Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

01 05 14

 

Hjoed is it 1 maaie, de ynternasjonale dag van de arbeid. In sosiaal demokratyske feestdei út de tiid dat dy sosiale demokrasy noch bestie. Dy sosiale demokrasy hie doe as heechste de wurkgelegenheid yn it findel stean. Ik wit wol, it Nederlânske folk wie altyd wat húvrich foar dizze Dag van de Arbeid. Dy waard nammentlik yn in  hiel soad lannen, benammen de kommunistyske, omset yn grutte oant hiel grutte militêre parades. Soks woe by ús net. Mar dy lannen fûnen dat fechten ek wurk wie, tink ik. Hienen yn elk gefal legere wurkleasheidssifers as wy hiene, miskien wol omt der safolle lju yn in leger sieten. Mar wy hâlde net sa fan marsen  en parades foar de hillige lieder, en ik wit ek net oft Willem Alexander wol sa lang earnstich sjen kin. Dus we fierden eartiids de Dag van de Arbeid wol mei in lyts ploechje folk, mar de measten wiene noch net nofteren fan de folksfeesten op Keninginnedei. De opfolgers fan dy sosiale demokrasy neame har no de PvdA. Partij van de Arbeid. De pommeranten dy’t hjir en dêr noch yn de feestjes fan de Dag van de Arbeid  opdûke sille, binne PvdA politisi. Guon fan harren kinne de Ynternasjonale noch, en sjonge dy tegearre mei al dy 70 en 80 jierrige Arbeidsfeestfierders. Eins soe’t wol goed sitte moatte mei de Partij van de Arbeid op de dei van de Arbeid. Mar se sitte yntusken ek al yn in regear mei de liberalen, de fijannen fan doedestiids. En preekje dat it net oars kin dat we no safolle wurkleazen ha, wit jim wol, krisis. Hast in miljoen, elke dei komme der noch sa’n 700 by. Dat witte se wol. Mar mei dy preek soe’t net ophâlde moatte. Wis net op dizze dei. Dizze dei ropt op ta striid. En dy striid is der net mear. Net mear by de PvdA. Net mear by wa dan ek, omt de SP-ers har dizze dei ek al net eigen meitsje wolle omt it in PvdA dei is. De SP is foar it oare ek fierstentefolle yn it formalistyske ferhaal telânne kommen, omt dêr no ienris folle mear stimmers mei te krijen binne. We bin nammentlik in hiel yndividualistysk folk wurden. We moatte it sels goed ha, de bern moat har rêdde kinne. O ja, we moat noch efkes om beppe tinke mei syn allen, mar aanst at it regear dy sûnenssoarch wer op priemmen hat, dan kin wy wer nei Frankryk en beppe nei de deiopfang. Dus je sjogge no dat elk, benammen ek de PvdA him of har drok makket om dy soarch wer klear te krijen. Mar foar dy hast in miljoen wurkleazen wurdt neat dien. In fergetten groep, krekt as foar allochtonen wurde der aanst spesiale wenwiken foar makke. Ik wurdt kotsmislik fan dy reklame weryn dy âld skaker Hans Böhm mei syn moaie stim sizze mei: maar mocht u geen werk meer hebben, en toch een vraag,  neem dan contact op met het uwv. Dat uwv kin hielendal gjin fraach mear beanderje omt dêr ek hieltyd minsken weibesunige wurde. Mar it is de oplossing ek net fragen te beanderjen. Eins moat je wer werom nei de Melkert tiid. It heart wat raar, want Melkert wie eins in neo liberaal dy’t op ien of oare frjemde wize fersyld rekke wie yn de PvdA, mar hy kreëerde wol wurk wat der earst net wie. Melkert banen. It hearde net lekker, mar je fertsjinnen wol wer, en je rûnen wer mei yn de mienskip. Yn Fryslân wie’t de kristendemokraat Douwe van der Til dy’t it foartou pakte en wurk foar wurk plakken makke. Dat moat we yn de kommende jierren dwaan, dogge we no, we betelje it earst sels efkes, dan komt dat letter wol klear. En hy wist ek wol dat dat net klear komme soe, mar dat makke neat, de wurkleazens gie del. Ald deputeare  Douwe van der Til, yntusken ferstoarn, hat nea sprutsen op de Dag van  de Arbeid. En wie seker gin lid van de Partij van de Arbeid. Dat neamde hy jûns let by in slokje ûnnoazele idealisten. Mar hy wist as gjin oaren wat Arbeid wie. Ik soe him hjoed noch wol efkes heare wolle, mar ja hy koe de Ynternasjonale ek net.    

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s