Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

02 05 14

 

Moarn is it de Ynternasjonale Dag van de Persvrijheid. Jim witte, ik hâld net fan de dei fan dit of dat of huppeldepup. Mar dizze koe’k eins noch net. Ik tink dat ik der hieltyd oer hinne lêzen ha, omt je tinke dat je der neat mei te krijen ha. Hjir is ommers suver persfrijheid tefolle. Mar de dei is der al sûnt 1993. Dus der wie ferlet fan. En, ynienen wurdt hjir ek yn Nederlân mear en mear  de klam op dy dei lein. Ja, dat dogge wy Nederlanders werop ús eigen wize. We begjinne der fannemiddei al mei, krekt as is it hjoed. Mar miskien bin der fannacht om tolve oere noch wol in pear sjoernalisten dy’t der noch sitte dêr yn Amsterdam, komme we dochs yn moarn telânne. It serieuze part fan de lju is dan al nei hûs en tinkt nei oer de diskusjes dy’t der sûnder mis west ha. Temear der’t de haadtaspraak giet oer dat de NSA sjoernalisten sokke leave minsken fynt. Mei harren tillefoantsjes kin je faak noch it measte. Persvrijheid is de frijheid dy’t je krije om te melden wat je melde wolle. Je mei dêrnei wol bekritiseard wurde, mar je hoege gjin klap tsjin de harsus foar, of wat tsjintwurdich faker bard, dat je gewoan deamakke wurde. Mar it is dus twaledich. Der bin sat sjoernalisten dy ’t net opskriuwe of fertelle meie wat se wol witte. Dan is der absoluut gjin frijheid en dus ha wy as Nederlân de taak  om tsjin de rest fan de wrâld te roppen, kom op, frijheid. Mar ik kin der no wol hiel macho oer dwaan, der is fansels de lêste jierren al it ien en oar feroare. De sosiale media bin der nammentlik bykaam en dy ha in hiele grutte ymposante persfrijheid brocht. At lannen as Turkije soks al wer slope wolle, dan wit je it wol. Sterker, sosiale media betsjutte dat wy ús eins ek net mear ôf hoege te freegjen, fine we it wol ferantwurde of netsjes of wit ik wat om dat en dat út te stjoeren. Want je moat no eins alles fertelle, it hat hielendal gjin doel mear wat efter te hâlden, it komt dochs yn de wrâld. Tagelyk wurde we fansels om it libben ôfharke, wêrom soenen de Amerikanen in tillefoanpetear wol opslaan meie en mei ik it dan net útstsjoere, witte dy Amerikanen it wol en myn buorman net. Dus we kinne eins better alles dwaan. Mar we dogge mar de helte. We belje immen op en freegje………  no wat foar foarbyld sil we ris neame,  no ja we freegje oan de gemeente Ljouwert wannear is dy Heak klear. Ja, ein 2014. Ja nee, mar hokker dei. Dat witte we net. Freegje de bouwer mar. Bouwer wannear. Ja dat witte we noch net. En op dat momint moat wy sizze: we wolle no graach efkes de oerienkomst tusken gemeente en bouwer ha. Want dêr stiet it yn. Persfrijheid is dat we dy stikken ynsjen kinne. Mar dat freegje we net. Want der wurdt net sa hastich regaad mei makke, en miskien moat we ek noch fiif rjochtssaken troch om safier te kommen, en tsjin de tiid dat it wurk oplevere wurdt, mei we pas de papieren ynsjen. At it kloppet, oars duorret it  noch fiif moannen. It is net in rykdom, dy frijheid. Oan de oare kant jonges en famkes, wat moai dat we alles mar sizze en dwaan kinne. Der moat we hillich foar stean. Mar dat stean we net. We hanteare dy frijheid nammentlik as miening, dus we fertelle guon dingen wol en guon dingen net. Krekt sa’t it ús as media útkomt. De lêzer en harker kin harren  eigen beslissings net mear nimme, want wy fertelle harren net mear wat wier is, wy fertelle harren inkel wat wy fine dat wier is. En je ha dus wol persfrijheid nedich om allegear wat je fine te melden en de oerheid moat him dêr ek neffens gedrage, mar wy sjoernalisten soene ek de Persplicht ha moatte om fan in sitewaasje alles, mar dan ek alles te fertellen.     

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s