreven as yn de 70-er jierren. Mar merkbite jim dat? Nee. Wurde jim noch skodde troch de wynmûne diskusje? Nee. Kin it jim wat skele dat der Brits âld papier nei Harns komt? Nee.      

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s