Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

27 05 14

 

Ferline wike hienen we it yn dizze rubryk oer it Frysk. En dat der trije man dwaande binne om in referendum oer it Frysk te organisearjen. Dat is al in contradictio interminus, want oaren as Friezen referendumje net oer it Frysk, dus dat hat gjin doel. Mar dy trije man ha rjocht op har miening. It bin Willem Verf, Pieter de Groot en Frâns Kuipers. Allegear âld, Pieter âld sjoernalist, Willem en Frâns âld steatelid. Doe krige ik in mailtsje fan immen dy’t skreau dy Frâns Kuipers, is dat deselde dy’t yndertiid Frysk en Frij om sjippe holpen hat. Ik moast wol hiel bot yn it geheugen omtaaste en doe blykte dat Frâns doe yndied sa’n bytsje romte fan syn eigen fraksje krige dat Frysk en Frij net bestean bliuwe koe, mar ik bring my ek noch yn it sin dat Frâns omraak besocht dat jild wol oerein te hâlden. Mar dat sil wol yn de AFUK ferdwûn wêze. Mar it jout dus oan dat wy yn dizze provinsje wat fout dogge, wat fout dien ha. We bliuwe mar tsjin elkoar hottefyljen oer de taal. Eins is dat yn alle sektoaren wol wat sa. En ik wurkje der op dit plak noch alle moarnen fansels bot oan my, ik set guon minsken yn in hoekje, hingje der in earmerk  oan en sy moat mar sjen dat se dat wer kwyt reitsje, en dat slagget fansels net. Want de hiele sjoernalistyk wurkje optheden op dy wize. Eins hie dat mei de striid foar it Frysk nea barre mochten. Want we bin yndertiid mei Kneppelfreed hiel mienskiplik de striid oangien. Mar dêrnei fersakke yn soksoartige dialogen as : fertel my dan ris hoe’t it wol moat, dan dogge we dat yn elk gefal net. Want de striid wie net inkel in striid tsjin it hollânsk, ek in striid tsjin elkoar en tsjin je eigen gefoel. Buorman en buorfrou kin beide geef Frysk, mar omt se de bêrn opfiede yn it hollânsk prate se hollânsk tus. Dat fyn jo miskien neat. Mar sy sels bin miskien ek wol nei folslein oertsjûge dat dy hâlding goed wêze soe. No en redenear dan mar fierder. At Goasse Brouwer fan Frysk en Frij net sa dwers west hie, hie de CDA fraksje miskien wol moed krigen en hie Frâns Kuipers no net net dat affiche oan de holle hân. Gefoel. En no ha’k Goasse ek al wer in earmerkje oandien, dwerspoep. Friezen moasten in perioade wol dwerspoepen wêze om it Frysk te bewarjen. Dat komt omt we mei syn allen hear, hiel mienskiplik, de ferkearde wei folge ha. En noch hieltyd folgje We fechte ús dea foar dat de taal foar folwoechsen oansjoen wurdt, wylst we him sels yn it gebrûk oan alle kanten ôfbrekke. We hienen gewoan soargje moatten dat we der goed, gewoan en mienskiplik yn kommuniseard kinnen hiene. Dat soks maklik giet. Ik doch altyd, je prate altyd tsjin immen Frysk, dan twitterje ik in boadskipke dat foar him of har bedoeld is yn gewoan Frysk. Gewoan. Mar foar’t je it witte is der dan ynienen wer in Fryske twitterdei, dingen kategoriseare. Mis. Friezen bin oer it algemien  hiel gewoane rêstige  minsken. We meitsje ús net sa drok. Utsein at der lju stean gienen en seine: kan  het ook in gewoon Nederlands. Dan waarden we lulk, gefoelich op dat wurdsje gewoon. Wy aaisykje inkel noch omt dy Nico de Haan alles tsjin it Frysk hat. De taal leit gefoelich. Mar we bin wer hielendal oer ús toeren rekke at wy in plaknamme Frysk makke hiene en de PTT woe’m net yn it tillefoanboek sette. Hie dy namme no gewoan brûkt, se hienen no net mear witten dat Roordahuizum ea bestien hie, want der is gjin tillefoanboek mear. Je net drok meitsje om it úterlik fertoan, Wiegel wie in hillige, mar ja hy wie hjir net op syn plak want hy koe gjin Frysk prate. No en. Werom moat in minsk wat yn de publisiteit stiet Frysk prate kinne om hjir te funksionearen. Folle wichtiger dat er it goed mei it Frysk foar hat. Mar it alderwichtigste is dat wy mei ús allen nei ús sels sjogge. Doch net sa krampachtig. Doch  gewoan. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s