Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

15 05 14

 

At se dan sizze dat de hûzeprizen wer omheech geane, dan sjoch we, alteast dat die de Ljouwerter Krante foar ús, dat der yn  Fryslân hûzen te keap binne foar mar 40.000 euro. Dat ‘mar’ is sjoernalistiek net goed, want it jout in miening oan, mar 40 is neat foar in hûske. No is it neffens de adfertinsje ek in boufal. En it stiet yn Nes, dêr wol sels net in Dútser mear hinne. Mar de prizen bin noch leech en yn ekonomysk opsicht is dat net goed. Der wurdt ek sein dat it wer wat better mei dy ekonomy giet. Dat we út de ressessie binne. We roppe teminsten ek daliks wer dat Frankryk en Italië har oan de europeeske trije persint hâlde moatte, it folk yn Den Haach hat fuort wer in grutte bek wylst it 0,001 persint better giet of sa. Mar tagelyk kin we  noteare dat der wer 22 bedriuwen fallyt gien binne de  ôfrûne moanne yn Fryslân. En dat it tal wurkleazen hjir wer grutter wurden is. Dan tink je by je sels, Fryslân docht net mear mei. En eins is dat ek sa. As Nederlân de spoarwegen ferbetterje wol en mear treinen ride litte wolle, dan blykt wer dat Fryslân  nearne neamd wurdt. Dat it hjir gewoan net bard. Jehannes Kramer moat nei Den Haach en moat Sander de Rouwe mobiliseare, oars ferjitte se ús hielendal. En omt Jehannes Kramer roppe moat dat se ús ferjitte harket der  net ien mear, want dat is in standertútdrukking fan FNP-ers. Mar dizkear hast ek noch gelyk Jehannes, we dogge net mear mei. Kinst efkes by dyn guozzen wei en dat yn Den Haach roppe. Ik leverje wol wat foarbylden, ik kin se  muoiteleas oanfulle. Bygelyks, wy Friezen sitte net iens yn it Nederlânsk alvetal van Van Gaal, mar se ferwachtsje aanst wol dat we dêr yn it oranje allegear nei sjen sille, mei in krat bier yn de hân. We dogge net mei. We hearre ús Fryske Keamerleden ek net, Lutz en Aukje jeuzelje inkel wat yn it hollânsk  om, Sander en Anne Will ha nea oars kinnen. Joop Atsma fannewike yn Ondernemend Friesland: we litte ús net yn Den Haach sjen, bestjoerders net, mar ûndernimmers ek  net. We dogge net  mei. En wit jim wat it slimste is, dat Hugo ter Avest jûn fertelle sil dat it eartiids allegear hiel oars wie. Hy sprekt jûn yn it Hannemahûs yn Harns. Da´s maklik want der is hy direkteur fan. Mar hy sil fertelle oer Harns fan eartiids, beginnend by likernôch 1600. Slag bij Nieuwpoort. Mar dêr dienen de de Harnsers net oan mei. Hienen it fierstente drok. Se wiene nammentlik dwaande de stêd út te wreidzjen oan sawol de noard- as de súdkant. Havens waarden groeven, hûzen bout, mar ek skipshellings. Want Harnzers wiene smoarryk.  Doe. Se diene oan de hannel, fia de see. Se fierden hout en nôt (graan foar Sander en Anne Wil) yn. Hienen dêr yn ynfesteard en ferkochten it allegear troch. It sâlt waard siedde, dat wurdt no noch nei boppe helle. Stoffen waarden beskildere. It doe ferneamde Harnser bont waard weefd. En wat ik net wist, se hienen der grutte jeneverstokerijen, dan is it dúdlik werom at it no net mear sa is allegear. Likegoed, wat wienen dat moaie hûzen der oan de havens. Werklik skitterjende skilderijen hongen dêr oan de wanden. De Harnzer froulju hienen djoere serviezen en der njonken leine de gouden en sulveren dingen dy’t de manlju sparren en oan de froulju joegen, of se lieten de pleatselike sulversmeden der wat oars fan meitsje. Rykdom. Likegoed wurdt je jûn fiif euro ôffrege om ter Avest oan hearre te kinnen. Dus je reitsje jild kwyt at immen fertelt dat de measte Harnzers nea wer sa ryk wurde sille as de lju dy´t doe yn Harns wennen. Dochs mar efkes hinne, de lêzing hjit de Gouden eeuw, de tijd dat Rembrandt leefde. De skilder is doe ien kear lâns Harns reizge, mar it is mear in tiidsbyld. Dat ûnderstreke wurdt troch it museum want dêr hingje mear as hûndert etsen fan Rembrandt. Ik ha begrepen dat se dy aanst gewoan efteroer drukke om op dy wize sa gau mooglik harren rykdom wer werom te krijen. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s