Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

26 05 14

It Fryske lânskip is wrâldferneamd. Poeh, wat kin we dêrmei foar de dokter komme. En  dat dogge we ek alle dagen, wy pronkje dermei.  Eeeh, wa hat dat Fryske lânskip eins makke. Tsja. Ik soe’t net witte. Mar dan kin we der gjin priis foar fuortjaan. No ja we soene him oan ússels jaan kinne, want úteinlik ha we it mei syn allen dien. Mar fiele jim dat no ek, dat jim bydroegen ha oan de tastânkomming fan it Fryske lânskip? Ja, we ha der allegear heechút in kear oer diskusieard, mar dan seine we  inkel hoe’t wy it fûnen. En dat wie wer oars as wat it wurden is. It Fryske lânskip is ûntstien op de ien of oare wize. Hjir wie wat sompich lân en in soad wetter. De lju dy’t hjir kamen  makken terpen en giene derop wenjen en doe’t der tefolle lju kamen  ha we in dyk om de provinsje kwakt en sjoen wat der doe barre soe. Risseltaat in moai lânskip. Sa no en dan kamen der noch wer mear lju, dus moasten der hûzen komme, bedriuwen om yn te wurkjen,  winkels om wat yn te keapjen en grûn foar de lânbou, want we  moasten sa no en dan ek in flaubyt ha. En doe begûnen we noch letter ek te silen en te rekreeeren en sa ûntstie it hjoeddeiske lânskip. O sa moai. We ha wol hûnderten jierren sein o wat moai en dêrnei ha we it wer bedoarn. No ek. Hjoed ha se wer  dat de reekealtsjes út it hege gears weihelle wurde moatte want de boer moat meane. Earder sochten we dy reekealtsjes troch te kuierjen yn it lân en dan sa no en dan sa’n reetsje in tikje op it skouder te jaan. Kom jong, hjir net lizze, drave. Wit jim hoe’t se it no dogge. Mei drones. Mei drones. Mei fleantugjes mei in kameraatsje deryn. Bzzzzz . In ilebij tinkt it reekealtsje en krûpt noch stiver yn it lange gêrs, mar hup dêr is it fleantugje al. Bzz Bzz en dan komme se oandraven en joue it reekealtsje in tikje op it skouder. Fleantugjes om reekealtsjes en earder ek aaien op te speuren. Nije tiid. De neisoagers ha ek al fan dat ark, hâlde efkes in tillefoan boppe it nêst wat se fine, bzz bzz , in gsm punt, efkes trochappe nei de boer, dy toetst it yn op syn trekker, en  hup dat ding riidt om de aaien hinne. Mar soks docht neat oan it lânskip ôf, dy fleantuchjes boppe de Burd fansels wol. We ha jûn yn Wytmarssum ek in jûn oer wynmûnen. Hoe’t je it ek wende of keare, wynmûnen ha ynfloed op it lânskip. Se bin te grut om yn dat hege gears te skûljen. Sels de drones komme der amper oerhinne. It ienigste wer’t de oerheden no noch mei sitte: ha de toeristen der ek in hekel oan. Nee, want dy gean  wer fuort. Mar se freegje net oan ús at wy der ek in hekel oan ha. Ja, want it bedjerd ús lânskip. Of nee, want we ha al in soad fan dy dingen, dus dy hearre ek yn ús lânskip tús. No ja twa foarbylden fan de moderne tiid. Je kin der net helemaal wat oan dwaan, mar se ha ynfloed op it lânskip. Bliuwt oer wat de boeren op dit stuit dogge. Sy meitsje foar it meast nammentlik ús lânskip. Mar ek hjir slacht de moderne tiid ta. Kuile yn grutte bulten bestiet net mear, it binne rollen. Of pakketsjes dy seach ik ek al. Ik tink dat de boerehelpers harren masjines wol gau allegear oanpasse sille , want dy pakketsjes steapelje noch makliker as rollen. Kuil yn rollen of pakjes. Ferpakt yn faak ljochtgrien suertsje plastic . Net koskiten grien, nee suertsje grien. Docht my al sear oan de eagen. Of poerswart. Noch swarter as Swarte Pyt. Lillik, hie lillik. Docht ôfbrek oan har eigen lânskip. Mar it slimste seach ik fannewike efter Hommerts, mar it sil op mear plakken sa wêze. Rollen kuil, in machtige soad rollen kuil, de hiele wintertarring stie al klear op it lân. Mar yn wyt. Spierwyt. Jak.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s