Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

31 01 2015
It fallisemint fan Akwa Zoo joech fannewike suver noch mear spats as dat fan de Sionsberg. Want dat koenen we wol sa’n bytsje oankommen sjen. Mar net dat we ús otters net mear betelje koenen. No lies ik trouwens dat dy otters net fan Akwa Zoo wienen, mar fan Palmary Parcs. En da’s in ynstelling út Zutphen. Tsja, dan bin dy otters gauwer by ús wei as dat se in kear de A6 oerstekke op syk nei nije fiskersfûken. No, ja likegoed, elk wol it park wol ha, dus komt der ek wol in trochstart mei in McDonalds derby of sa en dan hoege we dy otters net nei de Sionsberg te bringen.
Mar it is wol in oanslach op ús natoergefoel. Earst triuwe we de ljip syn aaien nei de streupers, dan klauwe de mûzen ús moaie greiden stikken en dan ek noch ús skitterjende sjoprodukt de otter yn’e fernieling. En je bin as natoerminsk hielendal fan de wize, at je sjogge dat op de selde dei at yn de krante stiet dat de otter it dreech hat, dat hjir likegoed al rille gau in JSF komt.
In JSF. Da’s in F35 . In fleantúch. Dat komt hjir gau, want dan kin de lju yn Jelsum en Koarnjum der fêst wat oan wenne. Oan it lûd. En o ja, we moat noch wol de start- en lanningsbaan noch wat oanpasse dêr op de fleanbasis, dat stiet der ynienen by. Dat betsjut yn gewoane minsketaal dat dy F35 twa kear sa grouélich is as de F16. No ja, dat jouwe de sifers dus ek al oan. Start- en lanningsbaan oanpasse. Sil we de startbaan dan wol dwaan en de lanningsbaan net. Dan bin we ek gau wer fan dat letterlike gedonder ôf. Skandalich. Dat de Fryske polityk dêr net mear tsjin oanskopt. De earste bom dy’t de tsjinstanders aanst op Nederlân smite sille komt op de Ljouwerter fleanbasis.
Mar de Fryske polityk fiert feestjes. Fannewike waarden we opsadele mei de nijste ferkiezingsstunt fan ja-ja-jannewietske. It wie dus in ballefeetsje, want we krije no ommers aanst in universiteit. Ja we moat dat earst tsien jier sels betelje, mar we krije in stikje Grinzer universiteit. Wit je wol, dêr liede se lju op dy’t mei in klappperpistoaltsje de hiele NOS platbombardeare. Universiteit. No ja, dat ek net: university. On the campus. Dat bin nije Fryske wurden dy’t net iens troch myn staveringshifker komme. Logysk , dy is fan de Fryske Akademy, en wittenskip en ûnderwiis ha noch nea goed kinnen. De staveringshifker wit net dat se hjir yn Ljouwert op dy HBO’s en heale university de hiele dei ingelsk lulle. En mar goed ek dat se dat kinne, want der wiene in pear lju dy fûnen in brief yn Tresoar en se koene dy lêze omt se goed ingelsk koenen mei in Amerikaansk aksint. En doe blykte ynienen dat dy bryf fan Roosevelt wie. Franklin D Roosevelt wol te ferstean, de man dy’ t yn syn rolstoel Hitler fersloech, sadat wy fannewike 70 jier Auschwitz betinke koenen. Ja, nee dat diene wy yn Fryslân net. Wy fierden inkel dat we in bryf hienen fan Roosevelt. Ja it wie noch in postsegels sammeljend jonkje, mar dat let neat.
Sa fine we alles út oan ûnwichtige dingen om dizze net noflike dagen troch te kommen. Sa waarden we ek wekker skodde om ek noch mei Grins gear te wurkjen. Dat is in provinsje wer’t in auto de sleat yn riidt en dan komme der in brânwarwein en in ambulanse oanstouen en dy gliede dy sleat der dan moai njonken yn. Sa’n lân is dat. En wit jim wat we no tegearre dwaan moatte mei Grins. Whisky stoke. Ja, en wethâlder Henk Deinum set er ek noch syn oantrun ûnder. Der wurdt yn de wrâld safolle whisky sopen dat der te min whiskykrûden bout wurde. En no ha’se útfûn dat soks gedije wol op Grinzer en Fryske klaai. Ja, wy krije njonken de mais no ek ljippen yn de brouwgerst. Ja, yn it Frysk is dat broukoarn, mar dat begripe Grinzers net. Brouwgerst. Der is al 175 bunder regele. En dy boeren dy’t dat dwaan sille, wiene fannewike efkes by Us Heit yn Boalsert. Se bin noch net tus.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s