Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

17 10 14

Der bestiet hjerstfakânsje. Eartiids wie dat foar de bern. Mar no wienen fannewike sels al dy korrespondinten dy’t ús hieltyd op’e hichte hâlden ha fan it almeugend oantal deasketten minsken yn’ e wrâld, ek frij. No ja, dan komme de Nederlânske media dus net fierder as geâldehoer, gejeuzel. De kleur fan Pyt kin my echt net in hout skele. Folle slimmer is dat wy bliid sjonge dat hy knecht, feint is. Dêr gie ik al fan oer de nekke doe’t ik noch yn Sinterklaas leauwe moast. Mar sels Willem Drees die doe neat. En at alle âlde en âldfuotballers sizze: ach it wie net folle tsjin Iislân, mar dat hiene wy ek wolris, kin barre; en dat de kranten dat dan allegear fertaalden yn dat it âlde hynder Hiddink mar wer yn syn hok moast, al sil dat wol frij riant hynsteûnderkommen wêze, mar jim wurde dus foar de safolste kear troch de media it paad wiisd wat sy fine.
Mar it waard dochs noch in moaie wike, doe’t Sander de Rouwe sei dat de alvestêddetocht yn stân hâlden wurde sil troch it CDA. Hy sei it tongersdeitejûn foar RTL. Want sju Sander sit noch yn Den Haach, hy kin dy lju, hat dy jonges fan RTL noch in goedkeap alkoholslotsje ferkocht, tink ik. Ja joh, dan zitten we goed in de publisiteit. En je litte dus de Fryske media dy’t justermiddei pas in ferkiezingsprogramma krije koenen yn de sigen stean. Mar dat hindert neat, dan friest it noch net. Mar dat sil it wol dwaan hear. O ja. Stim CDA en jo krije froast. Sterker, jo krije in alvestêdetocht. Ik tink ek dat inkel de CDA stimmers dan meidwaan meie. Sju at it dan begjint te friezen, dan struit reserverajonhaad Auke Hylkema neffens Sander allegear houtsnipperkes as bôllekrûmkes yn de Luts en ropt tsjin de einen, net opfrette jonges, dit is foar better en sterker iis. Sander hat ien ding fergetten: bûteniis friest fan ûnderen oan, en hy tinkt seker dat der hieltyd wetter op spuite wurd. Mar at it iis Auke Hylkema net hâldt, dan seker gjin dweilmasjines. 16.000 riders en riidsters oer de Luts. Brêchje, remje. Dus elkenien stroffelt dan yn de alvestêddetocht hieltyd yn dy houtsnippers om, slypapperaten wurde op’e rêch meitôge, flokken wurdt sa gewoan, dat al dy CDA-ers ôfstappe yn harren eigen alvestêddetocht.
Je meie fansels as CDA fine dat in alvestêdetocht goed is foar de útstrieling fan Fryslân. Je meie as CDA hoopje dat je wat faker in alvestêdetocht krije kinne. Mar as je yn je ferkiezingsprogramma sizze dat de meast nuvere innovearjende technyken tapast wurde moatte om soks sa gau mooglik foar elkoar te krijen, ha je grutte krityk op it hjoeddeiske alvestêdebestjoer. Ik kin my namentlik net foarstelle dat dy universiteit yn Eindhoven net nei Wiebe Wieling en Jan Oostenbrug gien is en wol nei Sander de Rouwe. Oars doocht dy universiteit net. En at Wiebe sein hat dat bin ûnsinsnippers, wa is Sander de Rouwe dan no om te sizzen, ja mar sa moat it al. Ja, je meie dat tinke. Mar set it net yn jo provinsiale ferkiezingsprogramma, want de provinsje giet net oer it alvestêdebestjoer. Dus wat je skriuwe yn je programma is gewoan net mooglik. Je dogge it lykwols al, en stel de alvestêddetocht komt dizze winter tafallich al. Hat dan it CDA yn de minske-eagen der foar soarge dat it trochgean koe? Dan ha je de minsken wol heel wat sâlt yn de eagen struit. Hee, sâlt, strui dat dan mar Auke. Wurde de redens net sa stomp fan, omt je net ride kinne.
Mar wat slimmer is, we ha yn maart provinsiale ferkiezings, mar ha no hielendal gjin oandacht foar de rest fan it CDA-ferkiezingsprogramma. En ik ha heard dat der yn stiet dat it CDA seit dat de wynmûnen moai yn de krimpgebieten kinne. Dan bin dy wat gauer leech. Mar dêr ha we it net oer, we lulle inkel oer Sander syn alvestêdetochtgefoelens, sette him hieltyd wer by de Luts del en dêr wenje al kiezers genôch fan him. Goedkeape publisiteit, dy’t de minsken ôfhâld fan de echte ynhâld. Media bringe jim op in sydspoar. CDA Fryslân ferneukt jim.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s