Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

16 05 14

 

Der komt wer in moai wykein oan. De sinne sil skine, de temperaturen gean wer omheech, de rekreaasjeûndernimmers wriuwe harsels al yn de hannen. De rekreaasjeûndernimmers wriuwe harsels sowieso altyd yn de hannen, omt se yn Fryslân sitte. Yn al harren folderkes stean de kreten: sjoch hoe moai at it lânskip fan Fryslân is. Alles is nammentlik al foar har oanlein. Alle lju dy’t yn Earnewâld of Grou komme skoue de Alde Feanen yn en Grou en Earnewâld ha der helemaal neat oan ta dien. Earder oan ôfdien. Benammen dat der rom 300 hûskes yn Earnewâld delset waarden, dat wie eins wat tefolle. It natoergebiet hat efkes stind, mar it blykte dat it koe, al liket de Sietse Maeike sleat soms wol op de Kalverstraat. De mienskip fan Fryslân hat sa linkendewei in lykwicht fûn tusken natoer, rekreaasje, wenjen en bedriuwen. Tink net dat soks sa mar gie. It wie in eineleas geâldehoer wat jierren en jierren duorre hat. Yn begjin 70-er jierren wie’t der allegear noch net sa bot. We makken hjir yn Fryslân in streekplan mei de nota’s oer wenjen, wurkjen en rekreaasje. Natoer stie noch net op de foarside. Dat kaam omt natoerminsken fûnen, krekt as by emansipaasje fan froulju, dat it automatysk elke kear in ûnderdiel fan de diskusje wêze moast. Ja seinen CDA en VVD, mar se dienen it nea. By beide ûnderwerpen net. De froulju ha harsels rêdden, troch yn alle partijen op te klimmen, mar de natoer moast help ha. Dat kaam úteinlik fan allerhande lokale groepkes, dy’t har fersetten tsjin de útwreidingskrêft fan doarpen, boeren, stêdden, provinsje, bedriuwen, ensafuorthinne. Nee seinen se en fierden aksje tsjin hieltiid mear ôfhakken en ôfpakken fan harren natoer, ek al wiene it mar hiele lytsje hoekjes. Letter waard dat besef logysker, VVD en CDA krigen Grien Links en  Partij van de Dieren sa op’e bealch dat se harren heil sochten by de PvdA en dy die faak de oplossings dy’t regelen dat de natoer bestean bliuwe koe yn in him dochs ûntwikkeljende mienskip. Ien swierrichheit. De grinzen wiene faak te strak. En dat wie ek net goed. No doe bin se mei ferbiningszônes kaam en der dienen se allegear, de VVD side oan side mei Grien Links har úterste bêst foar. It slagge. It byld yn Fryslân is hiel kompleet en de rekreaasjeûndernimmers kinne rêstich yn de folderkes sette dat de lju dy’t by harren de tinte opslane of in boatsje hiere geweldich genietsje kinne fan de natoer en dat se ûngestraft rekreeare kinne. At dan, sa’t fannewike blykte ek noch Wietze de Haan en Tineke Schokker hearlik tegeare skjin swimme kinne, sels yn de Lemmer, no wat wol je dan noch mear. Mar dan komt de Mobilisation for the environment. MOB. Dy lulle net, dy meitsje gewoan blyn offisieel beswier tsjin elke fergunning dy’t oanfrege wurdt op de natuerbeskermingswet. En ynienen krigen se gelyk fan sels de Raad van State op it mêd fan buorkerijen dy’t binnen fiif kilometer fan in natoergebiet sitte en útwreidzje wolle. Mear fee, mear stront, mear ammoniak. De provinsje Fryslân sette al dy bedriuwen dy’t ûnder de heale mol mear ammoniak produseare soenen oan de goede kant. Mollen dat bin ienheden, dy’t sa lyts binne, dat je se net ien sjen kinne. Hiel yngewikkeld, ik kin’t net iens útlizze. Leau my mar. Of sjoch op ynternet. Mol. En dan in healen. Mar de Ried fan Steate wiist dy heale mol ôf. In foarspelde heale mol, mar dat is net oars. Fryslân sette de fergunning fan 20 lânboubedriuwen wer werom. En dy boeren moat no bewize oan de MOB en de NBW dat se wol mear kij en dus mear stront krije, mar net mear ammoniak,want sels heale mollen bin deadelik foar de blaugêrslannen yn de natoergebieten. It komt wol wer goed, op 1 jannewaris 2015 is der wer ammoniakromte, de VVD sit noch altyd oan it roer, mar it is wol lêstich foar dy 20 boeren. It quotum giet der of, se kin no ynfesteare foar in megatakomst. Ik fûn 20 nochal in grut tal. Ik ha efkes sjoen. Tsja de grinzen fan natoergebieten. Ik hie as Fryslân de Ried fan Steate efkes it Fryske natoerbelied útlein. En hoefolle leden fan dy MOB komme út Fryslân?

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s