Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

08 05 14

De man stie fannewike yn it sintsje foar in kroech yn Hylpen. In koarte broek. Mar ek in wintermûtse stiif oer de earen. In geel frouljustaske hong oer syn skouder, we seagen it allegear, it like nearne op. Efkes letter kaam syn frou der oan, dy wie stiekem de kroech yngien om te pisjen, se bestelde dêr neat. Se stapten op de fyts en rieden wer fuort. Koarte broek en iismûtse, in kontradiktio interminus. It toeristysk seisoen fan Fryslân is wer iepene tocht ik. Dat docht kening Willem Alexander fannemiddei pas echt. Hy iepent de nije Johan  Willem Friso slûs yn Starum. De stêdhâlder fan Fryslân fersoop yn it Hollânsk Djip doe’t hy by Strijenas oerstuts. Fandêr dat de slûs by Starum nei him neamd is, al hat dat miskien  mear te krijen mei dat it feit dat it farwetter fan Starum nei Heech it Johan Willem Friso kanaal is. De slûs by Starum is fergrutte. It is dan ek terjochte dat de kening it iepent, en hy sil dat mei in brede smile dwaan, want ek hy hat sneins der wolris in pear oeren foar lein, sa lang duorre it ear’t dy slûs foar elkenien skutten wie. Se bin noch mei de lêste putsjes oan de gong, mar der leit in moai stikje wurk. Starum is tefreden, se spylje aanst toaniel, se sjonge en spylje omraak, it sjocht der moai út allegear. En dan komt de kening dy’t de slûs tink ik iepen fart. Mei miskien wol it steatejacht om oan te jaan dat je Fryslân ynfarre at je troch dy slûs geane, mar ik soe’t ek wol moai fine at Willem Alexander mei it keninklik jacht de Groene Draeck kaam, hat suver noch wat mear kasjet. At je hjoed komme om der nei te sjen, kuierje dan Starum efkes troch. Dan sjoch je dat se in nij brêgje slein ha om by in hiele grut winkelbedriuw te kommen wat dêr no by de iisbaan stiet. Rekreaasjebestandich. Kasjet. At je fierder kuierje dan kom je by de âlde slûs. Fia de âlde slûs kin je yn de âlde haven komme. Net safolle lju dogge soks noch, want ja je moat sels de doarren draeie, dus ja. Mar it besef dat Starum, dat yn 1966 in wat we doe tochten grutte nije slûs krige by it Hooglandgemaal, de âlde slûs dêrnei opknapt hat en noch as in soarte fan histoaryske rykdom bewarret om it elk sjen te litten. Dat hjir troch al dy skippers nei bûten giene. At it dan skûtsjesilen op Starum wie, dan wie der hiel faak geseur kin it wol trochgean, en at der dan sein waard it giet troch, dan moasten al dy skippers ferhipte gau nei it skip, want it skutten duorre foar tsien skûtsjes in foech oere. Mar wat ik sizze woe, Starum, in perfekte mingeling fan kultuer, histoarje mei it ynslaan fan nije paden om de rekreaasje te binen. En at de kening der fannemiddei in klap op jout, toe mar. Wat sil der dêr in minsken komme. In sneintemiddei op de slûs fan Starum, we ha’t sa faak dien. En dan op it terras by de Kruitmolen, gesellich, drokte, lulke Dutsers, lulke Grinzers, net farre kinnende lju dy‘t oanfarre tsjin wol farre kinnende lju. Sjarme, sfear; kasjet is net it goede wurd. Der gean no massa’s boaten troch de twa slûzen, ienrjochtingsferkear, dan kin it foar de boaten wat hurder. Wat sil dêr in minsken op ôfkomme. Der is ek noch in besikerssintrum, o jee. Der komme miskien wol mear minsken op de wâl as mei de boat. Inkel….., ris efkes goed sjen. Der wie altyd ien brêge en der bi no twa. Presies efter elkoar, yn it ferlingde. Mar dan ….  Dan kin je der eins nea lâns mei de auto. Of mei de fyts. Of rinnende, want je kin net oer de slûsdoarren krekt as by de âlde slûs. At de iene brêge net omheech stiet, moat de oare wol omheech. Je kin dus wol nei de slûs sjen, mar set de auto dan yn Warns Laaxum of Molkwar del en kuierje de lêste trije kilometer nei de slûs. Dy is betelle troch Friese Meren. En dy tochten oan boatsjes, net oan sjoggers op de wâl

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s