Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

03 01 15
3 jannewaris. Ferdomme, 18 jier lyn stiene we oan de foarjûn fan in alvestêddetocht. Moaie dei wie it de moarn fan doe. Wylst we it jier derfoar fêst ek ien hân hienen at se doe yn Starum mar net sa omkloate hienen mei dy tocht nei Enkhuzen. En no? Moai op wei om it âlde rekord fan tusken ‘63 en ‘85 te brekken. De gjin alvestêddetochtperioade. It wol foar gjin meter. De wyn sit de hiele simmer , watte fan maart oant novimber yn de easthoeke, mar ’s winters in konstante stream út it súdwesten. We ha’t wol faker hân: dikke winters yn Amerika en Ruslân, no dan sitte wy yn de hjerst. Of yn de griemerij lykas no. No ja, dat wurdt dus net in dei sjen nei foarbyridende allerhande kleurde hesjes. En dat hoecht ek net.
3 jannewaris. Moandei giet alles wer oan it wurk. Mar op de gemeentehûzen ha se gjin tiid foar nijjiershantsjes of sels mar elkoar in oaljebolletút te jaan. De tillefoan stiet readgloeiend. Der stean allegear lju mei eagen derút, nekwûnen, gatten yn’e bealch troch bierfleskes der ynslein, no ja sokken. Dy stean by de dokter, mar dy wol earst witte wa’t it allegear betellet. Bejaarden bin al fiif dagen yn’e steek litten troch ûntsleine fersoargsters. Mantelsoargers hienne mei de jierwiksel wol wat oars te dwaan. No ja, dat wurde dus op de gemeentehûzen gjin nijjiersslokjes. En dat hoecht ek net.
3 jannewaris. De Twadde Keamer is op wintersport. Of op Curacou. Of gewoan tús. Mar se meitsje yn elk gefal mei de sibben in gatsje yn it alleszins redelike salaris wat se ha. Earne yn’ wrâld op in lyts elitêr prive eilantsje yn in de waarmte sitte de direkteuren fan sikenhuzen en wenningboukorporaasjes. Dy ha it nammentlik dreger om fan de sinten ôf te kommen, want se ha tefolle. Dat fynt elkenien yn dit lân. Utsein de VVD-ministers Schippers en Blok. Dy sitte, tink ik, dizze fakânsje nammentlik ek op dat eilantsje. Want dy seine ein desimber dat se it net rêdden om foar 1 jannewaris te regeljen wat wy mei elkoar besluten ha. Nammentlik dat dy patsers no eindelik in kear in normaal salaris fertsjinje en yn elk gefal net in jiersalaris mear as in minister. Mar no ferdomt de Twadde Keamer it om derfoar werom te kommen en dat makket ek sokken as de PvdA wer like swart as at se eartiids read wiene. Sorry Jannewietske mar ik stim yn maart foar de earste kear yn myn libben oars. Want it wurdt dus wer in jier trochgean mei de ûngelikesens yn de mienskip. Der bliuwe twa wrâlden, en dat hoecht net.
3 jannewaris. Frjemd, de carbidbussen ploffe noch. En al dy jongens bin no dochs wol dronken, oppakt en oan de biezum setten om alles op te rêdden. O nee, jonge, dit is Syrie, dit is Irak, dit is Israel, dit is Koerdistan, dit is Palestina, dit is Mali, dit is Soedan, dit is Oekraine, dit is Afghanistan, dit is Pakistan. Dit is …… dit is de wrâld. Dêr is it no gewoan en sjit elkoar foar en troch de harsus at je in oar leauwe ha. Geastlike lieders en wapenhannelers wriuwe har sels fergenoegd yn de fize hantsjes en skriuwe lange parseberjochten de wrâld yn om te melden dat it mei de oerbefolking de kommende tiid wol wat tafalle sil. En wy sette de oaljekoekeskaaltsjes yn de ôfwaskmasjine en sette de radio wer út, it topsafolle gedoch is ommers dochs wer foarby. De rest fan de wrâld kin ús neat skille. En dat soe net sa wêze moatte.
3 jannewaris. De earsten ha al wer skille. Dit moat noch. En hasto ek? En moarn moat we….. We libje no al wer hastich. Ik riidt nei Earnewâld. Dêr stie eartiids al in kafee, fan de heit fan Jeen Wester. Dat kafee hjitte Efkes Lins. Eins wol’k dêr efkes sitte. Bekomme. Efkes Lins. Mar der stiet no op Wester eten en drinken. En it is ticht, it wurdt ferboud yn de tradysje fan de Westers. Ik krij dus gjin lins mear. Sels net efkes. En dat soenen we wol ha moatte.
3 jannewaris. It jier is no al nei de kloaten.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s