Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

22 11 14

Al moannen lang sit in ploechje ynwenners fan it âlde Gasterlân mei elkoar om de tafel. Se binne der besoargd oer dat de namme Gasterlân ferdwynt. Dy is al ferdwûn. De gemeente hyt ommers Friese Meren. No at je fanút Gasterlân nei it suden sjogge, dan gloait dêr wol de Iselmar (fol wynmûnen dêrre trouwens, mar dêr hear je se net oer) mar fierder is der niks marrderichs oan Gasterlân. Dus, se wolle Gasterlân werom ha as namme. Doe betochten se wat. Yn Riis stiet ommers noch in grut gebou dat hyt Mooi Gaasterland. Dan moat je lichjes oer it begjin fan Mooi Gaasterland hinne jeuzelje, want yn 1912 is it gebouw dêr deagewoan hinne set as in villa foar rike skevels. Der kaam dus in Haagske arsjitekt oan te pas om de villa stâl te jaan. En se wiene wol fersichtich mei Fryslân fansels, der kaam in soarte ûntwikkelingsmaatskippij oan te pas as eigner, want sa ienfâldich wie it yn Fryslân no ek wer net om sa’n djûr hûs te hawwen. Yn 1925 wie’t dan ek al oer. Jacob Ydema, hy wie in soarte fan doedestiidse wenningboubestjoerder. Hy sette de roomske arbeidersbeweging wêr’t hy yn siet nammentlik oan om it gebou te keapjen. Doe hat it lang tsjinst dien as fakânsjekoloanje. Mar tsjintwurdich gean de bern gewoan mei harren âlders op fakânsje, dus doe naam de jeugdsoarch it mar oer, want ja, der wienen altyd bern west fansels. Mar tsjintwurdich sette bern har âlden út de hûs, dan hoege se sels net mear ferpleatst te wurden. Dus Mooi Gaasterland stiet te keap. Ien of oare ûntwikkkelder hat it wer, it seach der doe yn 2011 wol o sa moai út dat it miskien noch genôch opbringe koe om der winst fan te heljen. De krisis hâlde soks tsjin. Mar dy namme Mooi Gaasterland dat past de lju dy’t net wolle dat de namme Gasterlân ferdwynt o sa moai. Der soe wat mei barre moatte, leafst sa spektakulair mooglik, sadat de namme Gasterlân hieltyd wer nei foaren komme soe. En dus ha se dy ûntwikkelder sa fier krigen dat it no fiif jier ferhierd is oan de sintrale opfang asylsikers, yn it Nederlânsk de COA. No ja dan bliuwt de namme Gasterlân, Mooi Gaasterland noch wol, yn byld, fiif jier lang.

Want dat COA smyt der fansels asylsikers yn. Oer twa moanne al. Fiifhûndert. Fiifhûndert? Fiifhundert!!!! Yn sa’n lyts doarpke, yn sa’n moaie omjouwing, yn sa….. It is eksakt deselde diskusje dy’t we 15 jier lyn hjir ek hân ha. Je doare net lûdop te sizzen “dy lju wol we hjir net ha”, nee, “Natuerlik wolle wy dy lju wol opfange ….. maaaaaaar…..” en dan komme der mear fiven en seizen as dat in earme aow-er op de tennisklub wol. No ja, en Riis moast fansels hielendal net te lûd nee roppe. Ik bedoel se ha dêr Belgen hân yn it âld stienfabryk yn de earste wrâldkriich, sawat in leger ûnderdûkers yn de twadde, letter noch Molukkers, en se fange der no noch simmers en hjerstmis allegear minsken op, dy’t in bosk sykje, Dan hear je by it allerhertlikste part fan de Nederlânske befolking. Mar dat blykt net sa te wêzen. Earst wienen se lulk dat se it yn de krante lêze moasten, en de measte lju ha al gjin krante mear, dus dy misten it alhiel, Mar der wâldet it COA wol oerhinne, hienen jim mar op ús side sjen moatten. En wylst dy mannen dy’t de namme Gasterlân bewarje wolle, deastil sitten bleaune, want alle dagen wurdt der no oer (mooi) Gasterlân praten, moasten se yn Riis wat oars betinke. Fiifhûndert is wol in soad net. Andert, ja mar dy kin der yn. Der ha se efkes neitocht, mar doe liezen ze dat 120.00 minsken yn Ingelân mei harren hântekening derfoar soargen dat in ynternasjonale idioat dy’t manlju útleit dat froulju brûkersguond binne, dat dy net nei Ingelân komme moast. Dus doe stapten wat Riisters mei papierke by de doaren lâns en dy ha se ynlevere by de boargemaster dêr earne yn it fiere de Jouwer. Fiifhûndert hântekenigen. Fiifhûndert? Hoe kin dat. der wenje mar170 minsken yn Riis. Bemoeie oaren har der ek al mei?

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s