Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

09 05 14

 

Witte jim it al at jim it ek wite. At jim it al witte dat de wite blommen net witte dat se wyt binne, dan hoege jim net mear te witen oft dy wite wiete blommen ek noch wieter makke wurde moatte, want jim kin se net witer meitsje, of at jim wol wite of witte dat se wiet genôch binne om lang genoch wyt te bliuwen. Ûnsin. Krekt likense  grutte ûnsin as dat in Stellingwerver de lieding hân hat fan in groep dy’t gear moast oer de stavering fan it Frysk. Earlik sein wie it my al ûntkaam dat se Henk Bloemhof mei dy ûnmooglike taak opsadele hienen, mar lokkich hâldt Henk der no wer mei op, sadat ik wer by bin, want at ik witten of witen hie dat hy it dwaan moast, dan hie’k him graach holpen en dus wer nei hûs stjoerd. En dan wie ik sels wol foar dy groep stien gien en yn tsien menuten sein, jongens it wie allegear in fersin, dit hie net wêze moatten. It wie in fersin de Fryske Akadeemje op te sadeljen mei it ûntwerpen fan in nije stavering. Dy wurdt hjir by ynlutsen. De provinsje is ferantwurdlik foar de stavering en dy moatte der dus mar mei rêdde. Dy hat mei opsetsin it fia de Akadeemje dien, want se rêdde har der net mei, dat kin de provinsje net. Wy bin geweldich dwaande, en dat dogge we optheden echt goed, om de posysje fan it Frysk hielendal slutend te meitsjen, sadat Europa, Nederlân en Grins fierder ferplichte wurde om der sa en sa mei te rêdden, mar wêrby wy sels alle foech krije. Ja en dat hie’k no net sizze moatten, want dat foech dêr giet it no om.  De provinsje sis mar de deputearre Jannewietske de Vries hat soks te letterlik naam. Se sei tsjin de Akadeemje: fyn wat út. No en dy ha in pear jier studeard en dy kamen doe mei wat simpels: it Frysk nammentlik minder mooglikheden jaan as at it hie. Net mear witte of net wite, dat woene se net wite, at de minsken der mar ien wurd foar brûke soene. Mar dy staversen  dienen dat ek mei de oe of û kapke, we ha’t der wol faker oer hân. Dus doe’t de provinsje it Akadeemjeplan op tafel smiet en sei sa dogge we it tenei, ja doe kaam Fryslân yn opstân. Wy wolle meistaverjeuzelje. Jannewietske hat doe noch hiel fersichtich sein, ja dat woenen jim yn de 70-er jierren ek en doe hat de hiele rommel ynklusief proefstavering, wêrfan ús heit Bareld noch fan seit dat hienen we dwaan moatten, dy hiele rommel ha we in jier as tsien mei oan it griemeljen west. En doe gie de CDA stavering troch, de helte fan de foarstelde feroarings. It frjemde is no dat de Akadeemje no net kaam mei de feroarings sa’t de proefstavering it yn dy tiid dwaan woe, folle mear it lûd letterlik delskriuwe. Wat mar dan w o t ,want we sizze ek wot. Wat we no krigen wie de CDA helte fan de CDA oplossing of sa. Wat u kes en oekes, wat tkes, wat marginaal wurk, wêrby marginaal net iens in Frysk wurd is. Mar dat docht der ek net ta. Bygelyks de Fryske skriuwers ha gewoan oan it âldehoeren west, dit wolle wy net. Sa’t in elk dy’t dit Frysk no in bytsje hiem is, leaver net wol dat it feroaret, dat wie yn de 70-er jierren ek it heegste beswier. No ja de kommisje Bloemhof dy kaam der net út. Wêrom, elkenien haldt him stil, dus se ha spul hân. De Akadeemje seit it leit by de provinsje, mar de provinsje seit dat it wer by de Akadeemje leit. Dy moatte no wer mei in foarstel komme, no en at se spul ha dan komme dy fansels mei dat foarstel wêr’t se al mei kaam, binne. Dat stjoere se dan nei de provinsje en dy hat al sein dat de deputearre der dan nei de fakânsjes dy’t likernôch oant oktober duorje sille der nei sjen sil. En dan moatte de Fryske steaten der oer te set en tagelyk moat der noch ynspraak

komme. Soe’t net ferstandiger wêze dat Jannewietske har heit noch efkes om dy âlde proefstavering freget.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s