Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

21 05 14

 

Wat bin wy in lokkich folk. Watte, in ferskuorrend lokkich folk. It is in gewoane dei, de 21ste maaie. Neat bysûnders. Likegoed der bin hjoed twa geweldige happenings. En yn beide wurdt praten oer de takomst fan Fryslân. Wat moai. En al sa lokkich: de iene gearkomste is om fjouwer en de oare om acht oere, dat we kin nei beide. Salich. Sil’k om fjouwer oere begjinne. Dan is de Rede fan Fryslân. Wat bin jim ynienen stil. Jim witte toch wol, de Rede fan Fryslân, it hichtepunt fan it jier. Nee? No, twa jier lyn waard ommers it provinsjehûs iepene, jim wit toch noch wol. De keninginne, Beatrix doe noch. Sa moai. En doe hat der immen sprutsen yn de steateseal. Coen Teulings, doe noch direkteur fan it Sintaal Planbureau. Dy moast foarút sjen nei 2040 en dy sei doe leau’k dat Fryslân hielendal neat foarstelde, neat betsjutte en neat om’e hakken hie, en dat se har hjir fierder mar rêdde moasten mei wat gepiel yn de rekreaasje, it ienigste wêr’t hjir miskien noch wat yn te fertsjinjen wie. Mar fierder wiene wy in ûngelokkich folk. Dêr wiene wy sa lokkich mei dat we doe besluten ha dat der elk jier op 22 maaie tenei sa’n Rede fan Fryslân hâlden wurde soe. Ferline jier kaam Bernhard Wientjes, de foarsitter fan de ûndernimmers. Dy makke ús ek wer lokkich troch te sizzen dat we fierstente beskieden binne. Sterker, eins wiene we  kloaten, want we fertelle net oan oaren wat we goed dogge. Teulings wie yntusken al út de CPB smiten, Wientjes waard ynkapsele troch de fakbeweging. No ja, dan pakke we dit jier dus mar immen dy’t al fuort is. Hjoed komt se, want moarn, de offisiële dei fan de Rede hie se it net oan tiid, want se sit ek noch yn de ried fan Tafersjoch fan Artis, en de kamelen moat fretten ha. Gerdi Verbeet. Keamerlid, Keamerfoarsitter. PvdA. Mar se hie der gjin sinne mear oan, al dat gedoch oer de komma’s mei Geert Wilders, bah. Se is Amsterdamse, gie op foar de sociale geografie, neffens my in net al te yngreven wauwelstúdzje, mar dy liet se sitte, feestbeest tink. Fia leararesseoplieidng dochs goed yn de wrâld kaam, hoewol polityk. No ja, dy sprekt hjoed de Rede fan Fryslân út. Dêr kin inkel mar de lju hinne dy’t yn de steateseal passe, dat bin net iens sa’n soad, wy bin dus tawiisd op de Ljouwerter Krante fan moarnier. Deryn sil stean….. tsja wat sil der yn stean. Sju , se sil it ha oer demokrasy en dus wat dat foar de takomst fan Fryslân betsjutte kin. En wat lokkich, dêr wêr’t wy tinke dat it gjin soademiter betsjutte kin, sil sy sizze mar wy ha yn de Twadde Keamer de Taalwet der trochskuord, en deryn stiet Frysk op in lyk plak as it hollânsk. En Lutz mocht fan my yn it Frysk altyd sizze dat se it ûntjitte. En dan giet de hiele steatesel stean en mei Verbeet op de skouders stoue se mei syn allen nei Tresoar. Want dêr is it ek al tredde petear oer de takomst fan it Frysk. De Fryske takomst kin harren neat skele, inkel dy fan it Frysk. Harren dat binne Willem Verf, Pieter de Groot en Frâns Kuipers. Dy wolle in referendum oer it Frysk, dêr moat lang oer seurd wurde. Se ha dêr Reinier Salverda hân, de ek al ôfsette direkteur fan de Fryske Akademy, en Lieuwe Westra en Goffe Jensma. No ja dûmny’s en perfessers Frysk bin ek net lang mear nedich. Mar jûn komt de man dy’t noch lang bestean bliuwe sil. Klaas Sietse Spoelstra. Spile in haadrol yn it kulturele haadstêdgedoch. Spilet in haadrol yn Kening fan de Greide. En is foarsitter fan in orgaan wat ik net wist dat bestie, mar it bestiet wol: It Orgaan foar de Fryske taal. Dat is no it ienigste offisieel adfysorgaan foar it Frysk foar sawol ryk as provinsje. Is dat net yndrukwekkend. Wat moat wy lokkich mei dit alles wêze. Inkel dy lju fan de steateseal stean foer de winige doar Tresoar. Der meie mar 30 lju mei âldehoere en dy hiene har al melden. De takomst fan Fryslân en it Frysk it is net hielendal itselde.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s