Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

19 05 14

 

Der ferskine noch altyd hûnderten, miskien wol tûzenden nota’s per moanne. Nota’s mei hiel ûnútsprekbere nammen, titels en oanliedingen. At je eartiids wat woenen yn in bedriuw dan woenen de bazen der ôf wêze, en seinen skriuw mar in nota en dan waard der net in rekkentsje bedoeld. Tsjintwurdich sizze se trouwens skriuw mar in mailtsje want fuortklikke is noch handiger as de papierferneatiger. Mar yn de  polityk bestean de nota’s noch folslein. En ik wurd eins altyd fleurich fan it wurd maaitiidsnota. Yn de flits fan it wurd sjoch je efkes de moaie maaitiid sa’t we dy no ha foarby kommen, mar it hat ek wat fan: no set we noch efkes alle sifers del en dan gean  we de frije dagen yn. Maaitiidsnota’s, in  fleurige útstrielig. Mar de maaitiidsnota’s dy’t no ferskine bin inketswart. Of ne, read, fel read. Tekoarten. Littenseradiel moat jûn teset oer de maaitiidsnota en ik sil de sifers net brûke want dy bin foar elke gemeente wer ferskillend, mar rekkenje mar fan: alles wat se dwaan moatte is te djoer. En it is ek net sa dat inkel de lytse gemeenten reade maaitiidsnota’s ha. At Hearenfean syn eigen gemeentehûs al ferkeapje wol dan witte se dêr dus absoluut net mear hoe’t se it oplosse moatte. En dan moat je je foarstelle dat de soarch foar de soarch foar de gemeenten noch net iens begûn is, wylst elk dêrfan seit dat se dêrtroch tsjokke ferliezen krije sille yn de stân fan de ponge. It sil oeral wol need gean, mar Fryslân hat fansels ek noch derby dat se net opsjitte mei dat weryndieling gedoch. Mar it komt der wol oan, ferskate gemeenten ha dus al jild útjûn want oars slokt de grutte partner dat aanst op, dat wol se net. Foarbyldsje fannewike, 15000 foar it iisbaanhokje yn Bitgum.  Mar ja, dy grutte partner dy fertraget de saak, want dy wol sels earst wer lyk komme, foardat oaren yn de pot meitraapje. No oeral sitte de nije wethâlders der hast wer allegear, al bin it meast de âlden dy’t sitten bleaun binne. Mar no kin se dus wer sjen hoe’t se it oplosse moatte. En dan blykt dat se dat net kinne. Sju bygelyks it wetterskip kin jild oerhâlde. Dy dogge gewoan  in tal dingen net, en klear, jild oer. Mar der is nimmen dy’t dat wetterskip wat freget. Hoe lang ha we foardat it wetter oer de dyk komt, o oer 30 jier, okee, welterusten en we sliepe fierder. Dus de dykgraaf seit al fan dat in ramp goedkeaper is as de ramp foarkomme. Mar yn elke gemeente stean de minsken op de doar te roffeljen, we wolle dit, we moatte dat. Want dy frijwilligersorganisaasjes sitte yn itselde molentsje as de gemeenten, je wolle eins sa wat trochgean en dat kin net. Koartsein we krije de kommende jierren allegear reade maaitiidsnota’s, mar ek de nijjiernota’s en hieljier nota’s bin swier read kleure. Ja, fansels, der is dan al wer in nij kabinet, of miskien dat de folgjende formaasje likernôch trije jier duorje sil, dan wurdt it noch slimmer., Mar it is no al in gaos. Njonken de berjochtsjes  oer reade maaitiidsnota’s stean berjochtsjes oer slutingen fan ynstellingen of saken. Je sla de krante iepen en floep der is wer in swimbad ticht, flap der wurde 16 bejaarden út in tehûs smiten, pats der gean wer trije bibliotheken  ticht. Yn Ljouwert. Yn Ljouwert nota bene. Se stutsen dêr wethâlder Andries Ekhart yn in netsjes pak, no dat wie djoer, want twa dagen letter trije bibliotheken ticht, se kin de earmoede net mear ferhulle. Sa’n simpel berekkeninkje, de gemeente soe se iepen hâlde mei 40.000 euro oant 2017, dan bin de measte bibliotheeklêzers wol dea, en yn 2018 ha Ljouwerters it net oan tiid te lêzen. Mar der moast no wol 130.000 by, gau slúte, miskien stiet der yn Stiens aanst noch wol in biebke. Mar wit jim no werom at de kosten ynienen sa heech oprûnen? Troch de digitalisearing fan de systemen. Dus de digitalisearing dy’t de deastek is foar de bibliotheken, hellet se noch earder om sjippe. Andries jonge, dat pak wer út, dyn âld spikerbroekje wer oan. Je moat je net better foar dwaan as at je binne. 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s