Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

06 05 14

 

Der komt hjoed in cruiseskip yn Harns. Op him sels in ymposante meidieling. Ik wie ferline jier op Curacou en dêr kamen twa oant trije fan dy dingen deis oan. En dy hienen elk 5000 gasten oan board, dus de ekonomy fan Curacou flitste elke dei goed omheech, ek al bleau de helte oan board. Jim ha dat earne oars op de wrâld ek wol sjoen. Dat soarte saken moat je je net foarstelle by in cruiseskip yn Harns. Soks is nochal wat beheinder, hjir sitte sa’n  150 gasten op. Mar dy kin fansels Harns wol efkes yn seit it parseberjocht. En allerhande dingen sjen. Lykas it Planetarium. Doe soe’k harren fertelle dat it Planetarium yn Frentsjer is, mar doe tocht ik noch dat it skip sa grut wêze soe dat it gewoan troch de slûs skood en de kont dan yn Harns leit en de kop yn Frentsjer. Ja at je sels gjin toeristyske attraksjes ha, want yn Harns bin  je frij gau útsjoen, dan moat je it Planetarium wol efkes yn it parseberjocht nei Harns ferpleatste. Mar lit se earst mar komme, dan fertelle we dan wol dat se op de fyts nei Frentsjer moatte wolle se it planetarium besjen. Op de fyts yn Fryslân, dat wurdt lykwols nuodliker. Ja optheden falt it ta, want it bliuwt in moai ein yn de jûn lekker ljocht. Mar aanst as it wer winter wurdt, dan is it om fiif oere middeis tsjuster. Heul tsjuster, want sa linkendewei docht Fryslân it ljocht út. Lûdop sizze de gemeenten dat it fanwege de natoer en de fûgels is, mar it giet fansels fanwege it jild dat se de lantearnen útdraaie. Of sa’t de omskriuwing fan de gemeente Hearenfean is: de verlichting is volgens het beleid van de gemeente aangepast. Dat betekent dat er geen verlichting meer aanwezig is. Da’s net aangepast, da’s fuortdonderde. Jo fytse dus yn it folsleine tsjuster at jo fan de Leidyk yn Jobbegea rjochting de Skoatterlânske wei geane. Mar krekt dêr sille jo holpen wurde troch de gemeente. Dy fervet dêr hjoed de strepen op it fytspaad. Want dy kloatelampkes fan de hjoeddeiske fietsen wolle net mear breedstrale, jo sjogge net wer’t de kant fan it fytspaad is omt de gemeente dy lantearnepealen net mei in ledlampke goedkeaper makke hat, nee se ha se útdraeit. Dat fytspaad is ferbettere, miskien ha se dy dingen ek wol útgroeven en oan in iisklub jûn foar de ferljochting fan de iisbaan, dat kin ek noch. Mar dy strepen wurde hjoed ferve. Tusken tsien en twa oere bart dat, der wurdt dus tusken de middei gewoan trochwurke. En dochs is it net sa’n heel ein, it giet inkel om de strepen op it fytspaad tusken de nûmers 22 en 28 fan de P.W. Janssenwei yn Jobbega. Da’s noch wol hiel wat wurk dus, fjouwer oeren foar twa streepkes tusken trije hûzen. Mar it moat ek wol hiel presies hear. It bart mei hiele spesiale ferve. Ferve mei ljochtjaande kristallen der yn. Ljochtjaande kristallen dy’t it yn har ha de UV straling fan oerdei, dus eins at de sinne skynt, om dy UV straling yn harsels op te nimmen en pas wer los te litten at it tsjuster wurdt. Dus op ien of de oare wize kin dy ferve witte: jûn wurdt it om sis mar tsien oer tsienen tsjuster, no moat ik dy UV stralen dy´t ik fannemiddei opfong ha doe´t it efkes sinnich wie tusken twa oere en kertier oer twaen, dy moat ik no begjinne út te stralen. En dan kin ik fannacht noch wol efkes dy UV stralen fan juster tusken alven en tolven dwaan. Sjogge we moarn wol wer. Wûnderbaarlike ferve. Der is net in gemeente yn Nederlân dy´t it ferhaal leau´t hat dat der sokke kristallen besteane. Dus is de primeur yn Hearrenfean. En dêr wiene se wol sa slim om dy hiele djoere ferve, want dy is mei ljochtkristallen dy´t neitinke kinne, mar op in hiel lyts stikje dyk te dwaan. En dan te sjen wat dy ferve wol of net kin. Mar se hienen de ferver net yn de hân en dy makket wol in hiel soad reklame. En dus fytst aanst de hiel wrâld yn it tsjuster op de Janssenwei yn Jobbegea. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s