Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

07 02 2015
Deputearre Jehannes Kramer wie wakker grutsk op de natoer fan Fryslân fannewike yn de einbalâns fan it kolleezje. Mar doe hie hy noch net heard dat in hûn trettjin skiep deabiten hie yn de Jutryp. Dat is wol logysk hear, dy katten komme elke kear ek mei de bek fol mûzen út it lân, dan wol dy hûn ek wat. Dat Jehannes joech him fol fjoer oer oan in hearlike jûn fan King of the Meadows, wie gjin wurd Frysk by. En hy dûnse mei steatsiktaris Sharon Dijksma om de natoerboeren hinne. Wat moai, wat moai. Fannemoarn jout er him wer del want it is glêd. En syn tinzen giene oer in oar, wat balstjurricher, tema fan syn natoer. De goes.
Sels yn de natoergebieten fan it Fryske Gea en Steatsbosbehear mei der no op sketten wurden. No hoege jim dêr net echt fan te skrikken. Se wienen dêr ek al jierren dwaande om guozzen te fermoardzjen. Mar dat wie net sichtber. Skodzje en prikke fan de aaien. Tûzenen aaien. Abortus. No wurdt it moard. Paf paf. Yn natoergebieten sels. Ja net altyd, mar in pear moanne. En der moat ek gjin oare bisten lêst fan ha. At de slobeinen en de hoannebiters roppe dat gesjit moat ophâlde, dan moat al dy natoermannen dy’t oant de earmtakken yn it bloed omrinne, nei hûs. En ûnder de does. Dy jagers ha trouwens ek altyd in man fan Steatsbos of Fryske Gea by harren yn’e skuon stean. Dy moat wize nei guozze pearkes. Fereale pearkes. En dan wurdt inkel ien fan de beide sketten. Dan kin dat pearke net mear pearje. No is it wol muoilik om út te meitsjen at sjitte wol nedich is. Dat moat foardat it pearke feild hat. Feile dat is fûgeltsjetaal foar neuke. At se it al dien ha, dán moat it famke sketten wurde, want dêr sitte de aaien yn. Mar je kin ek net inkel guozzefroutjes fermoardzje, want dan krij we in manljusguozzefolk. Dat mei net fan de froulju yn de Twadde Keamer. Boppedat stjêrre de guozzen dan út en dat is no ek wer net de bedoeling fan de natoerorganisaasjes want dan krij se gjin jild mear fan de Partij voor de Dieren foar otters of sa. Dus bêst nuodlik wurk. Ek al at at twa guozzen oan it krûpen binne en dan de kûgel yn de goede goes krije, poe.
Natoerwurk is priegeltsjewurk. It Bûn fan Fryske Fûgelwachten hat leau’k in wizzkidsje yn´e klup. Dy hat in pear jier lyn betocht dat at je as aaisiker in aai fine dat je dan earst appe moatte. Dan seit de BFVW dat it goed is en dan pak jo it aai en dogge dat yn de pet. No hie de wizzkidd net betocht dat je wol aaien fine kinne, mar net appe. Rekkenje mar dat der trije kear sa folle aaien oppakt binne as dat it BFVW/appke sei dat der leinen. En de BFVW wist dat sels ek wol. As straf kaam de nije regeling, net aaisykje. En dus kaam de wizzkid mei in nij appke. In gps-appke op jo tillefoan. Dus at je wat fine, klik klik en de BFVW wit wer’t it nêst leit. Watte, we witte it allegear. Dus guon helje dat nêst noch stiekem leech. Want in ljipaai bliuwt in ljipaai en guon misken mei se wol. Mar it appke is eins foar de boer. Dy boer sit op syn trekker want dy moat eins it lân skuorre om dy ferhipte mûzen der ôf te krijen, mar ja dy frekte ljippen sit der noch en dêr krij je ek jild foar en foar dy mûzen net. Dy boer dy moat dus yn de trekker om dy aaien hinne ride. En dy krijt dus wylde toanen om’e holle at hy sa’n nêst nadert. Moai toch. En de BFVW tinkt dat se no presies witte hoefolle ljippen bern krigen ha.
It is noch net hielendal sa, mar takom jier sil de melding fan it GPS appke ek nei in aaisateliet gean. Dy hâldt it nêst dan fierder yn’e gaten. En at der in fox of mûzebiter by komt, wurdt der fanút de sateliet op sketten. Want sju, at it yn de natoergebieten wol mei om in bist dea te sjitten, ja, dan mei it yn de natoer ek wol.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s