Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

25 10 14

 

Ik mei stomme graach garnalen. En ik ha echt alle garnalen fan de wrâld al preaun. De Nederlânske fyn ik fierwei it lekkerste. Ja, Nederlânske garnalen. Dy kin jim net, want dy hjitte yn de winkel en de folksmûle Hollânske garnalen. Mar in soad dêrfan wurdt fong yn ús Noarderleech, dat se ek wol de Waadsee neame. Dus it bin Fryske garnalen. Mar wy Friezen sette soks nea sa oerdreaun troch, en wy meitsje der dus dan mar Nederlânske garnalen fan. Dy bin wat lytser. Logysk, wy bin as lân ek wat lytser as bygelyks Noorwegen en dat is wer lytser as China, want de Chineeske garnalen bin echt grut. En wol lekker. Ja wy ha se ek wol grutter, mar dan neame we se scampies en dan bakke we se. Mar ik ha´t oer dy lytse Nederlânske garnaaltsjes, sa út inm Noarderleech. Ik ha ek bewûndering foar de garnalefiskers, want je moat wol hiele spesiale technykjes tapassse om dy garnalen oan board te krijen. Je kin net domwei in heakje mei in wjirmke oer board smite, want de garnaaltsjes bin lytser as dy wjirms dy´t se dan opfrette moatte soenen. Sa lyts dat se dus ek fleurich troch de gatten yn de hoekwanten weryn de snoekbears by ús komt swimme. Dy snoekbears is ek frekte lekker, mar dêr giet it no net om. Garnalen. De fiskers libje yn striid mei de grize sokke lju, de milieumaffia seine we eartiids. Hiel aparte lju, dy wolle gjin wynmûnen yn de waadsee, mar ek gjin garnalefiskers, wylst dy dêr dochs foar is. Der mei nimmen ek mar in hânbree nei de Waadsee útstekke, want dan komme se rille gau opdraven mei de hannen fol feroardeningen, de  measte fan dy lju bin amtner wurden. En ja dy garnalefisker moat wol wer ris kofje en graue earte ha, dus dy komt wolris op de wâl en dan rinne der fuort hapsnurkers mei de hannen fol papieren. Dus bin der al sat garnalefiskers saneard, en it is ek net alle dagen fiskjen, want oars bin der net mear genôch garnaaltsjes om ús grize sokken in orgasme te besoargjen. Hoewol ik my wol ôffreegje hoe’t dy grize sokken der dan elke kear wol garnaaltsjes sjen kinne, ik ha se noch nea yn see swimmen sjoen.

De fiskers wol. Watte, dy ha noch noait safolle ganalen sjoen as op dit stuit. Jeetje wat in garnalen. Se raasden sa hurd dat ik al op’e kant stie mei in bakje, want dat pellen hoege dy Marokkaanske froulju net foar my te dwaan, kin’k sels wol, jou mar op. Mar de garnalefisker leit al wer oan de kant en is net iens oan board. Dy giet no folle minder faak te fiskjen. En werom net?  Omt ik dêr stean mei myn bakje. Ik en noch folle mear lju. Want ik wit ek wol, in soad apels, dan bin se goedkeap. In soad garnalen, dan wurde se goedkeaper, en da’s moai, want it normale bakje is net om’e nocht. Mar de garnalefiskers ha mei syn allen besluten dat se krekt net wolle dat it goedkeaper wurdt. Ja, se sizze der by dat de ferwurkjende yndustrie dat ek net oankinne soe, mar dat is baarlike nonsens, de Marokkaanske froulju kin sa hûndert buorfroulju fine dy’t ek wol pelle wolle. En de kuolfrachtweinen kin dochs net nei Ruslân, hjir stean noch wol in pear hûndert fan dy dingen om garnalen yn te ferfieren. Unsin. Likegoed  farre se net út, want goedkeape garnalen dat mei net. Se meie ek net yn de foedselbank komme. Se mei sels net yn Syrië dropt wurde troch de F16ens. Oefral stgean lju mei in soad papier ûnder de earms.

No gean der leau’k al ûndersiken fan start nei gesamelike en dus ûnterjochte priisbepaling yn de garnalesektor, mar in fisker is in fisker en at dy de skouders ophellet en seit ik fiskje net, dan fisket er net. En in oar kin dy fergunning net mear krije tanksij de lju dy’t hieltyd mei dy lapen papieren op de kant stean. No ja, sa is it no. Mar ik leau net dat ik fan’t wykein no sa’n djoer bakje garnalen keapje. Aanst mar om in snoekbearske tink.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s