Eelkesweblok

It each fan eelke

Een reactie plaatsen

05 05 14

 

Somtiden dan freegje lju my wolris: kin jo net efkes hjir of hjir oan omtinken jaan, eins ha we dat nedich. Ik doch it net sa faak. It each is net in fersykprogramma, boppedat meast giet it om aardige dingen en sa aardich bin ik net. Mar inkel dan kin’k der wol wat mei. Sa skille ferline wike, no ik neam Lolke mar efkes Lútzen. It kin ek Lammert wêze. Of Lense. Want ik hear de ferhalen o sa faak. Liuwe is foarsitter fan de toanielklub. In klub mei nochal wat ambysje. It publyk moat it toanielstik moai fine en omt je elk jier yn deselde spilers yn in doarp omklauwe moat it der dan om dy spilers hinne mar moai útsjen. Of sa. Yn elk gefal de kûlissen foar it kommend toanielstik moat hiel spesiaal wêze. En dus djoer. En dus moast der jild fersierd wurde. In sponsor. En dan kom je yn dit stik fan saken yn Fryslân altyd wer werom by de Rabobank. Dy soenen it dwaan. Lútzen krige in formulier oer de mail en dat moast efkes ynfuld wurde. Lammert is boppe de 60, dus hy hat earst trije dagen siik omrûn, want der stie op dat der in digitale hantekening ûnder moast. Uteinlik hat Lolke doe de Rabobank skille, want hy woe freegje hoe’t je soks dogge, in digitale hantekening, want mei de pinne op it kompjoeterglês, it woe net. Skilje. Ja dan moat je dý man ha. Ik ferbyn jo troch. Moai. Eeh nee, net moai, andertapperaat: dy man is der net. Jitris skilje. No at dy man der net is, dan is dy man der net. Is der net in oaren. Miskien wol. Ik ferbyn jo troch. Moai. Net moai. Andertapperaat, de juffer is der ek net. Dat duorre in tal dagen, want Lútzen skoffele nochal wat andertapperaten om en krige úteinlik immen, dy hie’t oer, ja fakânsje, en heale dagen en ……  Mar doe’t Lolke immen hie, koe der dêr dan net wat mei? Nee, dy man frege nei Lútzen syn bertedatum, en syn rekkennûmer, oars koe hy Lammert net fine. Tsien dagen letter hat Lense jitris mei immen kontakt hân en dy sei úteinlik, jo kin miskien ek wol efkes komme. Lolke wie noch mar jusjes bekaam fan dit spultsje, doe moast er wer oan de slach. Want Lútzen is ek foarsitter fan Doarpsbelang. En dan moat je wolris it provinsjehûs belje. Sju, want der ferskine hieltyd parseberjochten fan de provinsje dat je je as doarp oanmelde moatte foar dy en dy subsydzje. No besykje dat marris, dat oanmelden.   U spreekt met de provincie Friesland. Libbe wennet yn it midden fan de provinsje en wie fuortendaliks yn de heechste beam, mar subsydzje, doarp, hy hâlde him yn. Fryslân, mar kin jo my trochferbine mei…..  ik verbind u door. En foardat Lolke flokke koe,  siet er op in oare line. In deade line. Wer skilje. Hy soe werom belle wurde waard tasein. Dat moat noch barre. Twa dagen letter ûntduts Lútzen dat dy provinsjeman moai lang fuort wie, daliks nei it parseberjocht fuortgien, der koenen ris lju skilje. Mei ferlof hjit dat dêrre. Net mei fakânsje, mar mei ferlof. No hoe lang dan. Der wie net ien dy’t him dat fertelle koe. Is der dan ek in oaren? Ik  verbind u door…….  Antwurdapperaat. En dêr stie op : Het heeft geen enkele zin te trachten iemand van ons te bereiken bij de provincie, of de gemeenten, of de banken, of de belastingdienst, of de verzekering, want we zijn er  niet. Linze is yn in pear wike in moedeleas man wurden. Ynstellingen en bedriuwen bin tillefoanysk net mear te berikken. Nimmen bellet ea wer werom. Want it kin har neat skele hoe’t it mei Lolke syn kûlissen giet. Of mei Lútzen syn doarp. En elkenien seit tsjintwurdich tsjin minsken dy’t skilje: stuur maar een mailtje. De rest smite se op in andertapperaat en it mailtsje beanderje se net. Omdat se it dus net oan tiid ha. Wit jim wol dat wy offisieel hjoed in frije dei ha. Ik net. Jacob ek net. Wy lette net op. Peaske, foarjiersfakânsje, keningsdei, âlde keninginnedei, 4 maaie, 5 maaie, himelfeart, pinkster, simmerfakânsje. En ferfelende tillefoantsjes. Hoe kom je dan noch oan je wurk ta. Fryslân is sluten.     

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s