Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

10 10 14

At Jeen van der Berg tiisdei de Ljouwerter Krante krigen hie en dêr yn sjoen hie dat trije fan de fjouwer kommissarissen fan de iisbaan Thialf fuortrûn wiene, dan hie hy fuortendaliks de tillefoan pakt. Hy hie mei direkteur Eelco Derks skille en frege wat der wier fan wie, want lju wer’t in soad oer skreaun wurdt, lykas Jeen, binne fansels altyd in bytsje erchtinkend oer de krante. Eelco Derks hie neat oars sizze kinnen as dat Joop Atsma, Anne Hellinga en Geert Kuiper der yndied net mear wienen, mar dat hy der ek neat oan dwaan koe. Jeen van der Berg wie op syn fytske stapt, nei Thialf. Syn Thialf. Sûnt it begjin yn 1967. Hy wie in man as Rein Zwart tsjin kaam, sûnt jier en dei sa’n alles om alles regelateur op Thialf. Dy komt ek út it hurdfytsen en hy hie sein dat it him fan âld hurdfytsfoarsitter Joop Atsma wol hiel bot tsjinfallen wie, dat hie hy him hast net yntinke kinnen. Jeen wie dan nei de baan rûn, der wie Geert Kuiper dwaande mei trije hurdriders yn in rychje in mass start ride te litten. En Geert hie krekt dien as hie der gjin tiid, en hieltyd sein…., mar ik moat nou de riders dwaan…… en wie dan fuortriden. Jeen wie it hiele gebou trochkloske, mar hie gjin bussen fan Arriva fûn dy’ t skoalbern nei it skoalriden brochten, want dy bussen bin tsjinwurdich te djoer. Dus der wie gjin bussjauffeur te finen, dy’t fertelle koe wer’t Anne Hellinga wie. Dy hat der sels ek wolris muoite mei. En dan wie Jeen de keamer fan it organisaasjekomitie fan de grutte wedstriden opstrúnt, mar al dy mannen en froulju dêrre dienen de hannen al breed, nee Jeen we snappe it ek net. En Jeen soe mei elkenien om en yn Thialf syn fernuvering útsprekke. Mar ek syn soarch. En hy soe mei elk allegear scenario’s betocht ha oer hoe’t it wer goed komme moatte soe. Want dat wie’t ommers altyd se gien, sels al hie Thialf al trije kear fallyt west.
Mar Jeen van den Berg wie siik, slim siik. Hy stoar de oare deis. Dat brocht it Fryske folk en my dus ek, yn de emoasje. De lêste Fries dy´t in alvestêddetocht wûn. Yn 1954. Sjoen syn sykte wie’t wol ferwachte, mar it bringt je altyd wer fan de skonken. Jeen van den Berg. It brocht ús sa yn’e betizing, dat we it parseberjocht fan de provinsje oer de kommissarissen fan Thialf net goed liezen. Dat ha we letter dien. Wat blykte, der stie wol wat yn, mar der stie ek net wat yn. Der stie yn dat Atsma, Kuiper en Hettinga mear te sizzen ha woene yn it fierdere projekt fan it kontrakt fan de nijbou. Se woenen der ek wol in clausule yn ha, dy’t de Lawei wol wollen hie dat se dy hân hiene. Eins wie dat al frjemd, sokke mannen bin Joop en Geert oars hielendal net, dat se har oeral hieltyd mei bemoeie wolle. Hettinga miskien noch wol , mar yn alle earlikheid bemoeit dy him inkel yn syn eigen bedriuw oeral mei en dat mei wol. Mar wat der net yn dat parseberjocht stiet is dat de oare direkteur fan Thialf Willem Jan van Elsacker is. Wie eartiids in amtner fan de provinsje, no eins noch, ferantwurdlik foar de bouaktiviteiten fan provinsiale sinten. En at dy kommissarissen, dy’t der ek út namme fan de provinsje sitte, krekt op syn mêd mear foech ha wolle, benammen omt se de posten mearwurk en boutiid net hielendal betroue, ja dean kom je mei syn allen yn de spagaat fansels. Lit ik it sa mar fersichtich sizze. Want wêrom soe oars de kommissaris fan de gemeente, Piet Nammensma, wol gewoan sitten bliuwe. No ja, Hearrenfean hat belang by dat se útstriele gâns betrouwen te hawwen yn de provinsje , want dan bin se it gauste fan dat ferfelende finansiële tafersjoch ôf.
Foar de safolste kear, en dêrmei soe it no út wêze, dêrom hie de provinsje ommers alles oernaam, mar foar de safolste kear komt Thialf dochs wer te lânne yn in dat spultsje fan do en ik en jimme. Dat is spitich. Watte….. fyftich jier fan dat gedoch is dochs skjin genôch.
Toch Jeen?

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s