Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

22 05 14

 

It ecomunitypark yn Easterwâlde wurdt hjoed……o nee ik lês it net goed …….., ik soe sizze wurdt hjoed iepene. Mar der stiet inkel dat der oer dik twa moanne begûn wurde sil mei de oanliz fan it ecomunitypark. En ik tocht dat it al klear wie. No ja, se ha der yntusken sa faak wat fan hâlden hè, dan krij je dat. Sterker, it blykt dat der al tsien jier wurke wurdt oan inkel noch mar de tarieding fan it ecomunitypark. En noch altyd witte we net wat it is. En it wurdt heech, heech tiid, want hjoed is de kick off yn geef Frysk fan it ecomunitypark. Ja dêrnei is it wer twa moanne stilte, mar dan begjint it echt hast hear. Dus hjoed skoppe se tsjin de bal en pas at de wrâldkampioenskippen fuotbal dien binne, dan begjint de bal dêr te rôljen. En ik wit wol, oer de sintrale as ha se ek 25 jier lang allinnich mar sangere, mar dan wisten je wat bedoelt waard. Hjir ha je it ferlet om te witten wat der komt. Mar goed om ús meiskoppe te litten yn dy kick off bin we útnoege, en dus kin we miskien útfine yn al dy wurden dy’t oer de kick off ferspuid binne, wat no in ecomunitypark is. Het park biedt ondernemers, onderzoeksinstelligen en onderwijs een inspirerende omgeving waar kennis wordt gedeeld. Kennis wurdt dochs altyd dielt. Ik  bedoel wittenskippers ha noch mar krekt de kennis stellen fan in oar of in kollega of se skriuwe al in boekje en dat kin elk lêze. It klinkt allegear sa fanselssprekend. Inspirerende omgeving. No ik kin minsken dy’t hevich ynspireard wurde yn in pishokje. Dat is foar elk wer ferskillend. In de praktijk is gebleken, de praktijk der is tsien jier oer neitocht en we ha noch gjin bliksem yn de praktyk sjoen, is gebleken dat het delen van kennis, resources, wat bin yn himelsnamme resources, dêr ha we as gewoane lju noch gjin kennis fan, dan moat we earst nei it ecomunitypark yn Easterwâlde, mar dat is der noch net, resources, mensen en competenties tussen bedrijven een succesfactor blijkt te zijn die leidt tot krachtige innovaties met grote spinn-off voor alle betrokkenen. Dus op dat park wurkje bedriuwen gear en dat smyt wat op. Ja. Dat is sa.

En dat it ûnderwiis ek better ôfstimd wurde moat op wat de bedriuwen freegje, dat is ek wier, mar derfoar hoech je dochs net nei Easterwâlde. Der bin hjoed allerhande lju dy’t in soad fertelle sille oer de behoeften oer en wer, ûnderbrutsen troch in luns, dus it is in langduorjende fertoaning hjoed. Mei oan de ein it hichtepunt. Om kertier oer twaën prate se dêr oer de ondernemende ambtenaar. Dat is in contradictio interminus. Sju, at de oerheid  de ûnderwizers mear nei de ûndernimmers dirigeert dan is it goed. En at de oerheid goed nei de winsken fan de ûndernimmers harket, prima, oarsom soe ek net altyd ferkeard wêze. Mar in amtner as ûndernimmer. Moat ik jim de foarbylden neame fan al dy heale ryksbedriuwen dy’t al om in luchje gien binne? Mar doe wie der fansels noch gjin ecomunitypark. Yn Easterwâlde. Dy stelling de ondernemende ambtenaar, dy wurdt ferdigene troch twa minsken. Harry Oosterman is de iene, de boargemaster fan Easterwâlde en omkriten. Ja, sa’n man hat yndertiid sein dat it moai wêze soe dat yn Easterwâlde in ecomunitypark komme soe, dus hy wit miskien wat it is. Mar de CDA-er moat it dwaan mei Hans Konst, de deputearre fan de provinsje. Dy’t sizze sil dat we rûnom yn Fryslân in goede gearwurking ha tusken oerheden, ûnderwiis en ûndernimmers, en dat hy bliid is dat soks no ek yn Easterwâlde stâl krije sil, al of net at it ecomunitypark hjit. Ja mar in ûndernimmende amtner dan, Hans, Harry. No dy sil se tegearre sykje. Ja, no wit jim noch net wa in ecomunitypark is. Ik ek net. Mar aanst nei augustus, it sil dan noch wol efkes duorje, dan witte we it. Want at je no al sa’n dei duorjende kick off ha, at it pas augustus begjint, dan kin we it straks iepenje yn in wike of sa. Miskien dat Harry en Hans dan it andert ek noch fûn ha.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s