Eelkesweblok

0

Een reactie plaatsen

06 12 14
Hans Brand is direkteur fan de Akademy. Mar Hans Brand kin net twitterje. Soks is logysk. Dat moat je leare en dêrfoar kin je net iens terjochte by de Akademy, inkel by de bern. Mar dy bin wolris wat hastich en dan lear je it mar heal. It is dus eins net fertroud ús âlde lju en Hans Brand gewurde te litten mei betelje fia de tillefoan, parkeare, pensioen opsykje fia DigiD en soksoarte fratsen. It is dus ek net fertroud om Hans Brand twitterje te litten. Hy woe nammentlik stiekem tweete, mar elkenien seach iepenbier dat hy Annigje Toering fraksjefoarsitter fan de FNP útnoege. Dat hie hy better oer de tillefoan dwaan kinnen, lykas normale misken dogge, mar ja. No, wy allegear ha ha ha, omt er lulk op himsels waard, mar fierder neat. Neat? At je de Fryske stavering feroarje, dan freegje je op twitter it fjild wat dy der fan fine, skriuwers, ûnderwiis, soksoarten. Mar net de politisi. Dy komme pas at al dy deskundigen west ha. Mar Hans Brand twittere allegear politisi. En omt soks dus no bekind waard, ha dy allegear mar gau ja sein tsjin in idioate staveringswiziging dy’t troch in klaaiFries betocht is. Dy wiziging is noch yngewikkelder as in tweet fertsjoere. Dêr moat je folle better oer neitinke as twa kear wat bejeuzelje op de Akadeemje. Dêr moat je it fjild foar yn. Dan lear je dat je bûstillefoan tenei mei o-e twittert. Mar Hans Brand hat net by de Omrop west en wy skriuwe hjir noch mear Frysk as Annigje Toering.
Want Annigje moat nije wike wat oan it ryk fertelle en minister Kamp kin gjin nije Fryske stavering lêze. Annigje moat nammentlik tegearre mei al har oare kollega’s yn provinsiale steaten oardiele oer de wynmûnen en dan in bryfke yn it Nederlânsk stjoere: er komen voldoende megawatten daar en daar te staan. Wêrre? Dêrre. En dan wize se allegear net in oar plak. It wie sa moai dat it kolleezje fan DS sein hie: we hâlde de ôfspraak fan 2011 oan. Ofspraken bin nammentlik bedoeld om je der oan te hâlden. Dêrom meitsje jo ôfspraken. Mar Sander de Rouwe smiet de ruten yn, ferline wike sneon. Hy is pas oer in pear moanne CDA-listlûker yn de ferkiezings, mar hy hat it blykber dêr no al foar it sizzen. Hy joech dus oan dat de wynmûnen in ûnderdiel fan dy ferkiezings wêze sile. Mar dat wol Kamp dochs net? Dan moat Kamp akkoart gean mei de Ofslutdyk. No seit Kamp, dat is net genôch. Take it or leave it, sei Fryske Sander. Hy hat as CDA-Keamerlid fansels in hekel oan elke minister, dus dêr kin we noch in soad wille oan belibje. No ja, doe begûnen alle polityke partijen der yn om te griemen dat wykein, want it fuotbaljen wie dochs neat, en dus is chaos no de útkomst. En doe hat John Jorritsma de fraksjefoarsitters efkes by elkoar roppen. Dat docht hy fansels wol faker, mar it frjemde wie dat hy it no net stiekem die, krekt as oars. En it wie ek net tafallich, want hy kin omraak twitterje. Mei opsetsin dus. En dan net sizze: jim moatte de chaos wer ta gewoan ja/nee meitsje, dan begripe de minsken it. Want dat docht elke kommissaris sa no en dan stiekem wolris, benammen Wiegel wie dêr tige goed yn. Mar Jorritsma no dus lûdop en hy gie op de stoel fan Kamp sitten. Hy sei nammentlik dat dy Ofslutdyk net oannaam wurde sil. En dat de steaten dus in oar beslút nimme moatte as at no liket dat se nimme sille. Sju, je kin mei Jorritsma ynstimme dat at elkenien him oan de ôfspraken hâldt, dat dan de wynmûnen yn de Iselmar en de kop Ofslutdyk komme. En ôfspraak is dochs ôfspraak. Mar yn de polityk mei je ek voortschrijdend ynsicht ha, dat komt dan fan wat gewoane lju fine. En dan mei je as kommissaris net op foarhân sizze dat mei net. Dat is foar in kommissaris net goed. Mar omt er it no iepenbier die, fyn ik it eins ek wol wer moai en earlik. Hy lit ús no nammentlik al sjen de striid mei takomstich deputearre Sander de Rouwe wol oangean te wollen.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s