Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

28 05 14

 

Yn in folk ha je gewoane minsken en politisi. Dan soenen je sizze dat politisi útstjêrre, mar dat is net sa. Der bin nammentlik hieltyd wer gewoane minsken dy’t politikus wurde. Wêrom dogge se dat. Ik bedoel der bin ek lju dy wurde fuotbalskiedsrjochter. Der sizze se fan dat dy tus neat te fertellen hat en dat se dêrom in fluitsje oanskaft ha, bin se ek in kear baas. De politikus hat gjin fluitsje. Sterker, dy hat hielendal neat mear te sizzen. Jierrenlang sittende amtners riede foarstellen ta, dy wurde troch de lju yn de gemeente behoffene of fuortdondere en de politikus sjout der wat efteroan. Ik ha’t no oer gemeenten, mar yn prinsipe giet it sa provinsiaal en lannelik ek. Dy der efteroan sjouwende politikus wol wat mear en giet dus de striid oan om wethâlder te wurden. Dan ha je nammentlik sa no en dan nochal wat te sizzen, je krije in soad minsken op besite, je gean by noch mear lju op besite en mei wat se jo freegje gean jo dan nei dy der al jierrenlang sittende amtner. Dêrnei giet jo sizzenskip as wethâlder ek wol wat fuort, dan ha je der ek wer te min ynfloed op. It sprekkendste foarbyld is de dyk om Lemmer hinne. Moai plan makke, akwaduktsje, moai wat sinten yn, mar dan sizze guon lju, let wel, guon lju, de roppers, ach dat hoecht net want we ha der lêst fan dat hjir in akwadukt boud wurde moat. En dan is der no gjin oare kar as de stopljochten wat better regelje. En, hoe ûnnoazel, de brêge  net sa faak iepen. Hoe krije dy kroechhâlders yn Lemmer dan boaten foar har kroech. Mar alles wurdt dus stjoerd woe’k sizze troch de mienskip, en dy hat in hiel wat minder foarname rol as it giet om de mienskip dy’t fan Ljouwert in kulturele haadstêd makke hat. Mar wethâlders en ek de deputearre stean der yn harren himd nei in te drokke dyk te sjen, al moat ik dan de Lemsters wer tajaan dat it inkel tweintich freeds sa is. En miskien kin je dêr ek wol mei libje. Mar we ha dus noch gjin ferklearring werom at gewoane minsken yn de polityk gean. Eartiids wie’t, ik ha gjin goed Frysk wurd, beflogenheid, idealisme. Je fûnen wat en je woenen dat der wat mei dien waard.  Sosiaal demokraten, liberalen, kristendemokraten, neo liberalen, fryske nasjonalisten. Dat soarte minsken hienen je. Dan rôpen se je, skuorden je wekker, en dan dienen je mei, en foar´t je it wisten rûnen je foarop. En dan seinen se op it lêst, jo ha de bek sa yn beide hannen, jo moat mar yn de ried. En dat dienen je dan, Tsjintwurdich: belangen. Belangenpartijen. Foar soms in lytse groep, soms sels mar foar ien belang, soms ek mar foar in hiel lyts groepke minsken. Dan waard jo belang gemeentebelang. En sa krij je dus de polityk fan hjoeddedei, werby dy liberkraten allegear ek ynienen belangen sjoen of fûn ha. De gaos is optheden kompleet. Mar ik sil it europeeske ferkiezingsferhaal fan alle senders net neidwaan. Jim harkje allang net mear. Guon politisi wurde úteinlik boargemaster. Hielendal goed giet dat ek net mear, de boargemaster docht tsjinwurdich neat mear as de belangen fan elkenien oarderje, in soarte fan manazjer yn linteknippen en netwurkjen. Mar hjir yn Fryslân hat hy of sy noch ien ding yn hannen. De weryndieling. Dat is sa’n hite en yngewikkelde rjappel, dat wol net ien  ha. De boargemasters weryndiele. Net. En it soe no sa moai wêze en yn it belang fan al dy gemeenten dat it no yn Fryslân út de hannen fan dy boargemasters prutst wurdt. Dat de nije kolleezjes allegear de weryndieling ôfmeitsje. 1 jannewaris 2015 Fryslân lo mei fiif, seis gemeenten, krekt wat kin of net kin. Dy gean  gewoan alfêst draaien, sa’t Marrelân dat die. Dat se pas yn 2018 echt offisieel los kinne ynteresseart ús net. Oan’e gong, wurkje oan mienskip. Stel it belang fan in sterke provinsje no ris foarop. Sadat elk der wer sinne oan krijt en gean de polityk yn. Want dat is us aller belang. En dat we ús yn 2018 presenteare kinne as in folweardige provinsje mei sterke gemeenten. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s