Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

10 01 15
Tweintich deaden yn totaal. Ferskriklik. Sjoernalisten ek noch wol, dat makket it leau’k noch slimmer. Inkel begryp ik de wrâld net mear. Der wurde ommers rûnom sjoernalisten dea makke, se meitsje dêr ek noch You Tube filmkes fan wêroan IS fertsjinnet. Mar de wrâld beweegt net. Ja wy jodelje in pear âlde ôfskreaune F16 derhinne. Mar no, no’t dit yn Paris barde, no stean we oerein. Want se komme no op ús hiem. Us spotprintewrâld. En dat mei net. Fuort, de bile der yn.
Wat is it by sa’n opskuor yn de wrâld dan moai dat wy hjir yn Fryslân o sa sêft en beskieden yn de rûnte blaffe litte troch in hantsjefol boargemasters, dy’t mar ien kear yn it jier sels betinke wat sizze meie. No dan batse se der yn. Ik bedoel, mei in reade hazze yn it logo jou je echt oan dat je je oerjoue oan Hearrenfean en dêrmei ûnder de tekkens wolle. Of Sicko Heldoorn dy’t ynienen seit dat it wol moai is dat Dantumadiel op‘e fingers tikke is troch de rjochter, echt bliid, dan wit je teminsten hoe’t it sit. Krekt as betink je wat en moat je dan earst de rjochter freegje at it wol doogt. No sok praat.
Dat fynt Gerard van Klaveren ek neat. Dus hy betocht echt wat aardichs, hy wol net in ljipaai mear ha. No is dat by Gerard logysk, hy mei it ek net. Doe´t er yn de steaten ris muskusrottesop oanbean krige rûn hy fuort, wylst er oer de nekke gie. Hy is net in wyld man. Nee ik sei net wylde man, want dat is hy ek net. BFVW leiter Algra wie sels útnoege op de nijjiersresepsje fan Weststellingwerf om it arrest fan Van Klaveren oan te hearren. Mar Gerard woe wer net mei Algra yn diskusje, want hy wit neat fan ljippen, lit stean fan harren aaien. No wit Rendert dat ek net, dy tinkt noch altyd dat je inkel neisoarchje at je earst as in wylden it lân leechklaud ha. Van Klaveren hie trouwens it bêste sizze kinnen dat hy it yn dizze tiid dochs wol hiel freeslik fynt dat noch altyd dat byld bestiet fan dat earme aaisikerke dat syn aaike oanbiedt oan de boargemaster , de rike man fan it doarp en dan in heal jier wurklean krijt, in tiensje. Mar dat tinkt Van Klaveren hielendal net, hy is ommers VVD-er.
En hy hie ek it alderbêste noch in pear moanne wachtsje kinnen, want dan hy hy sizze kinnen, no jim kin’t it net iens fine , ik ha noch gjin earste aai krigen. Want de ljippen wurde alhiel ferballe út Fryslân en dan nimme se de Stellingwerven wol mei. It greidelân yn Fryslân hat nammentlik nije bewenners. Mûzen. In almeugende soad mûzen. Mûzen fan fjouwer wike gean nammentlik al mei elkoar op bêd en dan krije se frij ga jongen. In hiel soad. En se kin likernôch sân, acht kear per jier wer mei in mûzeman op bêd. No tel mar op. Mûzen ferpeste it lân, frette al gêrs op en wy domme boeren ha de guozzen net leard mûzen te fretten. Der bin al boeren dy ha sa’n 70.000/80.000 euro skea; se kin neat. Mar it moaie is dat har natuerlike fijan, de Algra-aaisikersbrigade mei in doctrine, ek neat kin. Want de ljip dy fljocht oer de wjuk. Komt dêl op in moai strypke, al is dat wol wat brúnich. Mar it sicht is goed en de ljip fret dochs gjin gêrs, mar ynsekten. Mar dan leit er it aai yn syn nestke en dan komme de oare moarns der ynienen tsien, tweintich mûzen nijsgjirrich der om hinne stean. Wat is dit. In bom fan de IS mûzen. Nee, der tikket neat. Dan sjoue se dat aai der mei syn allen út, keapje in bakpanne en bakke it aaike. Soms hoecht dat net iens, dan sakket de grûn ûnder it ljippenêst samar nei ûnderen as wennen we yn Grins. En dan sakket it aai, Van Klaveren syn aai nota bene, samar de mûzehoalen yn. Dus nei in pear fergees delskiten aaien , giet de ljip nei Sweden en leit dêr de oare trije. En wat moai. De boargemaster fan Malmö wol se ek net ha.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s