Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

13 12 14

Nije wike wurdt de heak iepene. It sil net in ynwenner fan Fryslân ûntgean, want wy sjoernalisten meitsje dat echt wol kenber, want we moat ek elke dei sels nei Ljouwert en dan sjogge we hieltyd mei langstme nei dit wurk. Nije wike. De heak om Ljouwert, sizze lju. Da’s net wier, hy leit der ûnder en in lyts eintsje njonken de kulturele haadstêd. It is benammen op Werpsterhoeke in ymposant wurk. De bouers bin ek grutsk, sa no en dan sjoch je sa’n oranje jaske op’e knibbels op in stikje dyk dat noch net iepene is, en dat poetst hy dan mei in doekje noch efkes op. Dan giet je dochs as lânsridende sjauffeur in waarm gefoel troch it liif. Dat waarme gefoel wurdt wer wat fuortstrutsen troch it gefoel dat je noch hieltiid net eksakt witte hoe’t je der aanst ride moatte. Hoe’t it presies oan elkoar breide wurdt, je ha noch gjin noasje. Derom ek dat se dit wykein der in rin ha. Dat se de bern der basketbalje litte, dan kin dy oan heit fertelle wêr’je aanst lâns moatte. It is no in orgastyske soai asfalt dy’t der sa yngewikkeld mooglik delsmiten is. Sa liket it. Ja, der hingje hjir en dêr buorden boppe de dyk, mar dêr ha se hjir en dêr dan ek wer teksten ôfplakt. Ferline wike kaam ik ris fan de dyk Boalsert-Ljouwert. En ik moast nei it wurk. Dat wurk stiet yn Ljouwert, dat ha se my 40 jier lyn ferteld. Dus ik folge de buorden Ljouwert. Mis. Dat hie net moatten. At je nei Ljouwert moatte yn elk gefal nét de buorden Ljouwert folgje. Ik ferdwaalde op it lêst op it yndustrieterrein de Swette. Ik hie Drachten Hearrenfean folgje moatten, mar ja dêr hoegde ik net hinne.

Lit jim ek net besoademiterje at se sizze dat it allegear klear is. Dat is it net. Je komme Ljouwert yn, dan moat je nei ienbaansdiken en der libje yn dit lân noch hieltyd te folle hufters dy’t foardringe ritse neame. En al dy wegebouwers moat ek wurk hâlde, gele buorden bin ús foarlân. En at je jûns wer by je wurk weiwolle fan de Hemrik kom je yn in lange rige dy’t net oer it Drachtster Plein kin, want dêr bin fierstentefolle auto’s. En de brêge is oan ien kant in stikje ienbaans dyk. Dus avesear no mei dat akwadukt, mar ja dat dourret noch wol efkes. Yndertiid ha se dêr sân delkwakt, en doe hat in boer, dy’t krekt postro hân hie, der pisse en no is it sa bonkehurd, it is der net wer wei te krijen, De histoarje is noch altyd baas. Dus ik riidt mar om dat ôfslaande ferkear hinne, en sko fersichtich nei de Van Harinxmabrêge. Dat falt meast wol noch ta, in kertierke ekstra. En wat dêr ek sa moai oan is: je komme op in fyftich dykje lâns Goutum. In fyftich dykje wer’t se benaud binne dat de plysje kontroleard. Dêr kin je dan omraak trochride, ten teken dat al dy lju dy’t oeral te hurd geane, dat dy foar de fertraging soargje. Sjoch rotonde de Jouwer. De dyk lâns Goutum hat ek noch trije kear stopljochten. Net slim, en dan de fryske betsjutting fan slim. De earsten stiene der altyd al, mar dêr komt aanst net mear in hûn, dat ferkear wurdt allegear ôfheakke. De twadde rige ljochten fanôf Ljouwert ferwize nei Goutum Zuid. Nee, Goutum Sud. Ek noch yn it Frysk. Goutum Sud. Wat is dat. It krematorium? Nee dat leit oan de oare kant, by Swichum. O, Goutum Sud is fansels dat Techum, dat soadsje nijerwetse hûzen wat al ús skriezen dêr ferjage hat. Mar at je by it tredde stopljocht komme, stiet dêr Techum. Dus, no’t de heak komt, is Goutum Sud ûntstien. Fryslân hat 419, nee 421, Ezonstad en Techum bin der by kaam, Fryslân hat 421 doarpen. 420 ha oan ien ynrit genôch. Mar Goutum hat twa. Lju dy’t yn Goutum Sud wenje, kin net mear oer Goutum Noord, kin net oer Techum. Want at je in heak ha, ha je standing.
Goutum Sud. Bliid dat de heak net oan Snakkebuorren sintrum ta komt.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s