Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

14 05 14

 

It is o sa moai. Ljouwert is hjoed dwaande mei de takomst. Watte, mei de eigen takomst. Ten earste is der jûn in grutte kettingbotsing organiseard op Werpsterhoeke. Jim witte, Werpsterhoeke soe earst in griemank wurde fan allegear hiele grutte winkels en it haadkantoar fan de provinsje. Wat we der oerhâlden ha is in yngewikkelde kliber fan  allerhande diken, dy’t allegear o sa frjemd yn elkoar om draaie. Ik kom der alle dagen lâns en kin my net foarstelle hoe’t it der aanst útsjocht as it klear is, mar ik bin benijd. It is no noch net klear en dus ek net superfeilich, mar dat wurdt aanst natuerlik gjin inkel probleem. Miskien hjir en dêr wat ynfoege, wat ritse neame se dat yn Den Haach, mar we bin hjir yn Fryslân dus we hâlde goed en fersichtich rekken mei elkoar. Toch? Of net? No ja, dan moat der yndied in kettingbotsing organiseard wurde, sadat we aanst witte wat we dan dwaan moatte. Inkel de diken bin no noch net klear, ik soe earst wachtsje oant it allegear klear is, dan kin je sa’n kettingbotsing better organiseare want dan wit je letter presies wat foar dyk je wol en net ynride kinne. Ik sei dat is foar my no noch hiel ûndudlik. En dan moat jim jim foarstelle, dan gean se jûn earst yn de brandweerkazerne sitten en lizze de kettingbotsing út en dêrnei dogge se him ek noch. Soe it hiele ferkear ek tsjinhâlden wurde? Dat kin hast net oars want at we aanst in echte kettingbotsing ha dan kin we der ek net lâns. Mar dat wit ik dat it njoggen oere einde oefening is, dus dan kin je wer gewoan trochride. It wurdt allegear organiseard troch de Veiligheidsregio Fryslân. Jûn mei de media komme, mar se moatte har wol strikt oen de befelen hâlde. Mar der bin dus de hiele wike oefeninkjes, we bin inkel jûn wolkom. Wat en hoe, we witte it net. Inkel bekind by de dielnimmers: plysje, rykswettersteat, gemeente Ljouwert, medyske tsjinst fan definsje en de brandweer Fryslân. Stipe troch de oannimmer fan dy grutte diken, dy moatte úteinlik  de rotsoai fan de kettingbotsing wer fan de dyk skoue.  Der is noch mear hjoed. We krigen ek berjocht dat SC Cambuur en Kreatief Nederlân  har krêften bundelje sille foar maatskiplike fraachstikken. Ik wit wat Cambuur is: in fuotbalklub, dy’t fan’t jier yn de earedivisy in geweldich seisoen spile ha. Ik wit net wat Kreatyf Nederlân is. Kin’k nearne fine. Mar it is fansels in skitterjend begryp. Wy wolle allegear o sa graach kreatyf wêze, at hiel Nederlân it is, is dat moaier as in Songfestival winne. Mar wa’t dat no binne: we witte it net. Mar se bin der wol want hjoed is de Serious Innovation Cambuur Edition. Wat Serious Innovation is witte we ek net mar it is serieus, dus it sil wol goed wêze. It giet allegear oer facebook en sa, dus we ha der net sa folle mei nedich. Mar no komt it: dat Serious Innovation, earnstige fernijing, dat sil dus jûn mei Cambuur oer Cambuur prate. Der bin 18 kreatieve lju dy’ t har oanmelden ha. Wa dat wit we net, mar der bin dus 18 kreatieve lju yn Ljouwert. Dy sille mei de supporters fan Cambuur prate oer trije tema’s. De earste is: hoe ferhûzje we de kenmerkende Cambuursfear nei it nije stadion. No da’s net sa nuodlik. Je gean op it Cambuurplein stean, Henk de Jong fluitet op de fingers it Woanskip, en dan   rinne jo mei syn allen nei it WTC, sla de hoeke om en je binne yn it nije stadion, mocht it der ea komme. Ienfâldich. De twadde is hoe kin Cambuur syn maatskiplike rol útwreidzje en fersterkje, innofeare. Ek net sa nuodlik. In fuotbalklub moat winne. Dus goede spilers oankeapje, en winne. Dan it tredde tema: hokker rol kin Cambuur spylje by kulturele haadstêd 2018. No sju dy 18 kreatieve minsken betinke jûn in toanielstikje weryn de spilers fan Cambuur optrede kinne. Eins bin ik dêr wol hiel benijd nei.  Mar ja Serious Inovation Cambuur Edition. De media mei der net by. We meie inkel nei in sabeare kettingbotsing. Mar miskien wurdt dy ek opfierd yn 2018.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s