Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

23 05 14

 

No tocht ik dat se hast begjinne soenen mei de rotonde fan de Jouwer en no is der fannemiddei noch in sitting oer dy rotonde by de Ried fan Steate. Ek noch om tolve oere. No dan wit je it wol:  hurd efkes elk hearre en dan gau lunse, en nee hjoed gjin útspraak mear. In wike as seis, sân. En ik sei tsjin elk dy’t my frege wannear wurdt dat no einliks in kear oplost, no jonges, dat begjint ynkoarten. Se ha in jier lyn sein dat no’t de 130 kilometer komt, no moat we trije lyntsjes  oertekenje en dat duorret in jier. Dat jier is hast foarby, dus kin se begjinne. Mar at dat no allegear noch by de Ried fan Steate leit. En it is ek net it minste en geringste wat der allegear fout skynd te wêzen oan it traseebeslút A6/A7 knooppunt Joure, sa’t offisieel hjit. Knooppunt is eksakt de goede titel. Dat seit de minister fan ynfrastruktuur en miljeu ek. De drokte op de rotonde soarget dat der gjin trochstreaming is op de A6 en de A7. In soad doarpen yn de omkriten seit de minister ha lêst fan slûpferkear. Ja oan de boppekant oer Sniksweach, en dan ûnder Vegelinsoard troch fia Aldehaske wer op de dyk, of troch nei Haskerdiken en dan omheech. Of fia Aldehaske oer Ouwesterhaule ûnder de dyk troch nei Skarsterbrêge. It is net normaal mear, ek grutte frachtweinen joekelje dêr lâns. Dy gean fan Snits nei Ljouwert binnentroch oer Dearsum. Alle folk fan de Súdwesthoeke kiest omride oer Spannenburch en  oer Dolsterhuzen, of de ôfslach nei Hearenfean apart fan de rotonde. En fan Snits nei Lemmer kin je ek apart ôfslaan, mar der stiet meast safolle ferkear foar dat je net iens rjochtsôf slaan kinne, dat duorret like lang. Dus dy minister wit ek wol, dat je om Amsterdam en Rotterdam gruttere filesoargen ha, mar dat dit net op Fryslân liket, lange rigelen fanôf Hearrenfean en Snits rjochting de Jouwer. Mar ophâlde fan seuren, dat wurdt aanst allegear better. De wei fan Lemmer nei Snits wurdt trochride, dy fan Snits mei grutte halen dêrop oanslúte. En noch in ôfslagje Jouwer. At de Ried fan State it fannemiddei begrypt teminsten. Want der bin dus eigners fan grûn dy’t brûkt wurde moatte foar dy grutte halen dy bin benaud dat se no net mear op eigen hiem hynstesportsje kinne. En se bin bang foar lûdsoerlêst. No brekt my de klompe. Der stean no de hiele dei dêr auto’s mei jankende moters foar dy oppofte rotonde en aanst riidt alles troch en dan tinke se dat se dan pas lûdsoerlêst ha. In eigner fan grûn by de Hollandiastraat fynt dat syn  hoekje net goed op’e kaart set is. Dat is ferdory de wei nei Skarsterbrêge fan de Jouwer, wat kin dat no skele hoe’t dat tekene stiet op in kaart foar in oergong in kilometer fierder. Dan gean je net nei de Ried fan Steate, dan gean je nei it kadaster of sa. Mar it slimste is fansels dat de eksploitanten fan de McDonald’s dy’t der ticht tsjin de rotonde oanstiet ek beswier oantekene ha. En de Ried fan Steate kin fansels maklik dy hynderkelju oan’e kant skoue. Mar de hillige McDonald’s. Pfoe. Je moat dochs earne lunse. En dy McDonaldlju ha allegear ek noch idioate saken betocht. Neffens harren bin it feiligensrapport en lûdsrapport net te sjen west. Wêrom wol McDonalds dat it dêr feilich is, krekt as soe dat it no wol wêze, en it lûd bliuwt ommers gelyk. Mieredingesers. Mar se bin noch folle fierder gien. It traseebeslút soe net útfierber wêze fanwege boaijumfersmoarging. En it beslút soe yn striid wêze mei de provinsiale ecologieregels. My brekke alle klompen. At der no striid is mei ekologieregels dan soe’t wol gean kinne oer patat en hamburgers wer’t it fet útdript. En at de minsken dy’t dat opfretten ha it swit ôffeie dan is de grûn al fersmoarge. Boppedat at wy allegear foar dy frekte rotonde steane dan sjogge we de McDonaldsljochten wol, mar we kin der net hinne, want dan komme we wer efter yn dy lange rige. Dat is toch aanst ôfrûn. Mar at jim jim no de bek net hâlde komme we dan ek net.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s