Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

17 01 2015

“Hat dy frekte jongste fan Bauke wat fan dy rotsjetroep fan âldjier oerhâlden, en dy stuts er yn it healtsjuster oan, leave , no ik wie alhiel fan’t sintrum. En dy rottige Bauke hat sels wer jarre oer de igge hinne yn de mar griemt. En syn soan struide earjuster noch mûzefergif oer de ekers, ik wol ferdomme gjin kouefleis mear ha. En gjin molke út it jaar. En syn snoaske hout hieltyd hiele stikken út’e skuorre, smoarfal fan dy asbestgoarrerommel. “

It is dudlik it gesin fan Bauke doocht net. Watte, hy hat syn nocht, hy skillet.

“Picon!!”
“Pi…. con watte? “
“Met het Picon yn Emmen”

“Neu jong, dan bin ik ferkeard ….”

Emmen. Hoe kom ik dêr no by. Noch in kear

“Picon!!”
“No ha’k jim wer. Wat foar tillefoannûmer ha jim………. te-le-foon-num-mer……….ja dat is goed. Mar ik moat de plysje ha, want jim kin my net stypje …….. eeh jullie kunnen mij niet stipen……..eeh helpe…… o wol. No sju want it giet om Bauke……..”
“Bauke wie?”
“Ja, Bauke fan Jeltsje Sanger…… hy wennet hjir deun by op de âlde pleats fan Jilles Klompe……… wat siz je….? “
“Waar is dat”
“No ik bin fan Sebrandebuorren………… wêr’t dat leit…. no tusken Tersoal en Goengea…….”
“Is er ook een grotere plaats in de buurt? “
“Grotere plaats………no ja Snits. Snits! Eeeh Sneek”
“U woont vlakbij Sni …. Sneek?”
“No, ticht by Snits, ik wol’t net alle dagen fytse, ek fiertstente skrousk optheden, ik rydboskje al at ik der oan tink”
“U gaat met de bus”
“No we ha hjir de lêste tweintich jier net in bus sjoen……mar dêr woe ik it net oer ha., ik skilje oer Bauke………o ja …. ik bel u over Bauke. Sju it kin my ek net in soademiter skele at se hjir yn Fryslân jir en dêrre wat wynmûnen delskite, se dogge mar en ik wol der ek noch wol in habbekrats oan fertsjinje. En at der is immen dy’t efkes by de pot delmiecht, ach dat is ek net sa slim. Nee, dêr ha jo gelyk oan, dan is hy net slim, mar dat is wol slim. Mar jim moatte altyd by Bauke om’e hoeke sjen, want se dogge dêr sa’n soad ferkeard at je nei it miljeu sjogge…… ja ik sei miljeu, dêr bin jim dochs fan. Mar jim moatte dêr net efter jim skermkes sitte, jim moatte nei Bauke. Want jarre yn it kanael…….. Jarre, kouestront. Ko-e-stront. Dy bisten ha nammentlik net in skythûske, en dy boer hat it net oan tiid en rin dêr mei in plestiken pûdsje en in skepke efter oan……En at der ris in slingerke yn de feart komt, dat let dat ek neat, mar kroaden fol, dat kin net. Doede Fisk hellet foar ús dêr ommers de snoekbearskes wei. En dan de mûzen. Fansels, ûnrant, se ha hjir en dêr de greide ek al plas/dras setten om se te fersûpen, en se ha fansels aanst wol de hiele maaitiid nedich om de saak wer goed yn te siedzjen, it docht allegear hartstikkene sear, mar om der no ferkearde mûzebiks oer te struien dat wol my net oan dat soks kin. Ik bedoel der stean dy kij fan Bauke simmers wer yn om te fretten, en dan krije wy it allegear yn de molke wer werom. En no sûp ik net safolle molke mear, mar ast dy famylje hast fan Durkje Eiberts, no dêr ha se wyks wol in mingel as fjouwer, fiif…… hallo!, hallo! ……. Neat mear. Hollanders !!!”.

Picon is it miljeualarmnûmer, ek foar de minsken yn Fryslân. Picon sit yn Emmen. Jim begripe dat de winsk ûntstien is dat se dêr yn elk gefal Frysk ferstean. Se wolle it ek noch wat prate kinne. Dat soe foar ús net hoege. Mar se soenen wat ha moatte wat se nea krije sille. Witte hoe’t de minsken op it plattelân yn Fryslân libje.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s