Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

01 11 14

Ik wenje yn it sudwesten fan Fryslân. No skynt it dat de rest fan Fryslân my útgniist, want al dy wynmûnen komme by my. Mar sa sit it net, oarsom: ik gniis de rest fan Fryslân út. Want at de FNP wol dat it gas wat yn Fryslân út de grûn komt eins fan ús is en dus ek oan ús(Fryslân) betelle wurde moat, no dan moat at dyselde FNP no seit dat de wynmûnen by ús yn it sudwesten komme, dan krije wy yn Súdwest Fryslân toch ek alle fertsjinsten fan de wynmûnen. Boppedat wethâlder Gea Akkerman fan Súdwest-Fryslân hoecht net sa te krimenearen dat dy dingen hjir komme, 98 persint fan de Súdwesthoekbefolking merkbyt der hielendal neat fan. Gjin skaad, gjin slachskea, gjin lânskipsfernieling. No ja en at dan Makkum seure moat oer dat it toerisme werom rinne sil at dêr in pear wynmûnen komme, ach dan kin wy en Akkerman dochs de skouders ophelje. Wa giet foar toerisme no nei Makkum. Wat is der foar moais oan Makkum, inkel dat je dan frekte gau op de Iselmar komme kinne. Mar Makkum, dêr hat dy hal fan Amels, Rotterdams grut, ommers alles al jieren en jieren lang fernield. Boppedat wês ynventief, jim Makkumers. Hûndert fan dy (wyn)pealtsjes? No smyt dêr dan ek hûndert neakene pealfroulju om hinne, sil jim ris sjen hoefolle minsken at nei Makkum komme en de see ynstrûze om sa ticht mooglik by dy peallen te kommen. En al dy lju dy’t no seure: al dy jûnen ynspraak ha fergees west. Werom fergees? Jim mochten ynsprekke, mar dan hoech je noch net gelyk te krijen. Elkenien wit jim stânpunt, leaver mei in fyts mei in âlde dynamo yn de keamer sitte te traapjen om wat ljocht te krijen, dan sa’n pear dinkjes yn de Iselmar. En de natoerjongens moat hielendal de bek net mear iepen dwaan, dy ha fjirtich jier lyn betocht dat we se ha moasten en no krije we se en no mei dat wer net. En de minsken dy’t net wolle dat se lâns de Ofslútdyk komme, fersykje ik ris te praten mei al dy Fryske jonges dy’t yn Hollân wurkje moatte en dei yn dei út oer dy ientoanige dyk moatte, 32 hiel ferskriklike ferfelende kilometers hinne en 32 noch ientoaniger kilometers wer werom. Toch moai dat it lânskip dan wat opkwikt wurdt mei wynpealtsjes. “It waait hjoed aardich Ale. Ja Fryslân fertsjinnet wer in soad jild. En we hoege jûn net te fytsen yn de keamer”.
En it aldermoaist is it fansels, dat je de polityk no wer hielendal betroue kinne. Ja, net te leauwen, de Fryske polityk, teminsten de mearderheid dêrfan, is wer betrouber. Der is yn 2011 troch harren sein we kwakke dy soai yn de Iselmar. Mar dernei bin allegear draeibewegings makke. Want ja at ien ropt dy wynmûne komt hjir net, dan komt dat yn de krante, oar nijs ha we hjir net. Dan komme der noch trije hooligans en dan is it ynienen in aksjegroep, lju ha neat betters te dwaan, en de media dogge dan krekt as dat der in hiel soad minsken sa oer tinke. Dat is net sa, want it kin de measten net in hout skele, mar dan wurdt de polityk benaud, dy tinkt, sa’t dat moai hjit elektoraal. Oftewol wat kostet it ús yn maart oan stimmen, en soene we at we it oars dogge ek mear stimmen krije. No ja, studzjeploegen betinke, debatten. Mar ja, de útkomst derfan wie elk doarp krijt syn eigen mûne en it hiele Fryske lânskip soe bedoarn wurde.
Mar it CDA en PVDA moat no ek net seure dat de FNP har no ûnder twang set hat. De FNP hat net mear sein as: jonges dat ha we yndertiid yn 2011 dochs sa ôfpraat? Want tink jim dat at it CDA en de PvdA echt wat oars wollen hienen dat se dan de FNP net yn’e hoeke smiten kinnen hiene. Fjouwer moanne sûnder Jehannes Kramer hienen se wol oprêdden. Ne, se ha harsels oan de ôfspraak fan 2011 hâlden. Doe wisten wy it al, mar ha we ús de bek hâlden. Dan moat we dat no ek mar dwaan. Boue. Wyn.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s