Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

20 05 14

 

Wilders en Roemers wolle dat Europa ferdwynt, en dêrom dogge se mei oan de Europeeske ferkiezings kommende tongersdei. Dat is it begjin fan in sa yngewikkelde diskusje dat it publyk al fantefoaren har nocht hat. Sterker, we geane tongersdei net te stimmen, it ynteresseart ús net, sizze de measten. Mar eins soenen je wol stimme moatte op wat oars as Wilders en Roemers, want dan foarkom je noch yngewikkelder diskusjes yn de takomst. Dy kin je likernôch fergelykje mei de FNP dy’t meidie oan de earste ferkiezings yn de gemeente Súdwest-Fryslân wylst se tsjin de foarming fan dy gemeente wiene. Se sitte der no trije jier letter dochs yn it kolleezje, sa’t se optheden yn folle mear kolleezjes sitte. De FNP. Dêr ha dus lêsten in soad minsken op stimd. Dy minsken ha in probleem tongersdei, se kinne net op de FNP stimme. Dat is in swaktebod. De FNP hat sein we ha 200.000 stimmen nedich foar in sit en dy krije we dochs net, dus dogge we net mei. Swak sei’k dus. At je earne foar steane, en de FNP stiet foar Europa, dan leau je der dochs yn dat der mear minsken yn leauwe. Dit is wol in hiel leech betrouen yn de Fryske kiezer, wylst se je op gemeentlik nivo sa goed betsjinne ha. Mar goed, achte FNP, wêr  moatte wy as we in bytsje yn jim rjochting wolle dan op stimme, jim ha fansels wol in goed alternatyf foar at je net sels meidogge. Op de EFA, de Europeeske Frije Alliansje. Dat sit mei 7 man/frou yn dat Europeeske Parlemint. Dêr sitte yn totaal 766 minsken yn, dus it is in frij swak adfys, want dy lju ha dus neat, mar dan ek helemaal neat yn te bringen. Sa’n adfys jout de FNP dus ek net, se soenen  it wol wolle, mar we kin hjir yn Nederlân net stimme op de EFA. We kin ek net stimme op partijkes út Wales of Skotlân of Vlaanderen, of oaren dy’t de EFA foarmje. De FNP wol dat wol graach, dat we Europeesk stimme kinne. Dat in  Burgumer stimme kin op in man út Barcelona. No hat de FNP altyd sein dat se sa’n sukses ha omt se herkenber binne, en dy man út Barcelona kin we net. No ja, seit de FNP, dan moat Fryslân mar in stimgebiet wurde. Dat is in noch gruttere swakte, want soks komt der noait fan sels. Turkije net, dan Fryslân ek net. No ja, it hienen allegear redenen west om it ús sjen te litten en sels mei in list te kommen. Ik bedoel al dy oare Nederlânske partijen ha ek allegear listen ynlevere mei lju dy’t aanst net folle te sizzen ha. Want at we net op Sybren Posthumus stimme kinne, hy is bestjoerslid fan de EFA en hy kin dus net op de eigen EFA stimme, swaktebod nûmer 5, mar wêr moat we dan op stimme as rjochtaarde Fries, dy’t de belangen fan dizze mienskip folslein foar eagen hat. Wim Eilering, de tsiende fan it CDA oaremoarn seit ús yn de reklame dat we yn elk gefal noardelik stimme moatte. Hy seit dat je dan  miskien, ek al ha je soks noch nea dien, dat je dan op him, op it CDA stimme moatte. Mar hy komt der fansels net yn. Nee, dêrmei is syn reklameboadskip foar Jan Huitema. Dy stiet as seisde op de VVD list. It is in boer dy´t echt út Fryslân komt, Makkingea. 130 kij. Moai bedriuw. Jonge wit ek wol wat, hat yn Wageningen studearre. Nij soarte manazjer boer. Hat ek al yn it Europeeske Parlemint wurke as meiwurkwr fan dy eardere bedaarde Grinzer boer Jan Mulder dy´t jierren wat stillich syn wurk die yn dat parlemint. Jan Huitema is net stil, hy is noch gjin tritich. Jim sil him de beide kommende dagen hearre. Want hy giet hjoed op in âlde trekker sitten   en riidt dêrmei yn twa dagen de alvestêdddetocht. En dan seit er dat se dêr yn Brussel wol wat boereferstân brûke kinne.  Mar dan seit hy ek, ik nim de Fryske belangen dêr wol waar. No dan moat de FNP, dy’t sein hat dat je stimme moatte op immen dy’t dy belangen it bêst ferdigenje kin, hím mar oanpriizgje.   

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s